206 datasets found
Dutch Keywords: beter
Der wie hjir in man, dy hie de koarts krige op 'e Grinzer klaei. Dy koed er noait wer kwyt wurde. Doe hat Piter Scheper fan Houtigehage him der ôf holpen. Der stie in dikke iken beam achter hûs. "Gean mar fuort," sei Piter tsjin him, "de koarts sit nou yn 'e ikenbeam." De beam stie to skodzjen en to triljen en de man wie syn koarts kwyt.
nl.verhalenbank.25659
As in tsjoenster ien bitsjoende tsjoende se tagelyk in krâns yn 't bêd. Se gongen nei de duvelbander ta om der fan forlost to wurden.
nl.verhalenbank.33601
Als we ’t paard ziek hadden, gingen we naar Jasken van de Kopstukken. Hij ging het dier dan “buit’n”; we mochten er niet bij zijn. In de regel was ’t beest even daarna weer beter. J. was Rooms, zoals alle bezetters.
nl.verhalenbank.45392
Joast Wiersma wie de wûnderdokter fan Jistrum. Dy wie o sa kundich. Der hat ris in man west, dy krige 't oan 'e skonk. Hy reizge nei professers en nei de kundichste dokters ta. En allegear seinen se: "Dy skonk mat der ôf." Doe gong er nei Joast ta. Joast sei: "Dy skonk hoeft der net ôf." Joast hat him smarguod jown en de skonk is wer better woarn.
nl.verhalenbank.33572
Alde frou Reitsma fortelde ek noch, op in kear wie se op 'e fyts nei har dochter ta, dy't yn Rinsumageast wennet. Doe't se dêr oankaem hie se sein: "Nou ha 'k ûnderweis in lykstaesje sjoen. Ik woarde fan 'e wei ôfdrukt." Hja fortelde oan har skoandochter Roas: in eintsje fan har ôf wenne in jonge, dy wie hiel bot siik. De minsken seinen, hy koe net wer...
nl.verhalenbank.28387
Ik hie bruorren dy kommen fan 'e klaei thús mei de trêddedeis koarts. Dat wie in hevige koarts dêr't se bot ûnder to lijen hienen. Sy masteren mei dokter, mar dy koe de koarts der net wei krije. Doe gongen se nei Knjillis Wytses, de wûnderdokter fan Sumar. Dy sei: "Jimme matte brandewyn ynnimme mei 't read fan 't aei." Dat ha se dien en sy wienen de...
nl.verhalenbank.27506
Ik wie noch mar njoggen jier, doe gong ik al mei nei de Grinzer klaei ta to wjudden. Bearn Brúnje gong ek mei. Mar dy krige dêr de koarts: de klaeikoarts. Dy koed er allinne kwyt wurde, as er wer nei 't selde plak ta gong. Dat hat er dien en hy hat der noait wer lêst fan hawn.
nl.verhalenbank.29313
Myn omke Hindrikje Harm (Veenstra) kom in bult by ús yn Twizelerheide. Ik hie in moaije dikke knyn yn 't hok. Omke sei: "Och heden jonge, hwat hast dêr in moaije knyn. Dy wol ik wol keapje." "Dat wol 'k wol leauwe, omke," sei 'k, "mar ik wol him net misse." "Hwat mat ik der foar jaen, Marten?" sei omke. "Ik wol him net misse", sei 'k noch us. Doe aeide...
nl.verhalenbank.27402
Hjir yn Ljouwert, op it Fliet, wenne ek in tsjoenster. Dy hat my ris in kear in pepermuntsje jown. Dêr haw ik slim siik fan west. Ik wist fan niks mear, 'k wie hielendal bidwelme. Op 't lêst ha se duveldrek foar my yn 'e hûs helle. Dêr haw ik hwat fan opiten en ik krige der guon fan yn 'e bûs. Doe woarde ik wer better.
nl.verhalenbank.33847
Beppe Klaske hie in kammeraetske, dy lei op bêd. Se wie altyd siik en gejaechd en noait rêstich. Doe hellen se de duvelbander nei har ta. Dy hat it fearrene kessen fan bêd helje litten. Dat waerd leech skuord en doe siet dêr in séfûgel (sémieuw) yn. Dy wie op 'e kop nei klear. As de kop der ek oan west hie, hie hja dea west. De séfugel waerd opbarnd. En...
nl.verhalenbank.20636
Wanneer een koe of paard kreupel is, hebben sommige[n] de gewoonte om naauwkeurig de plek waar te nemen, waar het beest met het kreupele poot gestaan heeft en er het zootje uit te snijden, het te droogen in den schoorsteen, waar het beest beter door zal worden. Zoo bestaat er volgens veler begrip een wonderbare genezing. Wanneer een koe of paard kreupel...
nl.verhalenbank.34694
Der wie in minske yn 'e Boelensloane bot siik. Frânse Hinke kom der by. Sy sei: "Jimme matte it kessen losmeitsje. Dêr sit in krâns yn. As jimme dy opbrânne, knapt it minske op." Dy krâns, dat wie it wurk fan in tsjoenster. Hja ha de krâns opbrând en 't minske woarde wer better.
nl.verhalenbank.23504
Hjir yn Stiensgea ha by ús buorlju de hynders al ris bitsjoend west. Dy't it dienen kamen nachts yn 'e krêbbe by de dieren. Dan wienen dy hynders hiel bot ûnstjûr. Doe binne se nei Wopke fan Kûkherne ta gong. Dy hat in fleske mei guod jown. Dêr moesten de hynders drippen fan ynnimme. Doe woarden se wer kalm.
nl.verhalenbank.23851
Myn frou komt fan Twizelerheide. Hja wennen dêr tichteby in tsjoenster, dat wie âlde Minne-Ael. Mar Ael kom noait by harren, se woenen dat frommes dêr net oer de flier ha. Skoanheit kom wòl by Ael. As der houtsjes kapt wurde moesten rôp se heit en dan die dy dat foar har. Dat hie noait wêze matten hwant hja ha de gefolgen der fan ûnderfoun. Doe't myn frou...
nl.verhalenbank.36736
Dy't op sé siik wurdt oan board, wurdt oan 'e wâl net wer better. De sé wol gjin sike minsken ha. Sy stjerre wol op sé, mar wurde net wer better.
nl.verhalenbank.28126
Verleden joar vertelde mien buurman: “ ‘n Poar weken leden ston hier ’n kou mit vrang (=uierziekte). En waist, wat ze doan hebben en wat ook helpt. Zai namen ’n levende môle en drukten dei dood in de hand. ’t Bloud, dat ze in hand kregen, smeerden ze over de vingers. Dat bloud streken ze over de titten van ’t boist. En ’t daier is beter worden.” Woarom...
nl.verhalenbank.41153
Yn 'e Harkema wie in bern siik. De buorfrou sei: "Jimme matte yn 't kessen sjen, hwant dêr kin wol ris hwat út komme." Doe ha se 't kessen iepentoarnd. Doe siet dêr in krâns yn, dy wie omtrint ticht. Doe gongen se nei de duvelbander ta. Dat wie jonge Jan fan 't Wytfean. Jonge Jan joech in drank mei. Hy sei: "Tink der om. Underweis is der kâns dat ien dy...
nl.verhalenbank.38679
Der wie us in man, dy woe Hinse tofiter ha. It hiet, dat er mei syn wetter by Hinse kom, mar hy hie 't wetter fan 't hynder meinom. Hinse joech him beanen en hjouwer mei om better to wurden.
nl.verhalenbank.23661
Mien voader en moeder waren ’r bé’j zwère en zo d’r erg vör um ’t te loate besprèke. Ik had es ’n keer ’n puuske op mien haand. ’t Bleef nog al wat onhawe. Voader en vöral moeder waren ’r bang vör. ’t Kos wel es kanker zien. En ik mos mar es nor Angeren goan. Dor wonde ’n vrouw, die da geneze kos. Die deej er popkes op. Da ware ’n sort middesiene zo groot...
nl.verhalenbank.49687
In jonge yn 'e Harkema - 't wie in soan fan Taeke Alma, - hie warten. It gebeurde yn 1956. Ergens oan 'e Lytse Wei hong sneins altyd in dracht wask achterhûs oan 'e line. Doe sei syn mem tsjin him: "Astû snein wer nei tsjerke gieste, mast dêr op dat plak, dêr't de wask hinget, sizze: 'Sa wier as it God in grouwel is, dat hjir sneins linnen oan 'e line...
nl.verhalenbank.21329