Om 'e sawn jier moat in tsjoenster op syn minst ien deatsjoene, oars moat se stjerre.
Tsjoensters foroarje har soms yn katten. Sa hâlde se ek forgaderingen ûnder lieding fan ien. Dan sjonge se ek.
nl.verhalenbank.27952
Guon kinne soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.28122
Mei Noardewyn kin 't gebeure dat it allegear diggelfjûr is op 'e kant fan 't wetter oan 'e wâl. As jo der tsjin oan skoppe is 't allegear fjûr. Dan is 't wetter fjurrich.
De netten binne dan gleon by nacht. Dan komme de fisken der net yn.
nl.verhalenbank.28108
Mei in spylkaert kinne guon in flesse drank komme litte.
't Moest in swarte boer wêze. De skoppenboer is de duvel, dat is deselde mei de bile.
nl.verhalenbank.28120
Froeger roan der yn Peasens in paed oer 't tsjerkhôf. Dêr moasten by nacht al ris guon oer. Doe seagen se op in plak op 't tsjerkhôf hwat forwegen, dat wie dan wer swart en dan wer wyt. Sy doarsten der net lâns. Net ien doarst der hinne om to sjen. Sy hienen dêr al in moai skoft stien, doe seinen se: "Wy moatte de deagraver mar ris freegje of dy der hinne...
nl.verhalenbank.27944
Njonken myn omke yn Peasens wenne in man, dy gong foar in tsjoenster troch. Dy man hiet fan Ljujjus (= Livius). Omke fortelde, op in kear stie er fóár by 'e wei mei omke en dy to praten tsjinoer de foardoar.
Omke rint troch 't hûs nei de achterdoar - en dan komt dyselde Ljujjus út it hok wei; doe hied er de geit krekt molken. Doe wist omke dat der twa...
nl.verhalenbank.27950
Hjir wennen froeger twa âlde bruorren. De iene wie troud, de oare net. Dy bruorren hienen in skip togearre.
Deselde dy't troud wie koe net bêst mei syn wiif. It heakke altyd tusken harren.
Doe jage de broer dy't net troud wie him by 't wiif wei en doe libbe hy der tonei mei.
Syn broer dy't skulpefisker wie, lei bûtendyk. Doe kom der in hountsje by him oan...
nl.verhalenbank.27830
Sémearminnen húsmannen yn 'e sé, mar hjir net by de kust. Mear fierderop. Sy koenen moai sjonge. Dêr lokten se de manlju mei. Dy sprongen oer board en fordronken.
Seagen de minsken op sé sa'n sémearmin, dan soe it skip forsinke, ha se my wolris forteld.
nl.verhalenbank.27824
Njonken ús wennen in man en in frou. Dy hienen twa soannen. Op in joun let wienen se ûnderweis nei hûs ta. Hja roannen op 'e dyk lâns, hwant beneden wie de wei smoarch. 't Wie slim modderich. Doe woarden se ynienen allebeide by de dyk delsmiten.
In pear dagen letter forstoar dy jonges har mem. Omdat it paed sa smoarch wie, gongen se mei 't lyk op 'e dyk....
nl.verhalenbank.27818
As de bern jouns let noch bûten wienen, seinen se: "Tink der om, der binne pleachbeesten, hear."
Dy pleachbeesten hienen hiele lange earen; mei dy earen klapten se hjir of dêr tsjin oan, dan wie 't allegear fjûr. Sa'n pleachbeest like op in baerch.
nl.verhalenbank.28097
Yn Ljussens wenne ien, dy seach in lykstaesje fan tofoaren, dêr roan in wyt hynder foar de wein. Dat wie noch noait earder gebeurd. It hynder foar de lykwein wie altyd swart. Even letter kom der in frou op 'e Alddyk ûnder Ljussens to forstjerren. Der woarde in swart hynder foar de wein spand. Mar dat hynder sette 't yn 'e kant. Doe wie dêr krekt de...
nl.verhalenbank.27819
"Tink der om, de tsjelwiven komme, dy nimme dy mei, gau yn 'e hûs", seinen de lju tsjin 'e bern, as dy jouns noch bûten wienen.
nl.verhalenbank.27825
As jo op in pod of in kikkert traepje bigjint it to tongerjen.
nl.verhalenbank.27831
In nachtmerje wie in frommeske. 't Wie ien fan sawn dochters. Hja kaem troch 't slotsgat by it slachtoffer, krekt as tsjoensters. Hja gong earst nei 't fuottenein ta.
nl.verhalenbank.27945
Yn Dokkum wenne in waarzegster, dy hie in swarte spegel.
nl.verhalenbank.28121
't Gebeurde wol dat de tsjernmoune gong yn 'e nacht.
"Hwat dat wer is, dat witte wy net", seinen wy dan.
nl.verhalenbank.28109
It tsjerkhôf fan it âlde Starum leit tusken Staveren en Inkhuzen. It is dêr allegear forsonken. Dêr is in beaken (in tonne) foar de fiskerlju delset boppe op dy stiennen.
Dat is in warskôging, dat de netten fan 'e fiskerlju net stikken en fortiisd reitsje sille troch de grêfstiennen ensa.
nl.verhalenbank.28125
Traepje noait op in slak. Dan bigjint it to tongerjen.
Hat in slak modder op 'e sturt, dan krije wy rein.
nl.verhalenbank.28119
't Gebeurde wol dat minsken yn 'e nacht it spinnewiel hearden. Dan waerd der spoun. Dat wie 't wurk fan 'e kabouters, waerd der sein.
By de timmerman gebeurde 't wol dat se dêr yn 'e nacht timmerjen hearden. Dan seinen sei: "Der sil ek gau wer ien stjerre, hwant by de timmerman wienen se al mei de lykkiste oan 'e gong."
nl.verhalenbank.27941
Tsjoensters ha popkes. Dêr prippe se yn mei nuddels en spjelden. Dêr pinigje se de minsken mei. Hjir hat froeger ien yn Moddergat wenne, dy koe dat. Dat wie swarte Akke.
nl.verhalenbank.27955