1,829 datasets found
Dutch Keywords: dier Place of Narration: De Westereen
Der woarden by ús froeger noait fremde minsken by 't fé litten. Guon ha se samar siik. Hjir binne ek guon dy ha postdouwen, mar dêr wolle se bislist gjin fremden by ha.
nl.verhalenbank.26206
Myn suster wenne dat in eintsje út. Hja hie in âlde buorfrou, dy hie in geit. Dy geit, dat wie suver har breawinning. Dêr hie se de molke fan en dan makke se ek noch bûter en tsiis. Op in kear kom se by myn suster en sei: "O o, 't is net bêst, it binne allegear dragers by my yn 'e hûs (dragers = aasvliegen). As de geit mar net dea giet!" (Hja tocht dat dy...
nl.verhalenbank.33864
As sa'n pleachbeest in stikje roggebrea fan jo krige, dan die 't je neat. Dan wie 't sa mak as in laem. Dan koenen jo der op sitten gean; dan droech it jo.
nl.verhalenbank.29800
Katten forgaderje op 't lân. Dat binne dan de tsjoensters. Sy sjonge dêr yn 't lân psalmen.
nl.verhalenbank.34567
Alde Piters Willemke wie in tsjoenster. Alde Piter woe net by har sliepe. Hy lei nachts yn 't hok yn 'e hounekarre. Dan lei Willemke yn 'e keamer. Piter sei: "Ik wol nachts net by in pânse op bêd lizze." Hja foroare har nachts yn in kat, sa gong se der op út to tsjoenen. Har pânse liet se thús achter.
nl.verhalenbank.34565
2. Als we uitgingen, kregen we de waarschuwing mee: “Pas op voor de plaagbeesten”; dat waren dieren ongeveer zo groot als een hond. Het zullen wel honden geweest zijn, maar dat wist men niet. Ze hadden grote ogen in de kop en ze liepen met iemand mee. Men hield ze voor boze geesten.
nl.verhalenbank.46285
"As in swarte kat rjocht oer de wei giet, dan matte jimme dêr noait lâns gean", sei ús mem. Hwant dan wie 't in tsjoenster.
nl.verhalenbank.34569
In pleachbeest wie in dier, dat sprong de minsken ûnderweis op 'e rêch.
nl.verhalenbank.34597
As katten hâlde tsjoensters nou en dan forgaderingen. Dan prate se ôf hwa't se deatsjoene sille.
nl.verhalenbank.36336
In wjerwolf kin soms krekt sa dwaen as in wyld dier. It is in man, mar sokke tiden hat er de natuer fan in wyld beest. Dat is allinne sa as er rúzje hat en hy kin 't net winne en as er lulke buijen hat. As in wjerwolf it sokke tiden rêdde kin, dan forskuort er jo. As er neat oan jo dwaen kin, dan raemt er in bûsdoek en tofret dy. Alde Teade de Vries hat...
nl.verhalenbank.24479
Hy fortelde ek: "Ik siet us op 't húske. Doe kom der in hiel great ding by my. Noch greater as in skiep. Ik woarde sa binaud, dat ik doarst hast net yn 'e hûs. Mar even letter gong 't ek wer fuort."
nl.verhalenbank.20570
Ik wie sahwat sechstjin jier en ik wenne by myn beppe. Dêr bin ik greatbrocht. Ik wie nochal hwat mounich en ik hie in nuvere gewoante: ik flokte yn dy tiid bot. Letter haw ik my dat ôfwend; ik docht it nou net mear. Op in kear kom ik by myn kammeraetske wei. Ik wie dêr fiersto lang bleaun, dat wie net goed, dat wist ik wol. Beppe wie dêr ek min oer to...
nl.verhalenbank.29769
Minne Ael wie èk in tsjoenster. Dy ha se as kat ris in kear rekke. De oare moarns hie Ael in wynsel om 'e foet. Doe seinen de lju: "Sjogg' jim wol, sy hat der fannacht wer op út west to tsjoenen en doe ha se poeke rekke." In tsjoenster mat yn sawn jier ien deatsjoene, oars giet hja sels dea.
nl.verhalenbank.34566
As de flinters tichte by 't hûs omflodderen krige men bisite. As de kat him wosk èk. As de kat him mei de poat oer de kop hinne wosk, kom der in man mei in pet op op bisite.
nl.verhalenbank.33816
Wy setten froeger krusen oer de wei foar de tsjoensters, dan koenen se der net oerhinne komme. Tsjoensters woarden noait by 't fé litten. Hwant dan woarden de beesten siik en stoaren se.
nl.verhalenbank.33753
Hjir op 'e Lange Loane hâldde froeger in pleachbeest ta. De minsken wienen der bang foar. 't Seach der út as in swarte houn. As men it pleachbeest in stikje roggebrea joech en him dat oer 't linkerskouder hinne tasmiet, die er jin neat. Dan wie 't goed.
nl.verhalenbank.29706
To Kollumersweach, tichte by 't spoar, hâldde in pleachbeest ta. Ik haw ris mei in man praet, dy fortelde my, dat dat pleachbeest ris op in joun njonken him lâns roun. 't Wie in great dier en 't wie roetswart. Doe soed er it oer de kop strike, mar doe wie 't der net.
nl.verhalenbank.29799
As bern gong ik wol mei to wjudden nei Grinslân ta. Yn 'e Mieden fan Uthuzen stie in great boerespul, dêr stienen de beesten altyd los op 'e stâl. Makken se se jouns fêst, de oare moarns wienen se grif wer los.
nl.verhalenbank.19448
Úlke wie in duvelbander, dy wenne oan 't Wyldpaed. Wopke wie in duvelbanner, dy wenne yn Kûkherne. Se gongen meast nei dy mannen ta as de bern bitsjoend wienen. Dan krigen se medesinen mei, meastal yn in fleske. Wopke sei dan: "Pas der goed op, hwant ûnderweis komt der in houn of kat of oars hwat, dy hat it op 'e drank gemunt. 't Fleske mat oan 'e...
nl.verhalenbank.25430
As in frommes in bern ha moest, moest se net ûnder 'e line trochrinne, hwant dan krige it bern stringen om 'e hals en smoarde it. As in frou yn forwachting wie moest se net nei in deade sjen, hwant dan woarde it bern wyt om 'e holle. In frou yn forwachting moest net nei katten of mûzen of rotten of kninen of hazzen sjen. Oars kom it bern dêr op to lykjen.
nl.verhalenbank.33763