625 datasets found
Dutch Keywords: beter Place of Narration: Houtigehage
Bareld Pultrum fan 'e Houtigehage gong us op in kear nei Jonge Jan ta fan it Wytfean. Dat wie in kwaksalver en hy fédoktere in soad. Bareld woe him ris op 'e proef stelle. Hy woe wite hoe kundich Jonge Jan wie. Hy hie it hier fan twa soune hyns meinom en dat joech er jonge Jan oer. De hynders wienen net goed, sei er. Doe joech jonge Jan him twa doaskes...
nl.verhalenbank.28412
Us buorfrou, dat wie Ritske Aeltsje. Sy wenne op 'e Houtigehage. Dêr hie in berntsje bitsjoend west by harren. Doe gongen se nei 't boerke yn Eastemar. It boerke joech in drankje mei foar 't bern. Hy sei, de earste dy't foar de glêzen komme soe, wie de tsjoenster. Mar sy mocht it drankje net sjen. Doe't er thús kom hienen se de glêzen bihong en doe it...
nl.verhalenbank.25600
Jan Mulder syn frou (Janne Luts) wenne oan 'e Skoallewyk yn 'e Houtigehage. It wie in tsjoenster, tominsten, dêr gong se foar troch. Ritske van der Meer hie in jonge, Germ (dy wennet nou yn Limburch), dy jonge rekke siik. Janne Luts kom dêr in bult oer 'e flier. Dy jonge wie siik en bleau siik. Der wie neat oan to dwaen. Se hienen alle middels prebearre,...
nl.verhalenbank.28046
Jan van der Woude, syn broer, wenne yn Grinzer Pein. Dy hie in dochter Bintsje en dy wie siik. Sy seinen: "'t Berntsje is bitsjoend." Doe gong Jan nei Frânse Hinke ta, dat wie in duvelbanster yn 'e Rotfalle. Dy joech him in fleske guod mei. Sy sei, hy moest meitsje dat er dêrmei thús kom en foaral net òmsjen, hwant dan kom der ien, dy soe it fleske...
nl.verhalenbank.23726
Piters Lys op 'e Bulten is in jier of fyftsjin lyn bitsjoend west. Hja hie in krâns yn 't kessen. Frou Klunder fan Bûtenpost krige de skuld der fan. Dat wie de tsjoenster. Doe't de krâns út it kessen wie woarde Lys wer better.
nl.verhalenbank.37324
Yn 'e buert fan Hoogkerk wenne in man dy koe ien de koarts ôfnimme, dy brocht er dan oer op in beam.
nl.verhalenbank.26077
As koeien moederziekte hadden, hooi stelen bij de buurman. As tie dan at, dan was tie beter.
nl.verhalenbank.126543
Met lichte maan loopt de paling niet. Maar als 't afgaande maan is, twee of drie dagen afgaande maan, dan loopt de paling wel en dan steeds beter.
nl.verhalenbank.128084
Piter Scheper nom de minsken de koarts ôf. Dat wie gjin smoesje. Hy brocht de koarts op in beam oer. Dy beam gong dan letter dea.
nl.verhalenbank.27581
As berntsjes bitsjoend wurde ha se meastal in krâns fan fearren yn 't kessen. Dy krânsen binne prachtich. Se binne mei gjin hân to meitsjen. Wurde de krânsen opbrând, dan wurdt it bern wer better. As se de krâns mar útelkoar hellen, woarde 't berntsje al stil.
nl.verhalenbank.33131
Een verenkrans in het hoofdkussen, dat werd vroeger gezegd als er een kind ziek was en 't kon niet meer beter worden.
nl.verhalenbank.70593
As heit kealforsmiters hie ûnder 'e kij, dan lei er duveldrek foar de beesten achter 't hoarnsket. Dan hâldde it kealforsmiten op.
nl.verhalenbank.34464
As de tsjerne bitsjoend wie, moasten se nei Hinse Jehannes ta, dy wenne op it Swartfean. Dat wie in lompe keardel. Ik hie us in dikke kou, sa'n fyftich jier lyn. Dy wie siik en it bist waerd minder. Doe gong ik nei Hinse ta. Ik hie hwat hier fan 'e kou by my. "Hwat hiestou?" sei Hinse tsjin my. Hy hie sa'n foars lûd. "Ik hie in sike kou." "Hast hier by...
nl.verhalenbank.20823
Op 'e Bulten hat ris in frommes bitsjoend west, dy bigong fiskjes to spuijen. Doe wie se gau wer klear.
nl.verhalenbank.25902
By ús wie froeger ien fan 'e famkes siik. Doe gongen se nei in duvelbander ta. Dy sei: Jimme matte it fearren kessen dêr't it bern op slept, mar ris neisjen. Doe hat mem dat fearren kessen iepen makke. Dêr siet in krâns yn. 't Hiele kessen moest opbrând wurde. Doe't dat gebeurd wie, woarde 't fanke wer better.
nl.verhalenbank.36979
Froeger kom it folk dat op 'e Grinzer klaei arbeide faek mei de koarts wer thús. Der hat in man west, dy koe de lju de koarts ôfnimme. Ik wyt dat it wier is. Hy brocht dan de koarts oer op in houn. Sa'n beest hie dan de koarts en bigoun to huverjen, mar de man wie genezen.
nl.verhalenbank.33784
Heit hat us in kear nei Wopke Duvelbanner ta west. Hy hie in hiele protte warten. Hy wie doe noch net troud. 't Wie op in snein-to-middei dat er by Wopke kom. Doe sei Wopke tsjin heit: "Mast al dy warten telle. Goed telle. Ast ien oerslachtste mei tellen, dan rekkest dy net wer kwyt." Heit hat him net forteld en in pear dagen letter wied er al syn warten...
nl.verhalenbank.21600
Frânse Hinke mastere ek mei fé. Sy kommen withoefier wei, alhiel út Grinslân om rie.
nl.verhalenbank.23763
Ik haw ris to flaeksteppen west op 'e Grinzer Klaei. Doe fordraeide ik dêr myn hân. Ik koe neat mear. Doe kom der in man by my, dy wie ôfkomstich fan Sweagerbosk, dy frege my: "Wolst dy hân wer better ha?" "Ja", sei 'k. Doe sei er: "Kom dan hjir mar." Doe hat er myn hân yn sines nom en doe hat er in mennich wurden prevele. Myn hân wie wer klear. Dy man...
nl.verhalenbank.35990
Yn 'e Pein wenne in man, dy wie mei de helm geboaren. Dat wie Douwe Stavasius. As der ien slim siik wie gong men wol nei him ta. Dan fregen se him of er ek hwat sjoen hie. Dan kommen se to witen as de dea neiby wie of net. Hwant hy liet altyd wol hwat út. Sei er: "Gean mar rêstich nei hûs", dan bitsjutte dat [dat] der foarlopich gjin gefaer wie en hy neat...
nl.verhalenbank.27993