Hwat ik nou fortel gebeurde mear as 100 jier lyn.
Us pake wie skippersfeint. By de skipper rekke in bern bitsjoend. Hwer't se leinen, wit ik net. Pake woardde der op útstjûrd om nei in duvelbander ta. It wie gâns in ein rinnen, dat hy wie wit hoe lang ûnderweis. Hy krige guod fan 'e duvelbander mei. Dat moest yn it tsjuster stean. En de duvelbander sei...
nl.verhalenbank.12474
Joast joech altyd rie. Medesinen brûkte er net, wol krûden. Dy krûden forboude er sels achter hûs. Hy teppe se wylst de dauwe der noch oer lei. Guon teppe er mei ljochtmoanne en guon mei tsjustere moanne.
Net ien minske yn Jistrum gong nei dokter ta of hy bisocht it earst by Joast. As dy sei: ik kin dy net helpe, dan pas gongen se nei de dokter. Mar dy...
nl.verhalenbank.34506
Oud verhaal
Meester Jacob (Meister Jaopik) uit Ommen was een veedocter van wien men beweerde, dat hij aan 't haar van de koe zien kon wat ongemak zij had, ook al was hij uren van 't beest verwijderd. Een ongeloovige wilde den wonderdocter op de proef stellen en ging naar hem toe met een bosje haar van zijn zieke koe en met een dito van een gezonde. Hij...
nl.verhalenbank.34658
It is hjir wol gebeurd, dat minsken bihekst wienen. Dan waerd it kessen iepenmakke. Dêr siet dan in moai fûgeltsje yn. Dat waerd der úthelle en opbarnd.
Dan waerd de 'pasjint' wer better. Doe't ik noch tige jong wie fortelden âlde minsken sokke dingen wol.
Letter net mear.
nl.verhalenbank.20605
In famke fan myn suster hat ek bitsjoend west. It bern wie al in moai skoftsje siik. Sy hienen de dokter fan 'e Gordyk der by, dy sei: "It bern hat it oan 'e yngewanten." Mar hwat hy der ek oan die, it joech neat.
Der hie alris in kear in frou by harren west, sûnt wie 't bern noait goed west. It bern gong achterút as stof yn 'e sinne. Op 't lêst sei myn...
nl.verhalenbank.28270
Anne van der Bij wenne yn Ikkerwâld. Dy hie in bern, dat bitsjoend wie. Doe gongen se nei de duvelbander, dat wie greate Wopke fan Kûkherne. Dy joech in fleske guod mei foar it bern. Hy wie der sahwat mei thús, doe barstte it fleske. Doe moest er werom. Wopke hie sein, hy moest der o sa foarsichtich mei wêze. De twadde kear kom hy der mei thús. Doe't se...
nl.verhalenbank.33240
Myn broer hat as lyts jonkje bitsjoend west. Wy hienen in bakker, dat wie Sibbele Smit. Dy biseach him ris goed en dy sei tsjin mem: "Der geane forkearde egen oer dat bern. As ik jo riede mei gean dan nei Frânse Hinke yn 'e Rottefalle." (Frânse Hinke wie in duvelbander). Se nommen in smoarge doek fan myn broer mei. Hinke hat oanwizings joun. Hja joech...
nl.verhalenbank.33780
By Liuwe Janke wienen de piken bitsjoend.
Ek de kat wie bitsjoend. It beest lei oer de telle.
Der woarde duveldrek helle. Der woarde de dieren koetsehout om 'e hals boun en duveldrek ûnder 'e poaten smard. Doe woarden de dieren wer better.
nl.verhalenbank.28001
Hindrik Pyk (= H. Ophuis) kom faek by beppe en dy. Beppe hie dêr in great hekel oan, mar sy doarst der neat fan to sizzen.
Sy hienen doe in poppe. Doe sei er op in kear, hy woe de poppe graech sjen. Doe't dat gebeurde bigong it bern to razen, sadra hy fuort wie.
Sy koenen de poppe noait stil krije. Dy raesde mar troch.
't Wie in susterke fan mem.
Doe...
nl.verhalenbank.33408
In tsjoenster kin har yn in wite kat foroarje. Seagen de minsken froeger in wite kat, dan seinen se: "Dat is in tsjoenster."
In muoike fan my wenne achter de Bosk yn Stiensgea. Hja wie noait goed. Hja wie doe noch net troud. Ut en troch kom der in âld wiif by har. Sy seinen tsjin Teikje-muoi: "Dû koest wol bitsjoend wêze." Op in kear ha se doe 't kessen...
nl.verhalenbank.27657
Wy wennen by Surhústerfean op 't Ketting.
Ik hie in broer, dy wie sawn jier âld. Heit siet us in kear to roken út in hiel lange pipe. De jonge sei: "Lit my ek us smoke heit."
"Goed", sei heit, en doe liet er him in pear lûkjes dwaen.
Even letter woarde it bern sa mislik as in kat. Hy gong bûten op 'e groun lizzen en rôlle dêr om by in âld hage. Dêr rekke...
nl.verhalenbank.33742
Bezetten, dat kon ‘e ook goud. Zaike doir’n muik ‘e beter, en ook mensken. “k Heb wol gounend kend, dai d’r jammernd van de jicht hèn gungen en d’r zingend weer vot kwamen.
De man dee d’r ’n gebedje bie en dan was ’t kloar.
D’r wazzen wol meer bezetters. Wie binnen d’r ook wol west mit ’n zaike kou.
nl.verhalenbank.45774
De weerwolf dat is iets in de staart van een paard. "Hij heb de weerwolf in z'n staart", zeje ze dan. Van m'n vader heb ik, die had is van iemand gehoord, je moest d'r mee naar een smid in Gelderland. Die deed d'r wat an, strijke of hoe dan ok. Dan was 't paard weer beter.
nl.verhalenbank.70491
Bie sommige zaikten sluigen dai wat mensken ’n spieker in de boom. As de kop dan loater geliek was mit de schille, zal de zaikte over weez’n.
nl.verhalenbank.45412
Binne Fogeltsje wenne yn Drachten, by de kolk in steechje op. Hja wie kreupel.
Sy kom út en troch by ús mem om hwat to fortsjinjen. Wy wienen mei ús achten en mem koe 't wurk allinne net dwaen.
Wylst mem fuort wie hat Fogeltsje myn broer Knjillis bitsjoend. Hy woarde siik.
Doe't mem hearde dat dit Fogeltsje har wurk wie, is mem nei har ta gong en hat...
nl.verhalenbank.26189
[Een hiele minne was vrouw K. Sie hef n bult kwaad doan en de lu harren haar dik in de gaatn.]
Vlak aan de grenze was ook n kind ziek. De va naar vrouw K. toe en zee, dat ze komen moest. Ze wilden eerst niet met. Maar hie hef heur met trukn. Bie t kind zee ze: “Och kind, bint ie zo ziek?” En toen wur t schaap weer beter.
nl.verhalenbank.44446
Net ien dy't sa lige koe as Jan Hepkes. Hy geneesde ek wol minsken. Hy plukte de wite blommen fan wynsels (winde), dy joech er oan in frou, dy't siik wie. It minske is wer better woarn.
nl.verhalenbank.29442
Bindert Reitsma hat de bank yn Twizel. Dy wie tige min. De minsken tochten dat er it net helje soe. En dat tocht ik sels ek.
Doe kom ûnforwacht syn buorman to forstjerren troch in autoûngelok.
Ik sei: "Nou giet Bindert net dea."
"Hoedat sa net?" sei myn soan.
Ik sei: "Ik haw dêr in bigraffenis sjoen. Ik ha miend dat it dy fan Bindert wie, mar it wie dy...
nl.verhalenbank.21585
By Jan Harms op 'e Tike ha de kij bitsjoend west. Doe ha se duveldrek ûnder 'e stâl dien. Dat holp.
nl.verhalenbank.33036
Ik haw sels ris nei Wopke ta west, doe hie ik in njoggeneach oan 't bil. Dêr hie 'k gâns lêst fan. Ik moest dêr ek de binnenste blêdden fan in wite koal op lizze, doe wie dy njoggeneach der samar wei.
nl.verhalenbank.33587