Der hat froeger by ús mem en dy ien bitsjoend west, ik wyt net mear hwa. Mar mem joech Thys Weening dêr de skuld fan. Thys Weening sutele mei in fetsje mei pikelhearrings yn 'e Harkema en dy doarst noait by ús oer de drompel to kommen. Dêr hie mem duveldrek ûnder lizzen en dan kin in tsjoenster der net oer komme.
nl.verhalenbank.22719
Myn âlde omke Lammert, doe't dat noch in bern wie, gong er wol us nei âlde Ot ta.
Hy wie in jonge fan in jier of fjirtsjin, doe gebeurde it op in kear dat Ot him hwat joech. Doe't er thús wie, krige er in ôfgrysliken pine.
Doe sei beppe: "Der kom nyskes ek hwat oanroljen." Doe't omke Lammert dat hearde, hied er hyltyd it eech op it iene glês, dêr't beppe...
nl.verhalenbank.21566
Piters Lys hjir op 'e Bulten hat bitsjoend west. Hja hie in krâns yn 't kessen. Dat is noch mar even lyn.
Hat men guod fan 'e duvelbander, dan mat men der om tinke dat men dat goed achter slot hat. Dat meije oare minsken net sjen.
nl.verhalenbank.24636
Ael Westra hat in dochter, dy is troud mei Fokke Witteveen. (hy is noch út 'e famylje fan Sterke Hearke)
Fokke syn wiif kom us by ús doe't ús bern siik wie. Hja nom it op 'e skoat en lake en skattere hyltyd mar.
Doe kom ús kat der yn. Doe krige se dy en aeide op 't beest om. Hyltyd mar troch.
De oare deis wie ús kat dea. Dy hie se deatsjoend. (de kweade hân)
nl.verhalenbank.21462
By de Nije Wei wie froeger in poel. Alde Jelle Njiltsje hie dêr in winkeltsje. Dat wie in tsjoenster. Hja bitsjoende har eigen skoandochter. Dy woarde siik. Letter bitsjoende se ek noch de baerch fan dy minsken.
Doe ha dy lju nei de duvelbander ta west. Dy joech har duveldrek mei. Dat ha se ûnder 'e drompel lein en doe koe de tsjoenster der net oer komme....
nl.verhalenbank.32747
In jier of hwat lyn hat de frou fan Piter Rauwerda in krâns yn 't kessen hawn. Dy hat frou Klunder der yn tsjoend. Dat wie in tsjoenster. Yn dy krâns siet in fiskgraet en allegear triedtsjes jern dy't it minske deis brûkte.
As dy krâns fol west hie, hie 't minske dea west.
nl.verhalenbank.32746
Frânse Hinke to Rottefalle wie duvelbanster. Der wie us in hynder bitsjoend. Doe joech hja de boer dizze rie: Hy moest hwat hjouwer stelle, dat siede en dat it bitsjoende hynder jaen.
nl.verhalenbank.20963
By Willem Stienstra leinen moaije mestbargen yn 't hok. Mar doe kom âlde Hindrik Pyk (= H. Ophuis) dêr us. Dy gong even nei de bargen ta en striek se oer de rêch mei in stokje. It gefolch wie: Der wie noait ien fan 'e bargen dy't wer frette woe. De bargen wienen neat mear wurdich.
nl.verhalenbank.22191
Der kom us in koopman by minsken yn 'e Hamsterheide. It bern fan dy minsken wie siik, en dêr waerd oer praet. De koopman ornearre, it bern koe wol us bitsjoend wêze. En sa praetten se in skoftlang oer tsjoenderije.
De koopman gong wer fuort. Hy gong de reed del en sa oer de bou. Dêr lei âlde Hindrik yn 'e tún (Hindrik Ophuis?) Alde Hindrik wie in...
nl.verhalenbank.17466
Us mem helle us fyftich baelders op fan Teije Tammes Syts. Mar doe't se mei dy baelders fuort soe, liet Syts har stean. Se koe net in foet forsette. Wol in healûre lang hat se dêr sa stien. Doe kom Syts har keardel der oan. Dy sei tsjin mem: "Dû hast hjir lang genôch stien. Dû mast sjen datst thúskomste mei de branje."
Doe koe mem earst noch net to bêst...
nl.verhalenbank.20032
Myn âldste suster Janke hat ek bitsjoend west. Wy wennen yn Stiensgea doetiids en ik wie noch net geboaren. Janke wie noch mar in bern. Hja tsjirme. Hja woe net oanwinne en raesde altyd. Der wenne dêr in âlde bolkoerrinster, dy hie wakker de rin by ús. Dy woe altyd even by 't popke sjen. Dan kom se yn 'e hûs en nom Janke even yn 'e earms.
Heit bigong har...
nl.verhalenbank.32952
De koe fan Oedze Willem (Stienstra) hat er ek bitsjoend. It dier wie sa bang foar him, as hy dêr lâns kom en de koe seach him, dan raesde er it út.
Oedze Willem syn bargen hat er deatsjoend. Sy woarden earst hielendal blau en doe stoaren se.
nl.verhalenbank.23530
Trapet ien op in pod, dan bigjint it to tongerjen.
Krijt ien in apel fan in tsjoenster, dan foroaret dy yn in pod.
As ien hwat fan in tsjoenster opiet, dan woarde er siik.
nl.verhalenbank.25554
In frou hjir fan 'e Harkema fortelde: "Op in kear kom der in frommes by my mei de sinteklazekoer. Ik moest de bern hwat jaen, sei se. Ik fortroude it net, hwant it minske gong foar in tsjoenster troch, mar ik die 't al. 'k Hie twa bern, 'k joech se elk hwat dat ik fan it minske kocht hie.
Dêr hienen jy 't letter al, 't iene bern wie bitsjoend.
Doe ha 'k...
nl.verhalenbank.25724
Ik hie in jonkje, in lytse Gerrit, dy wie troch Alle Tet bitsjoend. It bern wie doe fiif jier âld. Wy wennen yn dy tiid op 'e Bulten, by Tet yn 'e buert. Elke dei kom se by ús. Dan nom se it bern út it bedtsje en dan sei se: "Hwat bistû in leaf jonkje." Sy sloech net in dei oer of sy kom. Dan roan se der samar yn. Sa dryst wie se, en dan it bern mar op 'e...
nl.verhalenbank.23429
Op 'e Bulten wie in bern bitsjoend. De heit gong nei de duvelbander greate Wopke ta. Wopke joech in drankje mei. Hy sei: "De earste dyst moarnmoarne tsjinkomste sil dy freegje: - Hwer hast hinne west? - dy hat it bern bitsjoend."
It wie Alle Tet (de frou fan Alle Wagenaar, dy't him de oare moarns it earst dêr nei frege).
nl.verhalenbank.22220
In âld-minske yn 'e Harkema hie in bern bitsjoend. De heit gong doe nei lytse Minse, de duvelbander fan de Ham. Dy joech him guod mei yn in fleske. "Mar," sei er, "pas der goed op ûnderweis, hwant der binne guon, dy aze der op."
Hy roan dwars oer, oer de skeanpaden werom nei Harkema. Doe kommen alle kij achter him oansetten. Op 'e hinnereis hied er dêr...
nl.verhalenbank.21327
As Melle Tiet froeger by de bargen kom, woenen se net mear frette. Dan wienen se bitsjoend. Sy wenne yn 'e buert fan 'e Skieding.
Dêr wenne ek in man dy syn bargen wienen èk siik.
Doe seach dy in rôt by syn trôge. Hy sloech nei dy rôt en rekke him.
De oare deis hie Melle Tiet in doek om 'e holle.
nl.verhalenbank.24881
Doe't skoanheit syn suster noch in famke wie, siet dy bot yn 't lijen. Hja gûlde altyd. Doe wienen der guon, dy seinen: Dat bern kin wolris bitsjoend wêze.
Mar dêr woe beppe neat fan leauwe.
Der kom faek in naeister by harren, dy't deis foar har naeide.
Op in kear, doe't it bern wer bot raesde makken se de jouns it kessen iepen, dêr't it bern de holle op...
nl.verhalenbank.32951
By de Lytse Wei ûnder Droegeham wenne Wytse Bosma. Hy hie in dochterke, dat tsjirme. It wie de âldste. De lju seinen, it wie bitsjoend, mar Wytse lake dêr om.
Mar it bern woarde minder en dêrom sei er op in kear tsjin heit: "Wolstû foar my nei Frânse Hinke foar it bern? It komt sa, leau 'k, net goed. Dû kinst in goune fortsjinje." Frânse Hinke wenne yn 'e...
nl.verhalenbank.23441