Bouw van kerken op een bepaalde plaats:
Panningen, een kerkdorp in Helden, heet in de volksmond “Kapel”. Vroeger hoorde dit dorp ook onder parochie Helden.
Een boer, die met zijn ossewagen een vracht zand had gehaald uit de richting Vosberg, voer door de kom van Kapel. Plotseling bleef zijn os staan, en was niet te bewegen tot voortgaan. Slagen en goede...
nl.verhalenbank.60988
As se hjir froeger in nij hûs bouden, kom der in stik duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.24068
Dêr't in swellenêst yn of tsjin 't hûs sit, dat hûs rêst de segen op. Men mat dat net forhimmelje en net forbalje. De swel is heilich.
nl.verhalenbank.12336
Yn 'e Harkema ha se yndertiid in nije tsjerke boud. Op it plak dêr't dy tsjerke kaem to stean, hearden guon fan tofoaren al psalmsjongen. Dit fortelde de skoanmem fan myn dochter, frou Veenstra, dy't yn 'e Harkema wennet.
nl.verhalenbank.29763
Ik hearde ek altyd dúdlik as se mei planken omsmieten. Dan wie der neat to sjen. Dan sei 'k tsjin 'e bern: "Hjir komt wer in nij hûs, hear." 't Komt altyd nei.
nl.verhalenbank.27975
Bij 't bouwen van 'n huis moet u goe irst mi de wiekelroei laten lopen. Dè is vur du watterojers. As ge 't bed zot zette boven ne watterojer kaan de ge nie slòpe of ge kriet rimmetiek.
nl.verhalenbank.44020
Beppe hat wol us forteld, yndertiid seagen se oan 'e Haasterwei (gemeente Mearum) allegearre ljochtsjes. 't Wienen wylde lantearnen. Ik ha letter faek oan har wurden tocht. Hwant nou stean dêr wol achtsjin, njoggentsjin buorkerijen.
nl.verhalenbank.19494
Us mem hearde froeger wol us timmerjen hjir en dêr. Dan kom der letter op sokke plakken in hûs of in hok to stean. Dat gong altyd troch.
nl.verhalenbank.22288
Op in kear wie 'k mei in kammeraetske op 'e Fjouwer Roede. "Hark," sei se, "sa wurdt dêr timmere. Der komt skielk fêst in nij hûs." Mar ik hearde neat. 't Wie tsjuster en der wie neat to sjen.
Mar hja krige wol gelyk. Al gauachtich dêrnei ha se dêr in nij hûs delset.
nl.verhalenbank.36160
Myn skoansuster Tite hearde yn 'e nacht altyd timmerjen.
Hja wenne to Koartehimmen. Letter is op dat plak it Woodbrookers-gebou delset.
nl.verhalenbank.21383
Yn 'e Westerein is 't faek gebeurd dat de minsken it timmerjen al fier fan tofoaren hearden fan in hûs dat noch boud wurde moest, mar ik kin sa net sizze fan hokker hûzen dat it gefal wie.
nl.verhalenbank.33746
Yn Garyp wenne âlde Adolf. Dy hearde yn 'e nachten guon timmerjen flak njonken syn hûs. Hy sei: "Hjir wurdt timmere, hjir komt hwat." Doe kaem dêr gaueftich dêrnei in timmersaek.
nl.verhalenbank.31804
To Wytgaerd foel ien fan 'e toer, doe't de tsjerke boud waerd. Hy hie dat fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.24616
Froeger seagen wy yn Broek faek wylde lantearnen.
Sy ha wol by ús oan hûs ta west.
"Dêr komt wer in hûs", seinen se dan.
Dy wylde lantearnen wienen altyd yn biweging.
nl.verhalenbank.25125
Froeger wie der nou en dan wol us in wylde lantearne yn 'e Houtigehage. Dan kom der letter op sa'n plak in hûs to stean. Wylde lantearnen binne foarboaden.
nl.verhalenbank.20093
Wy wennen froeger yn in hûs hjir njonken. Dit hûs hjir is in gemeentehûs. Doe't se noch net mei dit hûs oan it bouwen wienen, hearden wy dêr yn 't oare hûs al getimmer en gedoch. Dat wie foartjirmerij. It gebeurde altyd nachts, as wy op bêd leinen.
nl.verhalenbank.24633
Us heit roan mei noch in man op in joun tusken Oerterp en de Lange Wyk by Drachten. 't Wie donker. Hja kommen by in hûs, dêr gong it bot op in timmerjen en saegjen.
Hja tochten: hoe kin dit sa let op 'e joun - En hja dêrhinne to sjen. Mar dêr wie net in minske warber en der wienen ek gjin lûden mear.
Op 't lêst gongen se fuort. Se seinen: Dit is...
nl.verhalenbank.36237
Oer 't spoar yn 'e Westerein, dêr seach ús buorfrou allegear ljochtsjes. Dat wienen wylde lantearnen. 't Wie de kant nei Kûkherne oer. Hja sei: "Dêr komt noch ris in wei lâns."
En dat is èk gebeurd. Der stienen doe yn dy tiid mar 2 húskes en in wei wie der net. Nou bin 't allegear huzen.
nl.verhalenbank.36828
Mem kom fan 'e Folgeren. Sy ha dêr gauris fan tofoaren timmerjen heard op 'e plakken, dêr't letter boud woarde.
nl.verhalenbank.20867
Ik zag zelf eens hier van uit het venster oale Aike lopen met haar dochter over 't land. Ik denk, wat moeten ze daar nou?
Maar kijk, ze zijn ook al weer weg.
En wat is er nu gebeurd?
Op diezelfde plek staat nu een huis.
En wie heeft daar gewoond? Die oude vrouw en haar dochter ook.
nl.verhalenbank.43324