2,382 datasets found
Dutch Keywords: dier Place of Narration: Harkema
Tsjoensters foroaren har yn katten.
nl.verhalenbank.25727
Froeger seinen se: as jo op in kikkert traepje, dan bigjint it to tongerjen.
nl.verhalenbank.26352
It skiep is it heilichste dier. Jezus wurdt as in laem foarsteld.
nl.verhalenbank.12326
In hin hat gauwer in mudde hjouwer op as in hynder.
nl.verhalenbank.33090
In tsjoenster kin har yn alle dieren foroarje, it meast yn in kat, ek wol ris yn in geit en soms yn in koe.
nl.verhalenbank.28665
Heit fortelde: In man en in frou fan Droegeham hienen to jounpraten west. Doe't se weromkommen, kom der har in houn op side, sa'n grouwen as se noch noait sjoen hienen. Mei greate egen. 't Wie in pleachbeest. Hy wie mar net by har weigong.
nl.verhalenbank.28510
In tsjoenster koe har yn in swarte kat foroarje.
nl.verhalenbank.33650
Fan 'e sawn dochters is ien in nachtmerje.
nl.verhalenbank.15619
Oan 'e Rysloane yn 'e Harkema spûke in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.28598
Trapet men op in pod, dan bigjint it to tongerjen, sa woarde ús froeger foarhâlden. Guon leauwe dêr noch yn.
nl.verhalenbank.28589
Alle Tet koe har yn in kat foroarje. Net yn in skiep, lyk as Jehannes Jager sei, hwant in skiep is heilich: het lam Gods. In kou en in okse binne ek heilich.
nl.verhalenbank.12327
It skiep in in heilich dier. Dat spoeket noait. Dêr kin de duvel net yn komme. Jezus woarde as in lam to slachtsjen lein. Dêr komt it fan.
nl.verhalenbank.20035
Der wie in man dy kom by de boer om to freegjen hwer't Sterke Hearke wie. "Hwer kin 'k him fine?" frege er. De boer sei: "Hy is hjir net by de plaets, mar hy is dêr op 't lân oan 't ploeijen." Doe kom dy man by Hearke. "Binne jo sterke Hearke?" frege er. Doe die Hearke it hynder foar de ploech wei en stuts de poech rjocht foar him út, mei ien hân. "Ja...
nl.verhalenbank.28922
Der binne hazzen, dy kinne se noait deasjitte. Dat binne tsjoensters.
nl.verhalenbank.25802
Der stie in hoanne boven op in rak mei linnenguod en dy kraeide: Ik ben koning over deze woning. De hin siet yn it rak, dy kom gau nei bûten ta. Hy stuts syn kop nei de hoanne ta en sei: Ja, als ik niet thuis ben, zegt moeder hen.
nl.verhalenbank.33086
Dy en dy moat net nei 't fé ta, hwant dan komt it net goed, seinen se froeger. Dêr bidoelden se guon mei, dy hienen de kweade hân. Sokken makken it fé siik.
nl.verhalenbank.29343
Alde Tet fan 'e Bulten yn 'e Harkema wie in tsjoenster. Sy koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.29347
Tsjoensters koenen har yn in kat foroarje. Dy katten hâldden soms in forgadering. Dan wienen se oan 't psalmsjongen.
nl.verhalenbank.25769
In pleachbeest is in grouwe houn, dy't de minsken thús bringt. As se de doar iepen dogge, is er ynienen fuort. De minsken binne der bang foar.
nl.verhalenbank.28808
Hindrik Pyk hat ek ris in kear by Albert van der Veen west. Doe kom er ek by 't bern dat yn 'e widze lei. De oare deis wie 't bern siik. Hindrik Pyk wienen wy as bern tige bang foar. Wy doarsten net by him op 't hiem to kommen omdat it in tsjoenster wie. Syn skoandochter Jitske hie 't himd altyd omkeard oan, oars koe Hindrik har miskien ek wol bitsjoene,...
nl.verhalenbank.33409