De tsjerne wie froeger faek bitsjoend.
nl.verhalenbank.22845
Guon minsken koenen net leve en net stjerre. Sokke minsken wienen bitsjoend.
nl.verhalenbank.22861
Yn 't Wêst fan Bûtenpost wenne Frits Klunder. Dy syn wiif koe tsjoene. Tiet de Haen hyt se, se leeft nòch. De minsken ha har faek forwiten dat se in tsjoenster wie. Yn 'e Harkema hat se in frommeske bitsjoend.
nl.verhalenbank.30958
As der bern bitsjoend wienen, gong men nei Wopke, de duvelbander ta. Dy joech altyd drank mei.
nl.verhalenbank.30957
Aeltsje Blau wie in swerfster. Sy slepte nachts by boeren yn 'e skuorre, en ek wol yn 'e wâl of yn 'e bosken. Sy strúnde altyd om. De boeren wienen bang foar har, hwant sy bitsjoende it fé woarde der sein.
Op in kear wie der in koe siik by in boer. Dy hie hja oanrekke. Dy koe moest ôfmakke wurde. Aeltsje Blau krige der de skuld fan dat dy de koe siik...
nl.verhalenbank.22844
Yn Burgumerheide wie in bern fan Sikke Maei bitsjoend. Nou en dan spoeke der in fremde kat om 't hûs hinne.
Doe hat Maei de tsjettel mei hyt wetter krige en dêr dy kat mei smiten. De oare deis siet Frearke Jel har holle yn 'e doeken. Frearke Jel wie in tsjoenster. Sy gong mei 't kuorke mei fiters, bân, jern en sa by de huzen lâns.
As Frearke Jel de bern...
nl.verhalenbank.16491
Faek wie de tsjerne froeger bitsjoend. Dan koenen se gjin bûter krije. Dan dienen se hyt wetter yn 'e tsjerne.
nl.verhalenbank.24532
As men fan in tsjoenster hwat krijt dat men opite kin, mat men 't noait hielendal opite. Oars is men yn har macht.
nl.verhalenbank.20024
Oene Gjet hie ek nei Lamke ta west. Hja krige fan Lamkje in tsiiskoarste. Sy joech har famke der in stik fan. Dat bern krige in freeslike pine. Doe't se thús kom bigong se to koarjen. It wienen allegearre kikkertskoppen, dy't se útkoarre.
nl.verhalenbank.20012
Skoanheit en dy hienen in baerch, dêr hie Harm by west. As dy by it fé west hie, mankearde der letter altyd hwat oan. Dy baerch fan skoanheit en dy hied er èk bitsjoend. Doe't dy baerch 't oare jiers slachte woarde, hied er in kleone jern yn 'e mage. Dat hie Harm dien.
Skoanheit hie nòch in baerch. Dy woed er net bitsjoend ha. Doe hat er duveldrek ûnder...
nl.verhalenbank.24529
Stammerige Harm (= Harm Veenstra) stammere. Hy wie foddekoopman en roan to skoaijen en wjudde de strjitten en túntsjes hjir en dêr. (û.m. it terrein fan 'e froegere marechausséekaserne op 'e hoeke fan 'e Tsjerkestrjitte to Bûtenpost) Hy sleepte hwat mei de iene foet. Hy wie in tsjoenster.
Syn buorman hie in pear biggen. Dêr hat er ien fan bitsjoend. Dy...
nl.verhalenbank.20016
Yn Bûtenpost wie us in bern siik. It bern koe net leve en net stjerre. Der siet in krâns yn 't kessen by 't bern. Dat wie 't wurk fan in tsjoenster. 't Bern wie dus bitsjoend. Doe gongen se nei in duvelbander ta om to witen to kommen, hwa't de tsjoenster wie. Dy duvelbanner dat wie Foppe Banning, hy wenne op 'e Tsjerkeloane to Bûtenpost. Hy hie in...
nl.verhalenbank.22846
De katten hâlde soms midden op in stik lân in forgadering. Dan wurdt der bisprutsen hwat se mei de minsken úthelje sille en hwa't se bitsjoene sille. Men kin har dan skoan gûlen hearre, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.22850
In tsjoenster mat om 'e sawn jier op syn minst ien deatsjoene.
Hja moat yn dy tiid ek sawn krânsen yn 'e kessens makke ha.
nl.verhalenbank.26217
Myn frou wenne yn Twizelerheide yn in húske mei in plankje oer in sleat. Op in joun, doe leinen se al by harren op bêd, doe hearden skoanmem en dy guon praten. Skoanmem gong der ôf en gong foar 't glês stean om to sjen hwa't dat noch wiene, dy't sa let warber wienen. Doe seach se trije minsken rinnen.
It wienen Stammerige Harm, dy syn suster en in dochter...
nl.verhalenbank.24528
In stikje roggebrea kin men by in tsjoenster feilich opite. Dat kin se net bitsjoene. Mar docht men der tsiis op, dan is 't mis.
nl.verhalenbank.19997
Hiske de Bruin fan Twizelerheide noadige my us út om kofje. Ik dronk twa kopkes leech en krige der in koekje by. Mar ik koe 't hast net troch 't kielsgat krije, ik woarde der mislik fan. Ik stie de saek net, hwant ik fortroude Hiske net.
Sels krige se in bak mei tsiis.
Doe sei 'k tsjin har: "Nou mat ik der út, ik wurd sa raer."
Der wie skerpe tried spand...
nl.verhalenbank.20442
Myn frou hie in buorfrou, dy sukkele altyd. Doe ha se op in kear it kessen iepensnien. Doe sieten dêr krânsen yn. De trêdde krâns wie noch net fol. Hie dat it gefal west, dan hie 't minske deagong. Sy ha de krânsen forbrând en doe is hja wer opknapt.
De trije dy't har bitsjoend hienen, dat wienen Stammerige Harm en dy syn suster en in dochter dêrfan.
nl.verhalenbank.24527
Wy wienen as bern machtich yn 'e hûs. In stik of hwat fan ús binne bitsjoend west. Der wienen krânsen yn 'e kessens. Dy woarden opbrând, mar guon fan 'e bern wienen al to fier hinne. Fjouwer binne deatsjoend. It wie it wurk fan Stammerige Harm.
Der sieten yn 'e krânsen lapkes mei bloed, dy't de bern om in seare finger hawn hienen en der siet ek stoptried...
nl.verhalenbank.22971
Stammerige Harm fan Twizelerheide wie in tsjoenster, seinen se. Hekse-Harm seinen se ek wol. Hy koe him yn in kat mei gleone egen foroarje, seinen se.
Hie ien krinten om 'e mûle of in seare holle, dan wie sa'n ien bitsjoend.
In bern dat bitsjoend wie hie in krâns yn 't holkessen. Dy krâns woarde der úthelle en opbrând. Earder woarde 't bern net better. By...
nl.verhalenbank.36314