1,171 datasets found
Dutch Keywords: bouwen Place of Narration: Opende
Beppe hat wol us forteld, yndertiid seagen se oan 'e Haasterwei (gemeente Mearum) allegearre ljochtsjes. 't Wienen wylde lantearnen. Ik ha letter faek oan har wurden tocht. Hwant nou stean dêr wol achtsjin, njoggentsjin buorkerijen.
nl.verhalenbank.19494
Mem seach dêr ek wylde lantearnen. Dêr kommen letter huzen. Dat wie ek op 'e Skieding, yn 'e buert fan 'e Janke-dobbe.
nl.verhalenbank.25998
Oan 'e Keale wei stienen yndertiid noch gjin huzen. Myn âlde buorman Taeke Struiksma gong altyd nei Burum nei tsjerke. Dêr kom er wei. Dat wie sa'n ein rinnen, dan gong er yn 'e nacht al op stap. Hy fortelde: "Doe't ik op in nacht omtrint oan 'e Keale Wei ta wie, doe roan ik mei de holle tsjin in keale muorre oan. Letter stie op dat plak it hûs fan Arend...
nl.verhalenbank.26895
Myn bruorren stienen us op in joun op to passen by in bakkerskarre wylst de bakker by ús yn 'e hûs wie. Wylst se dêr stienen seagen se klear trije ljochten op in rige. Doe't se dat seagen binne se by de kedde weigong en útnaeid. Se stienen op 'e Drachtster wei. It wienen de ljochten fan 'e earste trije huzen fan 'e Juliana-buert, dy't se sjoen hienen: de...
nl.verhalenbank.27165
Myn mem en ien fan myn bruorren kommen us op in joun togearre thús. 't Wie yn 'e hjerst. Der brânde ljocht by ús achter hûs. Doe't se op 't hiem stienen hie 't ljocht him forplaatst. Doe wie 't in lyt eintsje fierder. Dêr, op dat plak is letter in nij hûs kom, en wy sels krigen in nij achterhús.
nl.verhalenbank.27164
Op it plak dêr't nou Sipke Alberts wennet, dêr seagen se froeger in wylde lantearne. Alle jounen seagen se dêr ljochtsjes. Letter is dêr in hûs boud woarn. 't Is hjir tichteby.
nl.verhalenbank.26900
Myn âlde buorman Folkert Bruining hat yn 'e Mieden wenne by de Keale Wei. It hûs, dêr't er doe yn wenne, dêr doogde 't net yn. Op in nacht hearden se klear dat de souder ôfbrutsen woarde en de pannen der ôf helle. Se hearden dat de planken nei bûten smiten woarden. Myn buorman fortelde: "Doe't ik der ôf gong en 't ljocht op die, wie der neat. Doe bin ik...
nl.verhalenbank.26891
Froeger waerden der jouns faek twa ljochtsjes sjoen oer de dyk. Dan seinen se: "Dêr komme mei de tiid huzen to stean." Mar dy huzen steane der noch net. Wol sil dêr in nije wei komme, tsjin 'e Skieding oer, dêr't wy wenne ha.
nl.verhalenbank.32012
Froeger seach men hjir op 'e Skieding hipljochtsjes. Dat wienen foarboaden fan 'e huzen dy't der letter kamen.
nl.verhalenbank.32298
Wylde lantearnens wienen hjir froeger in soad. Sokke lantearnens hienen in bitsjutting. Sy woarden hjir fral boppe de heide sjoen. It bitsjutte nije wegen en nije huzen seinen se.
nl.verhalenbank.23141
De wylde lantearnen dy't se hjir froeger seagen dat wienen de lettere wegen en huzen.
nl.verhalenbank.25719
Yn Feansterheide hearden se wol faek timmerjen op plakken. Dêr kom dan letter in hûs to stean. Ek ha 'k dat wol fan guon heard hjir yn 'e Pein. Der woarde yn Feansterheide ek wol kloppe op 'e doar. Gongen se der hinne, dan wie der net ien. Even letter hearden se 't selde klopjen wer, dan wie der ien. Sa wie 't ek mei 't tikjen op 't rút. As der in hûs...
nl.verhalenbank.27135
Ik kom us in kear fan it sjongen en doe seach ik in great ljocht oan 'e rjochter hân hjir oan 'e Drachtster wei. 't Ljocht wie sa heech krekt as boppe yn in lantearnepeal. Ik woarde angstich mar ik moest der lâns. 'k Wie sa'n trettsjen jier âld. Ik die de tûmen fan binaudens yn 'e hannen. Doe't ik it foarby wie bigong ik to draven. In skoft letter kom der...
nl.verhalenbank.27300
Wy seagen hjir froeger achter ús wylde lantearnen. Ien ljocht wie tige klear en helder. 't Wie dêr doe allegear heide. Letter kom dêr in buorkerij.
nl.verhalenbank.25943
Heit en mem wennen by de Janke-dobbe. Op in nacht gong it bûtendoar lûd op in timmerjen. Mem sei de oare moarns: "Och, och, hwat gong it der fannacht bot oan wei by de Janke-dobbe. En hwat gong 't op in timmerjen. Dêr koe wolris in hûs komme." 't Wie op 'e Skieding. Dat hûs kom der al gau.
nl.verhalenbank.25997
Oan 'e Skieding wie froeger in wylde lantearne. Op it plak dêr't er stean bleau is letter, nei safolle tiid, in hûs kom to stean. De minsken seinen doe al dat dat letter gebeure soe.
nl.verhalenbank.27992
As se froeger wylde lantearnen seagen, dan kom der op dat plak in nij hûs to stean. Dan hienen se de lampe al fan tofoaren brânnen sjoen.
nl.verhalenbank.21101
Ek op oare plakken haw ik wol ljochtsjes sjoen. Dêr wie 't èk allegear heide. Dêr kommen doe letter ek huzen. Soks komt altyd nei.
nl.verhalenbank.25944
De earste plaets, dy't Jitse van der Vlugt boud hat, dêr seach heit fan to foaren de ljochtsjes fan, by skimerjoun. Heit koe him net bigripe hwat it wêze koe. 't Wienen tolwe ljochtsjes op in rige. 't Kom krekt nei. De plaets krige tolwe kouwerútsjes.
nl.verhalenbank.25945
Hier woonde een zekere Douwe Stavasius. Die zei op een keer tegen ons: "Ik heb hier vlakbij timmeren gehoord. Een eindje die kant út. Hier komt in nije boerderij, der werd timmerd." Na korte tijd kwam der in nije boerderij. Hier vlakbij.
nl.verhalenbank.23960