Der wie in fanke, dat soe trouwe mei in roomske man. Sels wie se net rooms. Har heit wie hiel bot op dy trouwerij tsjin. Op 'e dei dat se trouwe soenen hied er in ein peal meinom. Dêr soed er ien fan harren mei deaslaen.
Underweis trof de pryster him. Dy soe it jonge pear trouwe.
"Man, jo binne wapene. Hwat sille jo?" frege de pryster. De man sei sa en...
nl.verhalenbank.11545
Hwerom de sinne saterdeis altyd skynt:
As 't de hiele wike reind hat, matte de soldaten saterdeis har himden droege ha.
Dêrom skynt de sinne dan altyd.
nl.verhalenbank.20203
Klean fan in forstoarne binne neat wurdich.
nl.verhalenbank.12299
As Imke de Jong op'e merk kom, dan hied er hoepen by him. Dêr gûchele er hwat met om en dan wie 't in ketting. In skoftsje letter wienen 't wer ringen.
nl.verhalenbank.21653
Der hat in sémearmin op Burgumerdaem west. Dy fluite sa nou en dan.
nl.verhalenbank.11547
Geane de guozzen 11 novimber troch de iisskossen, dan geane se krysttiids troch 't slyk.
nl.verhalenbank.12304
De nachtmerje komt by de fuotten op en rint sa oan 'e hals ta.
nl.verhalenbank.12310
As 't op Trijekoaningen friest, dan friest it trettsjin wiken letter nòch.
nl.verhalenbank.12305
Der wie in man dy woe wite of it koe, dat wetter yn wyn foroare woarde. Hy hie wetter foar him stean. It wie krysttiid. To middernacht, om tolve ûre krige er antwurd:
Heden is het water wijn,
maar nu neemt het leven een eind.
Doe't se by him kommen wie de man overleden.
nl.verhalenbank.11546
Hwat men tidens de gong nei 't tsjerkhôf by in bigraffenis it earste tsjinkomt, dat sil it earst yn jins famylje stjerre. Komt men in man tsjin, dan stjert der yn jins famylje in man, is it in frou, dan in frou, is it in bern, dan in bern.
nl.verhalenbank.11521
Der wie in feint, dy swearde en swetste der mar op los. Hy leaude oan God noch syn gebot en dat sei er tsjin elkenien. Tsjin syn maten sei er: "Der bistiet net in God en gjin duvel."
Op in kear kom er mei twa fan syn maten oerien, dat hy soe trije kear op it tsjerkhôf gean en elke kear soed er dêr God en de duvel oanroppe. Dan soenen syn maten sjen kinne...
nl.verhalenbank.15814
As men by 't tsjuster op 'e linkerkant fan 'e wei rint, kriget men in slach fan 'e duvel. Dus noait links rinne by nacht, waerd der altyd sein, like min as midden op 'e wei.
nl.verhalenbank.11496
Hwat ik nou fortel gebeurde de kant út fan Earnewâld. It sil sa 'n tachtich jier lyn wêze. Myn heit (Megiel) en noch ien wienen yn in pream. Sy moesten it ien of oar ophelje. Of it nou stien wie of turf fan Beets, dat wyt ik net. 't Wie yn 'e nacht, en sy farden yn 't goede farwetter. Sy koenen it paed goed. Doe gebeurde it dat se samar yn hiele lytse...
nl.verhalenbank.23356
Wite juffers
Earne tusken Quatrebras en Burgum is in reed en dêr fuortby leit in poel of grutte dobbe. It wie net de Simmerdyk of Tuskendiken of de Earmhúsreed of sa. Der is noch in reed. Ik ha ús heit en mem der wol oer heard: yn 'n jûntiid, as it dizich wie, dan kamen der wite juffers út dy poel en dy dûnsen dêr ek wol om. Mar as de minske tichter by...
nl.verhalenbank.12148
Myn skoanmem en myn skoansuster stienen by in hekke by de Gatten. Mem sei: "Der is noch ien fan Ielkefolk by de feart en 't wetter is sa heech. Hja kamen tichterby. Doe gong der ien skean foar harren lâns oer de wyk hinne nei 't tsjerkhôf ta. Dy sweefde. Syn fuotten rekken de groun net. Mem wie net bang. "Wy ha gjin kwea dien," sei se, "dan docht er ús ek...
nl.verhalenbank.11534
Men moat net wer oan 'e deade tinke, oars kriget de deade gjin rêst.
nl.verhalenbank.11520
As de deade moai is, dat mat men noait bigeare, hwant dan komt der wer ien to forstjerren yn 'e famylje. Dêrom is de deade bliid en moai.
nl.verhalenbank.11522
Ik en myn suster wennen hjir al oan 'e Hege Wei, doe stie it nije hûs hjir tsjinoer noch net.
Wylst ik en myn suster hjir yn 'e hûs sieten, hearden wy dúdlik dat it hjiroer op in timmerjen gong.
Wy seinen tsjin inoar: "Der wurdt bûten timmere." Mar doe't wy nei dat plak tagongen, wie der neat to sjen. Letter kom de nije plaets dêr to stean, dy't der nou...
nl.verhalenbank.15803
Wy ha hjir jierrenlang de needslachting hawn. As der hwat slachte wurde moest wienen dat faek ûnforwachte needgefallen. Hwat binne wy faek even fan toforen kloppe woarn. Mar dan wie der noch neat. Even letter wie de man der sels dy 't kloppe. 't Gebeurd wol yn 'e nacht, mar ek wol us oerdei. Soms wie 't it tikjen fan in stok op it glês. Dan hie sa 'n ien...
nl.verhalenbank.23355
Der is my us forteld, der wenne ergens in jonge dy weide de skiep. In herdersjonge. De namme fan it plats is my ûntsketten, mar dat komt my wol us wer yn 't sin. Dy herdersjonge makke us in tjerske yn 't lyts, dy wie seldsume moai. Hy wie der sa wiis mei, dat hy liet him oan net ien sjen. Mar doe kom der in man by him dy ûntfytmanne him dat prachtige ding...
nl.verhalenbank.23354