Heit gong op in joun mei fé nei Koatstertille ta, dat fé moest de oare deis mei de Tilster boat nei Ljouwert ta. Underweis seach er twa wite juffers, dy gongen troch de berm. It fé wie sa binaud woarn, sy wienen heit by 't boarst opflein. Heit hie gau makke dat er fierder kom.
nl.verhalenbank.23956
As der sawn eksters op 'e foarstrjitte binne, komt der in deaden.
Binne se op 'e achterstrjitte dan komt der in feest.
Ik kom de Wide Pet del, doe skattere der in ekster.
Ik sei: O heden, der is hwat thús.
Ik kom thús, doe wie ús geitsje dea.
nl.verhalenbank.33016
As hounen spûkgûle, komt der in deaden. As eksters skatterje bringe se nijs, of der komt in deaden. Heit wie bang foar de eksters, hy jaechde se fuort. 't Binne heksen, sei er, sy ha swart oan har en al hwat swart oan him hat, is forkeard.
nl.verhalenbank.28783
Ek ris in kear doe koenen de twa hynders de dong net út it skerngat wei krije. Sy koenen gjin skrip krije.
Hearke die de hynders foar de wein wei en sloech de hannen om 't tiksel hinne. Sa luts er de dong út it skerngat wei en brocht de wein op 'e wei.
nl.verhalenbank.28755
Ek in kear, doe hienen se de wein sa fol dong laden, dat it hynder koe 't net lûke. Doe spande Hearke it hynder foar de wein wei. Hy gong der sels foar stean en luts him allinne út it skerngat wei.
nl.verhalenbank.28554
Yn 'e Parken yn Grinzer Pein forkocht Bouwe Helbich hinnen oan in man. 't Wienen bêste piken. De man die se yn in hok.
De oare moarns doe soe dy man de piken iten jaen. Doe hienen se allegear de koppen achterstofoar op 'e hals en sy leefden as harten.
De man gong fuort nei Bouwe ta. "Hoe kin dat?" sei de man, "ik bin deabinaud."
"Jo hoeve net binaud to...
nl.verhalenbank.28724
Der wie in kat dy siet yn 'e keamer. Doe wienen dêr ek in pear jonges, dy dienen dy kat bensine yn 'e sturt en dat stutsen se yn 'e brân.
Dy kat raze. Hy fljocht by de gerdinen op, alhiel oan 'e souder ta.
Mar doe foel er ynienen - klets! - nei ûnderen ta.
Hoe kom dat sa?
Trochdat de bensine op wie.
nl.verhalenbank.33660
Ymke de Jong wie yn Ljouwert ûnder tsjinst. Doe krige er straf. Sy wienen doe noch net yn 'e kaserne, mar yn 'e âlde Kânslerije. Dêr stie op mei greate letters: Hier temt men leeuwen en beren. Op in nacht briek Ymke der út. De slotten hied er samar los. Hy kom bûten en skreau ûnder dy wurden: Maar Ymke de Jong niet.
nl.verhalenbank.26252
Der binne minsken, dy strike mei de hân even oer in baerch of skiep hinne, dan wolle se net mear frette.
By ús mem en dy kom wol us sa'n ien. Dan sei er: Moai beest. En hy aeide it. Dan gong de baerch dea.
nl.verhalenbank.25808
Ek us op in kear doe wie Hearke op it lân oan 't ploeijen.
Doe kom der in man út Grins by him, mar dy koe him net. Dy woe nei Hearke ta. Hy wist dat Hearke hiel sterk wie, mar hy wie sels èk sterk. En nou woed er mei Hearke om it fierste smite, mei in dikke stien.
Hy kom by Hearke op it lân en hy sei tsjin him: "Hwer wennet Sterke Hearke?"
Hearke spande...
nl.verhalenbank.27000
Ot hie in paedtsje foar de doar lâns. Op in kear gong se nei de winkel fan Barelds Antsje ta. Hja moest beppe en dy's hûs foarby en ûnderweis yn 'e rin striek se mei de hân oer beppe en dy's geit hinne, dy't dêr oan 't spit siet.
De geit die in pear slaggen yn 'e rounte en dea wied er.
nl.verhalenbank.21458
Frânse Hinke to Rottefalle wie duvelbanster. Der wie us in hynder bitsjoend. Doe joech hja de boer dizze rie: Hy moest hwat hjouwer stelle, dat siede en dat it bitsjoende hynder jaen.
nl.verhalenbank.20963
Us heit wenne op Feanwâldsterwâl, oan 't wetter. Hy hie in hiele lulke houn. Dy krige allinne mar fisk to iten en krûd út 'e jachtgewearen. Dêr koe net in minske op it hiem komme of hy forskuorde se. Mar Jehannes Meerstra, dy koe altyd wol komme, dy liet er gewoan gewurde.
Op in kear kaem der in stommedôve keapman mei twa koffers by ús op it hiem, dy hie...
nl.verhalenbank.31099
As der by ús froeger ûnforwacht in grouwe, swarte spin achter 't bihang weikom, die heit de hannen gear.
"Dea houwe," sei er dan tsjin ús, "dat is de duvel!"
Sels doarst er it net to dwaen.
Heit hie in dikke stok, dêr tichele er ús wolris mei ôf.
"Hjir hast de stok, jonge", sei er dan tsjin my. Ik mocht de spin net heal yn 'e hannen nimme. Ik moest him...
nl.verhalenbank.28861
Der binne dieren, dy kinne se mei in gewear noait reitsje. Sokke dieren dêr wennet de duvel yn.
nl.verhalenbank.20033
Hoe't Oorschot oan syn namme kom
Ik haw ûnder tsjinst yn Oorschot west. Dêr stiet net in hoanne op 'e toer, mar in baerch.
It wie yn 'e tiid doe moest dat plak noch in namme ha.
Doe wie dêr in skerpskutter. Dy soe op 'e baerch sjitte en it doarp soe neamd wurde nei it skot fan dy skerpskutter.
Doe skeat er dwars troch de sturt fan 'e baerch hinne. Doe wie...
nl.verhalenbank.33091
Op in kear kom ik by de faem wei. Doe't ik by hûs wie yn 'e nacht, roan der in grouwe, wite geit op 'e reed om. Ik tocht earst: dat is ús geit, en ik prebearre him to krijen. Mar dat woe my net slagje. Wol in kertierlang wie ik dêr mei dwaende, mar dàn sprong de geit wer oan dizze kant fan 'e dyk, dàn wer oan 'e oare kant.
Op 't lêst joech ik it oer.
Ik...
nl.verhalenbank.21331
De koe fan Oedze Willem (Stienstra) hat er ek bitsjoend. It dier wie sa bang foar him, as hy dêr lâns kom en de koe seach him, dan raesde er it út.
Oedze Willem syn bargen hat er deatsjoend. Sy woarden earst hielendal blau en doe stoaren se.
nl.verhalenbank.23530
Greate Egbert fan 'e Harkema hat my ris forteld:
"Ik hie bargen yn 't hok. Doe kom Hindrik Pyk (= H. Ophuis) der by. Dat wie in tsjoenster. Dy gong mei de hân oer de bargen hinne. In dei letter wienen de bargen dea. Ik ha se de hounen foarsmiten, mar dy woenen der net fan frette."
Syn eigen jonges wienen bang foar him. Hy hie twa soannen: Piter en Willem....
nl.verhalenbank.28501
As in kat kattesykte hat mat men him in tientsje om 'e hals dwaen of in stikje út it ear snije om bloed to krijen.
nl.verhalenbank.15639