Guon minsken hienen macht oer it fé. Sokken koenen jin in dier forkeapje, sa mak as in hountsje. Letter wie 't in ûndier.
Dat gebeurde wolris mei in hynder. Sokke minsken koenen mear as in oar.
nl.verhalenbank.29395
By de dikke ikebeam oan 'e betonwei yn 'e Harkema, spûke it ek.
Allerhande lju ha dêr hwat sjoen. Wy hawwe yn 'e Harkema in kostgonger hawn, dy seach der hwat dat like op in swart beest. It hat him achternei sitten. Hy switte as in oandrager op 'e fyts.
nl.verhalenbank.29424
Heit fortelde: In man en in frou fan Droegeham hienen to jounpraten west. Doe't se weromkommen, kom der har in houn op side, sa'n grouwen as se noch noait sjoen hienen. Mei greate egen. 't Wie in pleachbeest. Hy wie mar net by har weigong.
nl.verhalenbank.28510
Kûpers Tsjitske waerd altyd Poeke Tsjitske neamd (poeke = poes), omdat se har foroare yn in wite kat. Har namme wie van der Zwaag. Har man wie timmerman. Hja hie altyd in kat by har. En dan loerde se altyd, krekt as in kat.
nl.verhalenbank.33120
Yn 'e Harkema woarden se froeger wol warskôge foar guon, dy't se noait by 't fé litte moesten. Wie dyselde der west, dan woarden de beesten lam.
nl.verhalenbank.27801
Yn Moddergat wenne in man, dy koe him yn in wite kat foroarje.
nl.verhalenbank.28099
As wy hjoed-de-dei in dikke kat sjogge, sizze wy: "Sjoch, dêr giet de tsjoenster ek hinne."
nl.verhalenbank.29436
In tsjoenster koe har yn in swarte kat foroarje.
nl.verhalenbank.33650
Der woarden by ús froeger noait fremde minsken by 't fé litten. Guon ha se samar siik.
Hjir binne ek guon dy ha postdouwen, mar dêr wolle se bislist gjin fremden by ha.
nl.verhalenbank.26206
In Almelo hebben ze witte wiven. En daar spookt ook nog een mooie vrouw om. Ik heb het daar wel eens gehoord toen ik daar peerden kocht.
nl.verhalenbank.27090
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.32927
Fan 'e sawn dochters is ien in nachtmerje.
nl.verhalenbank.15619
Oan 'e Rysloane yn 'e Harkema spûke in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.28598
Mei in sulveren kûgel kin men in dier altyd treffe.
nl.verhalenbank.29679
Op Luchtenfeld wenne in man, in sekere Wytse Luchtenveld, dy naem de minsken de koarts ôf en brocht se op hwat oars oer: in beam of in dier. De minske wie de koarts dan kwyt.
Wytse hie in stille kroech.
nl.verhalenbank.32311
Dat weet ik ok nog. D'r waren heksen die vertoonden d'r eigen 's nachts,
zogezeid als dieren, een witte bever. En weetje wat ze dan deden? Een zilver
dubbeltje van vroeger in 't geweer. Dat was het bijgeloof, dat was het
enigste middel om de heksen te doden.
nl.verhalenbank.126660
In pleachbeest wie in dier, dat mei de minsken oproan. It makke de minsken bang, mar 't die har neat.
nl.verhalenbank.27888
Trapet men op in pod, dan bigjint it to tongerjen, sa woarde ús froeger foarhâlden. Guon leauwe dêr noch yn.
nl.verhalenbank.28589
In pikswarte kat moest men jin foar hoedzje. Dat wie faek in tsjoenster.
nl.verhalenbank.27889
Dieren binne faek heldersynde.
Sa wyt in houn twa ûren fan tofoaren al as der tonger komt. Dan is er ûnrêstich en binaud.
nl.verhalenbank.24006