Hjir skeanoer wenne myn broer Jehannnes. As dy sneins nei tsjerke west hie en hy kom werom, dan wienen altyd de kij los op 'e stâl. En sa wie 't ek mei de keallen bûtendoar, dy sieten net mear oan 't tou.
Earst gong it der soms bot oan wei, dan wie 't ien en al leven op stâl. 't Gebeurde ek faek dat de bargen út it hok wei wienen. Dan fleagen dy bargen as...
nl.verhalenbank.24373
Achter ús mem yn 'e Harkema wennet in minske, dat is de frou fan Piter Rauwerda. Dat minske hat bitsjoend west. Se hie krânsen yn 't kessen. It wie in frommes fan Bûtenpost, dy't har bitsjoend hat (de frou fan Frits Klunder)
nl.verhalenbank.23936
In tsjoenster foroaret har yn in kat. Sy hat it meastal op lytse bern forsjoen. Dan gûlt sa'n bern de hiele nacht.
In tsjoenster is yn de regel in âld-minske.
nl.verhalenbank.28129
Myn heit fortelde, njonken syn folk wennen Albert (Bos) en Gees. Gees hie nou en dan pine. Op in nacht kom se wer ris by heit en dy fanwege de pine.
Heit sei: "Fordomd, hast wer nei âlde Wyts west to praten?" "Sjoch Gees," sei heit, "dit mast mar ris opdrinke."
Doe joech er har in kopfol brandewyn mei in dikke skoat terpentyn der yn.
De oare deis moest...
nl.verhalenbank.24699
Doe't Jiske Wyts ien fan uzes ris bitsjoend hie, hat heit ris yn 'e nacht nei har ta west. Doe wie se midden yn 'e nacht yn 'e kachel oan 't readen.
Doe hat heit alle glêzen by har ynslein.
Har soan dat wie Jochum-sûnder-hakke. Dy sei: "Sil 'k him gau us bitsjoene?"
nl.verhalenbank.24701
Us mem fortelde, hja hie us in apel krige fan Alle Tet. Mem biet der yn. Doe sei Hindriks Janke (dy't mei de helm geboaren wie) tsjin har: "Saek, Saek, dat mast noait wèr dwaen. Hiest ek wol yn in pod bite kind!" Dan hie mem forgiftige west en yn 'e macht fan 'e tsjoenster.
nl.verhalenbank.28160
De tsjoensters ha allerhande popkes. Dy stelle minsken foar, dy't se bitsjoene. Sy stekke mei spjelden yn dy popkes. Dan krijt de persoan, dy't it foarstelle moest, pine.
nl.verhalenbank.21543
As der hjir in bern bitsjoend wie, reizgen se nei Kûkherne, nei greate Wopke. Se krigen dan meastal in fleske mei drank mei. Wopke warskôge altyd: "Tink der om, dat it fleske ûnderweis net stikken giet, hwant der loere guon op, dy't it op it bern forsjoen ha."
nl.verhalenbank.19603
Heit syn suster wenne by 't Dwarsdjip yn in spitkeet. Auke-om dat wie har man. Sy hienen in dochter, dat wie Jantsje, dy wie hyltyd sa binaud.
Heit sei tsjin Auke-om: "Sil 'k dy sizze, wy matte foar Jantsje nei Frânse Hinke ta."
Heit en Auke-om gongen nei Rottefalle mei in himdtsje fan 't bern.
Hinke frege: "Hat it famke dêr en dêr ek hwat hawn? Hat se...
nl.verhalenbank.24447
Wy ha wenne yn 'e Drachtster Kompenije oan 'e feart. Dêr setten wy wolris mei de klomp in krús oer 't paed. Dêr koenen tsjoensters net oerhinne komme, seinen se.
In tsjoenster kin har yn in swarte kat foroarje. As men sa'n kat in lawibes joech, dan hie de tsjoenster de oare deis in smetlape oan 'e holle.
De tsjoensters bitsjoenden yn de regel bern. Dan...
nl.verhalenbank.36094
By ús heit syn âlden kom alle jounen in dikke houn, dy lei de foarste poaten op 't finsterbank en dan seach er mar nei 't bern, dat dêr yn 'e hoeke yn 'e keamer lei. As heit der út gong wie de houn wer fuort. Dy houn dat wie in tsjoenster, dy hie 't bern bitsjoend. Pake en dy wennen yn 't hûs, dêr't nou Ritske Bekkema wennet, oan 'e Bethlehemsreed, hjir...
nl.verhalenbank.38696
It gebeurde hjir yn 'e Boelensloane wolris dat der ien in krâns yn 't kessen hie. Dyselde wie dan bitsjoend. Dat hie in tsjoenster dien. Dy persoan woarde siik en sy gongen nei in duvelbander ta om guod tsjin dy tsjoenster.
Dat wie meastal duveldrek. Dat leinen se dan ûnder 'e drompel. Sy droegen it ek wol op 't boarst (duveldrek wurdt nòch wol brûkt; 't...
nl.verhalenbank.32781
Iet ien hwat fan in tsjoenster op, dan foroare dat yn in pod. Jehannes Wyts wie in tsjoenster. Hja roan de famkes nei dy't nei de winkel ta gongen mei in muntsje. Mar dy famkes doarsten 't net opite. Se wisten wol dat it dan net goed kom.
nl.verhalenbank.21893
Wy ha us in bern siik hawn, doe lieten wy Piter komme.
It earste dat Piter frege wie: "Ha der ek forkearde egen oer him gong?"
nl.verhalenbank.24455
Piter Claus wenne oan 'e Spekloane. Hy wie in soarte fan wonderdokter. Hy brûkte homopathyske middeltsjes.
Mar ik hie der great respekt foar. Hwat hat dy man in soad lju genezen, fral bern. Wy ha froeger noait in dokter brûkt. Wy gongen altyd mar nei Piter Claus en dy makke ús wer better.
Piter Claus fortelde ris, hy en syn soan Halbe moesten ris...
nl.verhalenbank.24454
De tsjoensters dy't hjir tahâlden hienen popkes. Dêr stutsen se nuddels yn. De popkes stelden bern foar. Dy bern woarden dan bitsjoend.
nl.verhalenbank.21896
Alde Rikele Myt fan 'e Skieding wie in echte tsjoenster.
In suster fan ús heit hie in bern oerwoun. Dat bern bleau by pake en beppe yn 'e hûs. Op in kear wie beppe to praten by Rikele Myt. Hja naem it bern mei. It bern wie de oare deis sa siik as in houn. It is net wer better woarn, 't is stoarn. Alde Myt hie 't bern deatsjoend.
nl.verhalenbank.37779
Frânse Hinke wie duvelbanner. Sy wie de opperste fan 'e tsjoensters. Sy sei: "Jimme matte in pakje spjelden goed yn wetter siede litte. De pine, dy't de tsjoenster it bern oandien hat, sil se dan sels ûndergean. Sy sit dan to razen en to kjirmjen."
Heit en mem ha de ried opfolge. Dy't se net fortrouden ha se net yn 'e hûs litten. Ik wie mei in wike wer...
nl.verhalenbank.24448
Myn suster hat ek bitsjoend west. In tsjoenster hie har guod jown, dat hat se opiten. Hja hie krânsen yn 't kessen. Doe't se dy forbrând ha, ha de katten èk sa raesd.
nl.verhalenbank.28158
Us mem wie in lyts famke fan sa'n fjouwer jier. Sy wennen achterút. Op in kear krige se in apel fan Rikele Myt. Doe't se dy op hie krige se pine yn it liif. Har mem hie fuort yn 'e gaten dat se troch Myt bitsjoend wie. Sy gong nei Myt ta en sei: "Dû hast myn bern siik makke, nou mast it wer better meitsje."
"As ik it dan dien ha," sei Myt, "goed, dan doch...
nl.verhalenbank.28326