Dy't it net sjocht hoeft net oan kant ta goan.
nl.verhalenbank.21655
Doe't Kristus stoar, wie alles stil yn 'e natuer.
Omdat se allegearre treurden. Allinne de popelier ritsele. Sûnt dy tiid kenne de popelieren gjin rêst. Sy matte altyd ritselje, as is 't ek nòch sa stil.
nl.verhalenbank.20211
Petrus is deselde dy't yn 'e hemel op 'e kaeijen passe mat. Hy is de sleutelbewaerder.
Mar op in kear binne him de kaeijen ûntfallen. Se foelen krekt op in plantsje, dêr't moaije blommen oan sieten. Doe krige dat plantsje de namme fan sleutelblom.
nl.verhalenbank.20205
Doe't Kristus stoar, wie alles stil en yn 'e rêst.
Mar de swel fleach ôf en oan.
Sa komt it dat de swellen nòch altyd almar hinne en wer fleane en gjin rêst krije kinne.
Dat is har straf.
nl.verhalenbank.20213
By Waterloo ha se tige fochten. Dêr is in slach levere. In soad soldaten binne dêr sneuvele. It wie dêr allegearre bloed op it fjild.
Letter ha se op dat slachfjild beantsjes forboud.
Mar doe't se se út 'e pûlen hellen, sieten der op dy beantsjes allegear it beeld fan in soldaetsje. Dat wie fan 'e soldaten, dy't dêr sneuvele wienen.
Sokke beantsjes hat...
nl.verhalenbank.20207
Der wie ris in man oan 't harjen. Doe woarde it ynienen roettsjuster en it hearde him sa ta dat it ek bot bigong to waeien. Mar it wienen oars net as protters, dêr't it sa tsjuster fan woardde en dêr't sa'n wyn troch ûntstie. De loft wie stiiffol protters. Doe smiet dy man mei de hammer nei ien fan dy protters. Mar doe koed er dy hammer net wer fine,...
nl.verhalenbank.12289
Der wie in man, dy hie syn siele forkocht oan 'e kweade. Mar hy hie de duvel to fiter hawn, dat doe't de duvel kom moest er sûnder siele wer fuort. Mar de duvel sei: "Ik wol dochs hwàt fan dy ha." En doe nom er de man syn skaed en dat rolle er op.
Sûnt wie dy man altyd sûnder skaed. Dat wie miskien noait útkom, mar op in kear stie er mei in rychje folk op...
nl.verhalenbank.12538
Dy't mei 't kaertspyljen klaveraes krige, soe hiel yn 't koart nei in frjemd plak ta gean.
nl.verhalenbank.11569
Der wie in frou, dy wie jouns altyd fuort.
Har buorman tochte: "Dêr wol 'k mear fan wite."
Doe bispionearre der har. Doe seach er dat se har útklaeide en nei de kelder ta gong. Dêr salve se har yn mei salve út in potsje wei. Dat struts se ûnder 'e hals, en ûnder 'e earms en ûnder 'e boarsten en ja, oeral. Doe't se dat dien hie, klaeide se har wer oan. En...
nl.verhalenbank.11541
Noait gekoanstekke foar de spegel en rare gesichten lûke, hwant dan komt Hantsje Pik der achterwei.
nl.verhalenbank.12302
Noait skilich sjen, hwant as de klok dan slacht, bliuwe de egen sa stean.
nl.verhalenbank.12303
Der wie ris in man, dy soe in beamke efterhûs poatsje. Hy oan it dollen en doe rekke er mei de lodde hwat hurds. Doe wie dat in pot en dy siet fol jild. Hy helle de pot yn 'e hûs. It jild burch er op.
Op in kear hied er it lid fan 'e pot op 'e tafel lizzen. Sa kaem de dokter deryn. Dy biseach it lid is en sei: "Hea, hwat is dat in aerdich lid. Dêr stiet...
nl.verhalenbank.11540
Ik ha wolris mei in frou praet dy't in pleachbeest sjoen hie. 't Seach der út as in greate houn en 't hie hiele greate egen. Mar 't hie har neat dien.
nl.verhalenbank.11554
Der binne ek minsken, dy ha gjin hart.
nl.verhalenbank.12539
Der kom us in keppeltsje froulju fan 't wjudderslân. Dêr wie ek in âld minske by, dy roan hwat foaroer. Sy gongen in reed del en doe woarde dat âld minske samar ynienen oan kant treaun, sûnder dat ien fan 'e oaren har oanrekke. Sy kom ta fallen.
De oaren seinen: "Hoe is 't nou?"
"Och ja," sei 't âldwyfke, "dêr wie in lykstaesje."
"Hea," seinen de...
nl.verhalenbank.21656
Yn 'e tiid, dat de fûgels fearren en kleuren krigen, woarde ek de pau útrist. Doe't er syn prachtige fearren bisjoen hie, sei er: "Sa is 't goed."
Mar dat hied er hwat to gau sein. Hwant doe't er goed by him del seach, doe fornom er, dat er hiele rare poaten hie. Mar doe wie it to let, doe koe it net mear foroare wurde.
nl.verhalenbank.20206
It sweltsje hie nestele yn 't griene hout, dêr't it krús fan Kristus út makke is. Dat wie ûnearbiedich. Dêrom mei in swel noait wer yn 't griene hout syn nêst bouwe. Mar altyd tsjin stien of hout oan dat dea is.
nl.verhalenbank.20212
Op 'e Sumarreheide spoeken trije neakene froulju mei lang hier. Der wie in man dy moete harren. Hy roan hurd fuort, mar de froulju setten achter him oan en se woannen op him. Doe bigong er noch hurder to rinnen. Doe't er thús wie koed er net mear. Hy foel op in stoel del en it swit stroomde him as wetter by de holle del.
nl.verhalenbank.11550
Froeger leinen de lytse bern yn in reiden widze. Dêr siet in tou oan fêst, dêr't de widze mei roeike woarde. Dy't der mei widze die der gauris in knoop yn. Safolle knopen as der yn dat widzetou sieten, safolle bern krigen de âlden.
nl.verhalenbank.11544
Op in kear sieten wy allegear yn 'e keamer. It wie op in moarntiid. It wie o sok kâld waer en der wie net in minske bûten to sjen. Doe rattele der ynienen ien oan 'e foardoar om. Mar der wie net ien. Dy foardoar woarde noait brûkt. Ik sei: Dit hat hwat to bitsjutten. Myn man woarde ridlik gau dêrnei siik en dokter mast komme. Krekt njoggen dagen letter...
nl.verhalenbank.12307