Net ien dy't sa lige koe as Jan Hepkes. Hy geneesde ek wol minsken. Hy plukte de wite blommen fan wynsels (winde), dy joech er oan in frou, dy't siik wie. It minske is wer better woarn.
nl.verhalenbank.29442
Bindert Reitsma hat de bank yn Twizel. Dy wie tige min. De minsken tochten dat er it net helje soe. En dat tocht ik sels ek.
Doe kom ûnforwacht syn buorman to forstjerren troch in autoûngelok.
Ik sei: "Nou giet Bindert net dea."
"Hoedat sa net?" sei myn soan.
Ik sei: "Ik haw dêr in bigraffenis sjoen. Ik ha miend dat it dy fan Bindert wie, mar it wie dy...
nl.verhalenbank.21585
By Jan Harms op 'e Tike ha de kij bitsjoend west. Doe ha se duveldrek ûnder 'e stâl dien. Dat holp.
nl.verhalenbank.33036
Ik haw sels ris nei Wopke ta west, doe hie ik in njoggeneach oan 't bil. Dêr hie 'k gâns lêst fan. Ik moest dêr ek de binnenste blêdden fan in wite koal op lizze, doe wie dy njoggeneach der samar wei.
nl.verhalenbank.33587
Op in kear wie ús mem siik. Doe reizge heit nei Wapstermoune ta, dêr wenne doe in bikende kwaksalver. Heit hie mem har wetter meinom. Hy krige in drankje mei. Dat kostte fiif goune. Heit sei tsjin him: "Soe dit bate?"
Hy sei: "Gods zegen kan een hoop doen."
It holp wol. Sy is better woarn.
Doe't heit dêr siet, praette er mei in man, dy't er dêr trof.
Dy...
nl.verhalenbank.28428
Doe't myn âldste suster in popke wie krige se in fearren kessentsje fan mem har mem. Dat moest it popke yn 't weintsje ha, sei se.
Elke joun as hja yn 't weintsje lei, dan hearden heit en dy ien om 't hûs hinne rinnen. Mar dêr woarde net folle notysje fan nom. Mar dan bigong de poppe to gûlen. Dat die se elke joune. Doe't se al in stik âlder wie die se 't...
nl.verhalenbank.33424
Der wienen minsken, dy har bern wie bitsjoend. Doe gong de heit nei 't Swartfean, nei Hinse Jehannes de Boer.
Hinse sei: "Ik wit wol ien dy't in drankje foar it bern hat. Jimme matte nei de duvelbander fan Terbant ta."
Doe gong dy man dêr hinne. Hy krige in drankje mei.
"Tink der om," sei de duvelbander, "ûnderweis sille jo in moeting ha. Der komt ien by...
nl.verhalenbank.36978
Wopke wie net allinne in duvelbander, hy wie ek wûnderdokter. Hy joech faek goeije rie hwant hy wie o sa kundich.
Der wie ien, dy syn skonken sieten ûnder 'e rare plakken. 't Wie allegear iepen. Doe joech Wopke to rieden, hy moest de binnenste blêdden fan in wite koal op dy plakken lizze en dêr in wynsel omhinne dwaen. Dy koalblêdden mochten der net...
nl.verhalenbank.33586
Dêr wenne neffens heit ek in âld wiif, dy bitsjoende de bern. Hja foroare har yn in boarre.
De bern dy't se bitsjoende wienen alle ûren wekker.
Sa wie der ek us in bern, dat se bitsjoend hie, dat raesde ek altyd. De âlders tochten: dat mat ophâlde. It kessen woarde iepenskuord dêr't it bern op slepte. Dêr siet in krâns yn, dy hellen se der út.
De man hie...
nl.verhalenbank.26174
Yn Nijeskoat wenne in boer dy hiet fan Schaap. Dy syn kij rekken allegear siik. Sy wienen bitsjoend. Doe gong er nei Gûchelom ta, de duvelbander fan de Knipe. Dy man smarde it fé guod oer de rêch, doe woarden se wer normael en joegen wer molke.
nl.verhalenbank.28356
Joast Wiersma hat in hiel soad minsken genezen. Ik haw ris in swolme tean hawn. Dêr moest deis sûpenbrij op, sei er, en nachts in fiich. Ik wie mei trije dagen wer klear.
Rudmer Binnema lei yn 't sikenhûs. Dy moest de foet der ôf ha. Mar dêr wie er fuort net oan ta. Hy gong nei Joast en dy joech him in middel. Doe hat er de foet bihâlden. Letter is er...
nl.verhalenbank.33602
Der wie hjir in man, dy hie de koarts krige op 'e Grinzer klaei. Dy koed er noait wer kwyt wurde. Doe hat Piter Scheper fan Houtigehage him der ôf holpen. Der stie in dikke iken beam achter hûs.
"Gean mar fuort," sei Piter tsjin him, "de koarts sit nou yn 'e ikenbeam."
De beam stie to skodzjen en to triljen en de man wie syn koarts kwyt.
nl.verhalenbank.25659
As in tsjoenster ien bitsjoende tsjoende se tagelyk in krâns yn 't bêd. Se gongen nei de duvelbander ta om der fan forlost to wurden.
nl.verhalenbank.33601
Als we ’t paard ziek hadden, gingen we naar Jasken van de Kopstukken. Hij ging het dier dan “buit’n”; we mochten er niet bij zijn. In de regel was ’t beest even daarna weer beter. J. was Rooms, zoals alle bezetters.
nl.verhalenbank.45392
Joast Wiersma wie de wûnderdokter fan Jistrum. Dy wie o sa kundich. Der hat ris in man west, dy krige 't oan 'e skonk.
Hy reizge nei professers en nei de kundichste dokters ta. En allegear seinen se: "Dy skonk mat der ôf."
Doe gong er nei Joast ta. Joast sei: "Dy skonk hoeft der net ôf." Joast hat him smarguod jown en de skonk is wer better woarn.
nl.verhalenbank.33572
Alde frou Reitsma fortelde ek noch, op in kear wie se op 'e fyts nei har dochter ta, dy't yn Rinsumageast wennet.
Doe't se dêr oankaem hie se sein: "Nou ha 'k ûnderweis in lykstaesje sjoen. Ik woarde fan 'e wei ôfdrukt."
Hja fortelde oan har skoandochter Roas: in eintsje fan har ôf wenne in jonge, dy wie hiel bot siik. De minsken seinen, hy koe net wer...
nl.verhalenbank.28387
Ik hie bruorren dy kommen fan 'e klaei thús mei de trêddedeis koarts. Dat wie in hevige koarts dêr't se bot ûnder to lijen hienen. Sy masteren mei dokter, mar dy koe de koarts der net wei krije. Doe gongen se nei Knjillis Wytses, de wûnderdokter fan Sumar. Dy sei: "Jimme matte brandewyn ynnimme mei 't read fan 't aei." Dat ha se dien en sy wienen de...
nl.verhalenbank.27506
Ik wie noch mar njoggen jier, doe gong ik al mei nei de Grinzer klaei ta to wjudden. Bearn Brúnje gong ek mei. Mar dy krige dêr de koarts: de klaeikoarts.
Dy koed er allinne kwyt wurde, as er wer nei 't selde plak ta gong. Dat hat er dien en hy hat der noait wer lêst fan hawn.
nl.verhalenbank.29313
Myn omke Hindrikje Harm (Veenstra) kom in bult by ús yn Twizelerheide. Ik hie in moaije dikke knyn yn 't hok.
Omke sei: "Och heden jonge, hwat hast dêr in moaije knyn. Dy wol ik wol keapje."
"Dat wol 'k wol leauwe, omke," sei 'k, "mar ik wol him net misse."
"Hwat mat ik der foar jaen, Marten?" sei omke.
"Ik wol him net misse", sei 'k noch us.
Doe aeide...
nl.verhalenbank.27402
Hjir yn Ljouwert, op it Fliet, wenne ek in tsjoenster. Dy hat my ris in kear in pepermuntsje jown. Dêr haw ik slim siik fan west. Ik wist fan niks mear, 'k wie hielendal bidwelme.
Op 't lêst ha se duveldrek foar my yn 'e hûs helle. Dêr haw ik hwat fan opiten en ik krige der guon fan yn 'e bûs. Doe woarde ik wer better.
nl.verhalenbank.33847