856 datasets found
Dutch Keywords: bouwen Place of Narration: Surhuisterveen
Us heit wie mattewever. Hy moest ris in kear tried brûke. Doe gong er nei Rikele Myt ta. Hy nom myn broer mei. Dat wie doe in jonkje fan sa'n acht jier. Myt joech it jonkje in bak. Sûnt dy tiid wied er siik. Doe sei heit: "As er dea giet, dan sjit ik Rikele Myt dea." Doe seinen se tsjin heit, hy moest nei de duvelbander ta. Dêr soed er dan hinne. Hy soe...
nl.verhalenbank.25394
By oare lju yn 'e Harkema woarde nachts altyd braekt. Dat gong altyd troch. By ús net, hwant ik haw noait braekt. Ik haw ek wol in hûs kend, der gong de tsjerne altyd de hiele nacht troch.
nl.verhalenbank.26851
Myn broer Kees soe us op in joun nei de faem ta. Dy wenne yn Feansterheide oan 'e Fjouwer Roede. "As der in duvel is, dan wol 'k him wol us sjen", sei er. Mar doe hied er tofolle sein. De jouns healwei achten gong er nei de faem ta. Hy wie ûnderweis. Doe kom der him ien op side. "Goeije navend", sei Kees. Mar hy krige gjin antwurd. "Goeije navend", sei...
nl.verhalenbank.22174
Fan sawn op elkoar folgjende dochters is ien in nachtmerje. Geart Bijma fan 'e Harkema hearde de nachtmerje altyd wol by 't leiderke opkommen. Dan gong er gau mei de rêch nei de planke lizzen, dan koed er him net krije.
nl.verhalenbank.24263
In arbeider hie in kontrakt mei de duvel sluten. Hy hie in stik jild fan 'e duvel krigen, mar dan soe de duvel him letter ophelje. Dat wie op dy en dy dei nei twintich jier. Doe't de twintich jier omtrint om wienen, woarde it de man raer yn 't liif. Yn syn binaudens frege hy de boer om rie. De boer wie wol bitûft en dy sei tsjin him: "Ik sil dy wol helpe,...
nl.verhalenbank.20987
In nachtmerje wie ien fan sawn famkes út ien húshâlding. In nachtmerje kom troch 't slotsgat yn 'e hûs. Hja koe it slot samar fan 'e doar krije. Se kom der altyd yn. Hja roan nei 't bêd ta. De minsken krigen it binaud, dy koenen har net mear forroere. Se dienen wol duveldrek ûnder 'e drompel, dan kom se der net oer. De toffels of klompen woarden wol...
nl.verhalenbank.36061
Trapet men op in pod, dan komt der tonger, woarde der froeger altyd sein.
nl.verhalenbank.29141
In swarte spegel wie op 'e merken. Dat wie wiersizzerij. It fanke dêr't de man mei trouwe soe, kom der foar. Dat kloppe altyd.
nl.verhalenbank.36075
Myn suster hie in dochter, dat wie Jitske Spoelstra. Dy troude mei in herfoarme dûmny. Sy wie in jong frommes, hy in âld keardel. Sy wennen yn Hollân. Sy soenen op in kear nei myn suster op 'e Houtigehage ta to jierdeifieren. Sy wienen togearre op it Amelân. Hy smiet har yn 'e sé. Dêr hat er har krekt salang achternei sitten en har holle ûnder wetter...
nl.verhalenbank.22216
Beppe werkte in bult yn 't werkhûs yn Grinzer Pein. Hja hie fan tofoaren al in pear kear sjoen dat der ien nei 't wetter ta gong. Dat wie in djip baggelgat. De gedaente dy't dêr hinne gong wie ljocht yn 'e klean. Op in kear kom beppe wer by 't werkhûs, doe wie dêr in man fuort. Hy wie net to finen. Hy wie yn 'e ûnderklean fuort gong, hwant de boppeklean...
nl.verhalenbank.25223
Fan sawn famkes (!) út ien húshâlding is ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.25237
Der kom us in man út 'e kroech. Doe't er op 'e wei wie, draeide der in kat om him hinne. Hy jage dy kat fuort. Mar doe't er in pear stappen fierder wie, doe wie dy kat dêr wèr. En dat gebeurde ek foar de trêdde kear. "Nou noch us in kear, dû duvel," hie dy man sein, "dan sil ik mei dy ôfweve!" Mar doe hie dy kat him pakt en oer de sleat smiten. 't Wie de...
nl.verhalenbank.25236
Skoanmem wenne yn 'e Súdwesthoeke by Balk. Hja wie yn har jonge jierren faem by de boer. Op in kear sieten se yn 'e hûs to kofjedrinken. "Hark," sei se, "dêr giet de tsjerne." Hja dêrhinne en doe wie der neat. Hja sieten wer by de kofje, doe wie dat lûd der opnij. 't Wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.25222
Ielke Snipel fan Boelensloane koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.36074
Rikele Myt koe samar in geit bitsjoene. Sy struts it dier allinne mar even mei de hân oer de rêch. Dan bigoun de geit to razen en gong dea. Rikele Myt hie de kweade hân.
nl.verhalenbank.29140
Op 'e Mûzegroppewei spoeke in fôlle mei in brijpot.
nl.verhalenbank.36060
Minse Griper fan 'e Boelensloane liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme, dy't moai yn gelid marsjearden. Hy liet de liuwe ek samer stean, as er dat woe. Mei skoppenboer koe er in flesse drank komme litte. Dy flesse sweefde boven de tafel.
nl.verhalenbank.24262
Heit en dy wennen op 'e Fjouwer Roeden. Sy hienen in jonkje, dat woarde siik. Sy woenen nei Greate Wopke ta to Kûkherne. Mar sy koenen it wetter fan it bern net meinimme, dêr wie 't noch to lyts ta. Doe nom heit it himdtsje fan 't jonkje mei. "Wite jo ried?" sei heit tsjin Wopke. Hy liet Wopke 't himdtsje sjen. Wopke biseach it en sei: "Der komt wolris in...
nl.verhalenbank.22161
Ik wenne yn 'e Harkema yn 'e Bosk. Ik lei jouns krekt op bêd, dan bigoun it to terskjen fan jewelste op 'e souder. Ik hie dêr hwat hjouwer. Ik gong der ôf om to sjen, mar der wie neat to rêdden. Ik roan om 't hiele hûs hinne, oeral seach ik: neat to sjen. 't Woarde Maitiid. Ik tocht: ik sil dat stikje hjouwer op 'e souder ôfslaen. Doe't ik dat dien hie,...
nl.verhalenbank.26850
Wessel Gal is mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.25395