"De wettertoer fan Ljouwert mat ôfbrutsen wurde."
"Hwerom?"
"Ien fan 'e mitselers syn pet leit der noch ûnder."
nl.verhalenbank.29280
Dêr't wy froeger wenne ha, tichte by de Fjouwerroede ha se yn 'e nacht faek timmerjen heard [en] is der letter in nij hûs kaem. Dat fortelden heit en dy dan, mar hokker hûzen dat wienen wyt ik net mear.
nl.verhalenbank.37526
Wy hearden yn ús eigen hûs timmerjen it jiers foardat wy in nij hûs krigen op itselde sté. Yn dat nije hûs kommen wy doe to wenjen.
nl.verhalenbank.27229
De Aldehou to Ljouwert is boud op kouwehûden.
nl.verhalenbank.29143
Ik wenne op 'e Koatstertille, dat is nou sahwat in jier of tsien lyn, tink. Dêr hearde ik forskeidene jounen achter elkoar, as ik op bêd lei, hammerjen en timmerjen, altyd op itselde plak. Mar dêr gebeurde doe noch neat.
Doe moest dêr in nij brêgehûs komme. Dat kom op itselde plak, dêr't ik it timmerjen heard hie.
't Wienen krekt deselde lûden.
nl.verhalenbank.25220
Seagen de lju froeger wylde lantearnen, dan woarde der sein: "Dêr komt in hûs to stean."
nl.verhalenbank.22061
Wy kommen to wenjen yn 'e Harkema njonken de Kristlike skoalle. Dêr hienen wy in hûske kocht, in lyts burgerhûske. Ik wie dêr ferver.
Op in nacht sprongen ik en myn frou beide kjel oerein yn 't bêd. Der woarde timmere en wol sa dúdlik as gebeurde it flak by. Ik der ôf om to sjen. Mar der wie neat to sjen. Ik roan de hiele buorren lâns, hwant ik woe 't...
nl.verhalenbank.22050
Wy wennen yn in woanwein oan 'e Suderhegewei by Drachten. Dêr hearden wy en ús buorlju nachts timmerjen en klopjen flakby. Wy seinen tsjin elkoar: "Dêr komt grif in nij hûs." 't Wie sahwat yn 1924. 't Selde jiers woarde dêr in nije boereplaets delset. Dy plaets is der nou wer wei.
nl.verhalenbank.24251
Ik ha by Rypke Atsma yn 'e Harkema tsjinne. Ik wie sawntsjin jier doe't ik dêr wenne. Rypke Antsje har heit wie in Warmolts, dy wie us in kear flak by it plak, dêr't nou de grifformearde tsjerke stiet.
Hy soe fierder rinne, mar hy koe net. Hy moest stean bliuwe. Doe waerd it him ynjown, hy moest Gods wurd forkondigje. Op datselde plak.
Doe is dêr troch...
nl.verhalenbank.22162
Der wie in boer dy woe graech in nije pleats ha, omdat de âlde tige min wie. Mar hy koe 't net bitelje.
Doe kom de duvel by him. Dy sei: "Ik sil jo in nije pleats sette litte. Dy sil klear wêze foardat de hoanne moarnier kraeit."
Dan wie de boer oan 'e duvel forkocht. Wie de pleats dan noch nèt klear, dan wie er frij.
De oare moarns bitiid doe klapte de...
nl.verhalenbank.25392
Op in joun seagen wy by de Skieding wylde lantearnen. Dy bleauwen dêr op trije plakken stean. Op dy trije plakken kommen letter twa hûzen en in skoalle. De skoalle stiet der noch, de huzen net mear. 't Wie op 'e Skieding fan Grinzer Pein.
nl.verhalenbank.25396
De Aldehou to Ljouwert is op koehûden boud.
nl.verhalenbank.38311
Myn âlde lju ha faek forteld dat se timmerjen heard hienen yn 'e nacht; dan kom dêr letter op sa'n plak in hûs to stean, mar ik wit net mei hokker huzen as dat it gefal west hat.
nl.verhalenbank.36738
De Aldehou to Ljouwert is op kouwehûden boud, wurdt der altyd sein.
nl.verhalenbank.25063
HK: [We] hebben [...] het gehad over Hunsow. En Hunsow dat is eigenlijk een oude legende. Schrijf je als Hunsow. Eh, waarbij, eh, de gedachte geopperd is, al in 1660 door Picardt, dat is een bron die eigenlijk iedere keer hier terugkeert in Drenthe, eh, dat er ooit een supertechttonische, hoogwaardige, eh, stad heeft gelegen in Drenthe, ergens tussen...
nl.verhalenbank.46152
De Bolswarder tsjerke is boud op oksehûden. Dat binne de fundaminten fan 'e tsjerke, oare sitte der net ûnder.
nl.verhalenbank.33800
Ik haw heit wol fortellen heard dat it der hjir yn Eastemar op in nacht ergens tige oan wei gong wie. Op dat selde plak ha se letter in plaets boud. Guon hienen de lûden al fan tofoaren heard.
nl.verhalenbank.37606
By it Bomkleaster yn 'e buert, dêr ha jy de Skalkepaden, dwars troch de lannen hinne. Dêr spoeke in great wyt frommes.
nl.verhalenbank.27231
't Wie yn 'e oarloch. Greate Pier wie op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der in man by him op 't lân, dy moest by Greate Pier wêze. "Witte jo hwer't er wennet?" frege er.
Doe nom Pier de ploech fan 'e groun en sei: "Dêr wennet er, hjir stiet er."
nl.verhalenbank.37977
Ik molle froeger gauris. 'k Wie op in kear fan hûs, ik siet yn 'e buert fan Almelo. Dy deis hie 'k gjin sin oan moljen. It wie krekt as drukte my hwat.
Der kommen in pear eksters by my, dy skatteren hyltyd om my hinne. De jouns krige ik in tillegram. Myn heit wie slim siik, ik moest thúskomme. De eksters wienen de boaden.
nl.verhalenbank.26852