Hja ha hjir in kat alris in reis jown. Sy tochten dat it in tsjoenster wie. En dat wie ek sa, hwant de oare deis wie der in frommes kreupel.
nl.verhalenbank.28100
Yn Moddergat wenne in frou, dy wie mei de helm geboaren. Dy wist altyd hwa't der stjerre soe. Nachts gong se fan bêd ôf om de lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.28114
As jouns de sinne gleon op 'e glêzen skynt en 't liket fan fierrrens krekt as stiet it hûs yn 'e brân, dan komt der hurde wyn.
As de kobben heech yn 'e loft soeije, sûnder dat se de wjokken biwege, komt der ek hurde wyn.
As de loft alhielendal klear is, sûnder in wolkje, komt der binne trije dagen rein.
nl.verhalenbank.28110
Yn Wierum wennen twa kammeraden. De iene stoar. De oare gong op in kear, doe't er dronken wie, nei 't tsjerkhôf, nei 't grêf, dêr't syn kammeraed biïerdige wie.
Doe sei er: "Hwat dochstou hjir? Ik bleau leaver op sé yn tsien fiem wetter as dat ik hjir lei."
Fuort dêrnei gong er nei sé to fiskjen op 't skip. 't Wie blêdstil waer. Hy rekke oer board en de...
nl.verhalenbank.28104
In wearwolf wie in man dy't in protte friet.
nl.verhalenbank.27960
In nachtmerje wie in frommeske. Hynders hienen foaral lêst fan in nachtmerje. As hja by sa'n hynder west hie wienen de moannen alhiel fortize. En 't hynder sloech dy nachts hiel bot.
nl.verhalenbank.27828
Froeger hienen se hjir in reddingsboat. Dy lei yn in boathûs. Sa nou en dan wie der in bouns yn dat boathûs. Guon hearden dat. Dan seinen se: "'t Spookt ek wer yn 'e reddingboat. De boat moat der yn 't koart wer op út." It woarde as foartsjirmerij biskôge.
nl.verhalenbank.27814
Hjir tichteby stie in hûs, dêr wennen minsken yn, dy hienen in popke. Dat wie tige siik. Elkenien koe sjen dat it net goed kom. Dat popke rekke wei.
Al in pear jounen fan tofoaren gong dêr in âld houn nei dat hûs ta en dy siet dêr de hiele joun foar dat hûs to spookgûlen. Se jagen him fuort, mar even letter wie hy der wer en dan gong 't wer op in...
nl.verhalenbank.27815
In stik of hwat fammen fan Wierum hienen nei Moddergat op bisite west, nei kunde. Yn 'e bocht by de Blauwe Daem spoke it altyd. Doe't de froulju de jouns werom kamen seagen se dêr in lykstaesje. Doe setten se werom op Moddergat ta. Sy doarsten dêr net foarby.
nl.verhalenbank.27829
Yn Nes stie in herberch. Op in joun hâldde in ploechje manlju dêr it avondmael. Bolman, in boer, wie de oanfierder. Doe't er de jouns allinne nei hûs ta soe, siet de duvel him achternei. Hy is dwars troch de grêft hinneflein en sa is er yn 'e hûs kaem.
nl.verhalenbank.27961
Der binne sinnefisken, dêr sit de sinne op ôfbylde.
nl.verhalenbank.28105
Op 't Amelân wenne in keardel dy wie ôfgryslike sterk. Hy wie njoggen en tweintich jier en woech twahûndertfiifensechstich poun. Syn earmen wienen like grou as myn billen.
Der stienen tonnen fol hearrings ûnder yn 't skip. Elke tonne woech trijehûndert poun. Fiif man tilden dy altyd op. Hy tilde sa'n tonne allinne samar ûnder út it skip wei.
nl.verhalenbank.28111
As de bern by 't wetter kommen, seinen de greate minsken: "Pas op, de kikkerts pakke dy."
nl.verhalenbank.28107
Yn Moddergat wie in keardel dy wie tige earm. Dy foun in lyk, dat oanspield wie. Dat lyk hie in pear nije learzens oan. Dy luts er fan 'e skonken fan dat lyk en hy naem se mei nei hûs. Mar sûnt dy dei kloppe der jouns altyd ien by him op it rút, dy sei: "Ik moat myn learzens wer ha. Ik moat myn learzens wer ha."
Doe hat er dy learzens wer nei 't selde...
nl.verhalenbank.28113
Bûten Peasens wenne in fiskerman, dy neamden se Swarte Pyt. Op in kear siet de duvel him achter. Fan binaudens kroep er yn 'e droege sleat. Hy doarst dêr net wei.
nl.verhalenbank.27963
Hjir hat in frou wenne, dy wie mei de helm geboaren. Dy seach fan tofoaren lykstaesjes. Hja wist altyd as der ien stjerre soe.
nl.verhalenbank.27817
Op in moarn bitiid soenen in stik of hwat fiskfroulju der meielkoar op út om fisk to forkeapjen. Doe kommen se by in frommes dat èk mei soe, mar dy wie der noch net ôf. Sy sei: "Ik liz noch op bêd, ik bin der noch net ôf. Mar ik kom jim wol achternei. Wachtsje mar op 'e hoeke op my."
Doe de fiskfroulju dêr kamen, doe wie se dêr al. Sy moat dêr hinne flein...
nl.verhalenbank.28098
Yn Moddergat wenne in man, dy koe him yn in wite kat foroarje.
nl.verhalenbank.28099
Hwannear't in pau skreau, kaem der rein.
nl.verhalenbank.27816
Der wenne yn Wierum in man, dat wie in greaten spotter. Hy woarde siik en lei op bêd. Op in nacht skreau/raesde er hiel bot. Der wie net ien dy't nei him ta doarst omt it sa raer klonk. Sa bot gong er to kear. Sy standen it net.
De oare moarns lei de man dea op bêd mei de holle achterstofoar op 'e romp. Dat wie it wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.27962