Yn myn feintetiid, doe't ik noch yn 'e hûs wie, haw ik hjir yn 'e Homear wol gauris timmerjen heard yn 'e nacht.
Myn maten ek wol. As wy jouns bûtendoar kommen wie 't dúdlik to hearren. Letter kommen dêr huzen to stean op de plakken dêr't wy it hearden. 't Wie tjirmerije.
nl.verhalenbank.27283
Dêr't in swellenêst yn of tsjin 't hûs sit, dat hûs rêst de segen op. Men mat dat net forhimmelje en net forbalje. De swel is heilich.
nl.verhalenbank.12336
Froeger seagen wy wol us wylde lantearnen. Èk yn 'e buert fan 'e Skieding. Dan kom dêr letter in hûs.
nl.verhalenbank.24882
Jan Goaitsens Nicolaï boude in nij hok. Dat wie noch net ôfdien. Doe hearden se dúdlik yn 'e nacht dat der mei dikke balken smiten woarde, nei ûnderen ta. Dit kom krekt sa nei letter, doe't it hok ôfmakke woarde.
nl.verhalenbank.16821
Us mem hearde froeger wol us timmerjen hjir en dêr. Dan kom der letter op sokke plakken in hûs of in hok to stean. Dat gong altyd troch.
nl.verhalenbank.22288
Ik ha wol gauris timmerjen heard op plakken, dêr't letter in nij hûs kom. Doe wie'k noch tige jong. Dat is wol sa'n sechstich, sauntich jier lyn.
nl.verhalenbank.20667
Wy wennen froeger yn in hûs hjir njonken. Dit hûs hjir is in gemeentehûs. Doe't se noch net mei dit hûs oan it bouwen wienen, hearden wy dêr yn 't oare hûs al getimmer en gedoch. Dat wie foartjirmerij. It gebeurde altyd nachts, as wy op bêd leinen.
nl.verhalenbank.24633
Oan 'e Reitsma-strjitte steane twa huzen. Yn 't iene wennet Wopke van der Veen, yn 't oare Albert van der Veen. Foardat dy beide huzen der stienen ha de omwenners nachten oanien hyltyd timmerjen heard. Dat wie foartjirmerije. Dat is foar 100% de goudearlike warheid. (dat zegt hij af en toe)
nl.verhalenbank.33412
Us mem hat ek faek timmerjen heard op it plak dêr't se letter sels in hûs krigen ha. Myn broer wennet nou noch yn dat hûs. 't Is oan 'e Nije Wei, in lyts eintsje achterút.
nl.verhalenbank.22291
Yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema hearden guon yn 'e nacht dúdlik timmerjen op in plak. Sy gongen der hinne, mar doe wie dêr net ien en sy hearden it timmerjen ek net mear.
Letter kom der op dat plak in hûs to stean.
nl.verhalenbank.28496
By de Wopkepoel yn 'e Harkema stie in hûs, dêr wenne âlde dôve Tryn yn. Op in joun stienen wy bûten, ik mei noch in pear maten - 't wie noch fóár myn trouwen - doe gong it dêr hiel bot op in timmerjen. Wy hearden it dúdlik.
Even letter is dêr in nij hûs kom. Der kôm Fokke fan Mekke Nicolai yn to wenjen.
nl.verhalenbank.33287
Warmolds wie in jonge man. Syn heit wie herfoarme dominé yn Surhuzum. Hja hearden dêr fan 'e rare tastânnen yn 'e Harkema, dat dêr alhielendal net in tsjerke wie en it folk neat fan God ôfwiste. De jonge Warmolts sei: Dêr mat foroaring yn komme. Doe gong er nei de Harkema ta om to sjen hwer't de tsjerke stean moest. Doe kom er op in keal oarde. Dêr wie 't...
nl.verhalenbank.34514
Us Sibe en in kammeraet fan him roannen us op it paed, dat nou de betonwei is. 't Wie let yn 'e joun. Doe hearden se dêr op in plak allebeide hyltyd getimmer. Mar der wie neat to sjen.
It duorre net lang, doe kom dêr in nij hûs to stean.
nl.verhalenbank.19519
Wylde lantearnen, dat wienen ljochten, dy seach men fan fierrens, mar as men der by kaem, dan wienen se fuort. 't Wie foartjirmerije. Letter kom der op sa'n plak in echte lantearne of in hûs. Ik ha 't sels wol meimakke.
nl.verhalenbank.29356
Doe't ik noch yn 'e hûs wie - wy wennen oan 'e Grinslânse wei ûnder Surhústerfean - sei ús mem op in moarn: "Ik ha fannacht de hammers slaen heard op 'e spanten en houten. Hjir kin wol us in nij hûs komme." Dat is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.20951
Ik en myn neef gongen simmerjouns wol gau us nei de Hamster buorren. Dan seagen wy om in ûre of njoggen ljochtsjes oer de Ikkers tusken ús hûs en dat fan Aeltsjemoai. Wy seinen: "Dêr komt grif in hûs to stean, hwant it wienen wylde lantearnen. Mar it hûs is der noait kom.
nl.verhalenbank.21642
Myn skoanheit dat wie Hindrik Land. Syn âlde mem kom us by him en sei: "Hindrik mat gau komme, it giet hjir by ús achter yn 'e hûs sa bot op in timmerjen en smiten, dat ik bin bang dat se it hiele spul ôfbrekke." Mar doe't skoanheit kom, wie der neat to rêdden.
Mar in skoft letter setten se in nij hûs flak achter skoanheit sinen del. Dêr hie 't âld-minske...
nl.verhalenbank.21130
Woenen se froeger in meniste tsjerke bouwe, dan gongen se hinne en jij in stik of fiif kij it lân yn. Dêr't de earste kou lizzen gong, dêr moest de tsjerke boud wurde. Op it plak sels dêr't de kou lei, dêr moest de preekstoel komme to stean. Ek al wie 't oan 'e kant fan in sleat, dan woarde de sleat tichtmakke.
(waarschijnlijk gaf ik dit reeds eerder op...
nl.verhalenbank.17530
Op it plak, dêr't letter Warmolds syn tsjerkje delset hat, hjir yn 'e Harkema, ha guon fan tofoaren psalmsjongen heard.
nl.verhalenbank.25741
Freark gong op in moarntiid bitiid nei 't wurk ta.
't Wie oeral noch nacht om him hinne. Doe't er by de Pauloane kom, tocht er, hea, hwat giet it dêr nou al op in timmerjen. Hy kom tichterby om to sjen, mar doe wie der net ien.
In jier letter stie der op datselde plak in hûs. Myn neef - ek in de Haan - hat letter yn dat hûs wenne.
nl.verhalenbank.25740