Der wie in faem, dy wie to reedriden west oer iis. Mar hja koe net in feint krije. Dat siet har danige dwars. Hja kaem thús en doe sei se ûnder iten: "Dêr duvel, hastû ek hwat", en doe smiet se in stik iten fuort. Doe kaem de duvel by har. Doe wie se deabinaud. Hja sei: "Heare, help my."
Doe is de duvel wer ôfset.
nl.verhalenbank.31126
't Gebeurde wol faek dat sa'n kat in opdonder krige. Dan hie de tsjoenster de oare deis in doek om 'e holle of sa.
nl.verhalenbank.25609
As jy op in plak komme dêr't in protte slangen binne, en dêr is in slangekoaning by, dan kin sa'n slangekoaning syn slangen forbiede dat se jo hwat dogge. Der binne mar hiel inkelde slangekoanings. Sy drage in kroantsje op 'e kop. It is net bêst as men in slangekoaning hwat docht. Dan begjint er to piipjen en dan komme alle slangen op jy tasetten en...
nl.verhalenbank.24311
Minsken dy't kûgelfrij binne, dy wurde yn 'e oarloch net deasketten. Frijmetselers binne ek kûgelfrij.
Ek deselden, dy't mei de helm geboaren binne.
Guon wolle graech sa'n helm ha, hwant sa'n helm biskermt har tsjin gefaren. Se wurde net deasketten en op sé forgiet it skip net, dêr't sy op farre.
Frijmitselers krije jild fan 'e duvel. Sy ha noait...
nl.verhalenbank.24305
Us mem hat it forhaeltsje wolris forteld fan: De tijd is verschenen, maar de man is er niet.
nl.verhalenbank.24649
Wy gongen froeger nei de Grinzer klaei ta to wjudden. Dan slepten wy op in greate souder by Jan Kraak to Loppersum yn 'e skuorre. Wy gongen altyd nei dyselde boer ta.
Myn suster Rinsk hat us op 'e souder lein, doe fornom se dat der har in kâld bernehantsje op 't wang lein woarde.
nl.verhalenbank.25594
't Gebeurt wol dat in minske net stjerre kin. Dan wurdt der frege: "Hat se ek klean oan, op snein makke?"
As dat it gefal is dan dogge se in knip yn 'e klean. Oars, seit men, wolle de siken der net út.
nl.verhalenbank.23867
"Traepje net op in pod," sei ús mem, "dan bigjint it to tongerjen."
nl.verhalenbank.23873
In moart komt altyd út, al sille de roeken en de kraeijen 't ek útbringe.
nl.verhalenbank.23866
It doogde dêr net by Jan Kraak. Japik Pander hat dêr us hwat op 't fuottenein lizzen hawn.
nl.verhalenbank.25595
't Wie op 'e Houtigehage yn 't bigjin fan ús memme trouwen. Op in nacht hearde ús mem klear dat der peallen delgoaid woarden en hout. Mar dat wie yn werklikheit sa net. 't Wie tjirmerij, hwant letter brochten se peallen foar Wytske-moai har spitkeet yn 't achterhûs. Dàt hie se heard.
Hwant Wytske-moai woe in hutte ha. Hja hie in bern en de heit fan it...
nl.verhalenbank.24648
Minsken kinne net stjerre as se klean oan ha, dy't op snein makke woarn binne. Dan matte se dy klean earst út dwaen, dan is 't samar gebeurd.
nl.verhalenbank.24304
Yn 'e Harkema wenne in keardel, dat wie Wibe Hut (= W. Alma). Dy siet us yn 'e kroech op it Jachtfjild. Hy swetste mar op en mar flokke. Hy wie foar gjin duvel bang, sei er. Doe't er nei hûs ta soe, is er opnom woarn en fuortsmiten.
Datselde is Sytse Jager fan 'e Harkema ek ris oerkom.
nl.verhalenbank.24310
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
Yn Houtigehage lei in bern yn 't berneweintsje. Dêr kom altyd in swarte kat by dat bern. 't Wie in fremde kat.
Doe seinen dy lju: "Soe dat wol goed spul wêze, dat dy kat dêr altyd is?"
Sy hienen 't net sein of de kat gong fuort. Hy naeide út en sy ha him noait wer sjoen.
Dat gebeurde by ús heit en mem yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.25608
Bloedplakken dy't troch in moart ûntsteane kin men letter net wer útwiskje.
nl.verhalenbank.31127
Hearke hie in dochter, dat wie Rixt. Rixt wie ek ôfgryslike sterk. Hja hie forkearing mei in keardel, dy liet har yn 'e steek. Doe trof se him wer op in gelegenheit by in feestje. Hja kom by him en frege him om to dânsjen. Hy woe wol. En hy woe ek wol wer forkearing mei har ha, sei er.
Mar hja hat him sa bot knypt ûnder 't dânsjen, dat de ribben binne him...
nl.verhalenbank.21693
As ien net stjerre kin, dan hat er faek hwat oan dat op snein naeid of breide is.
Zondagssteek duurt geen week, seinen se altyd.
nl.verhalenbank.37797
Boardzer Bruining hat in jier yn 'e gefangenis sitten. Yn 't bigjin died er dêr net in wink yn 'e egen. Hwant de nachtmerje kom geregeld by him. Der siet in gatsje yn it traeljefinster, dat ha se tichtmakke. Hwant dêr kom de nachtmerje troch. Dan hie hy der gjin lêst mear fan
nl.verhalenbank.21687
As jy de kaem fan 't mattestel net der út dogge foar de nacht, dan wurdt der yn 'e nacht trochweefd, wurdt der sein. (Se weefden froeger matten yn Houtigehage en Boelensloane)
nl.verhalenbank.23735
By 't Blauhûs spoeket altyd in grouwe houn op sloffen, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.25422