206 datasets found
Dutch Keywords: beter
As minsken de koarts hienen gongen se wol hinne en nommen in hountsje mei op bêd. Dan krige dat hountsje de koarts. It bigoun to triljen en it woarde meger. De minsken wienen dan sels de koarts kwyt.
nl.verhalenbank.19502
Bommenberend Er waren twee Duitse bisschoppen, die vochten één op één tegen elkaar. De ene bisschop was beter in bezettingen dan de andere. In Koevorden was er de doorslag. Toen won er de ene bisschop, simpelweg omdat de ander doodging.
nl.verhalenbank.42614
Ik hie in suster Jitske, dy is sa'n fiif jier lyn forstoarn. Hja wenne yn Hiltsjemuoiwâlden, hwat achterút. Tichteby stie in húske, dêr wenne in man-allinne yn. Dy man dat wie in tsjoenster. Dêr stie nòch in âld húske, dêr wenne in âld wyfke yn. As myn suster by dat âld wyfke kom, dan wie 't sloof alhiel ûnstjûr. Myn suster fortocht dy frijgesel der fan...
nl.verhalenbank.34463
Oene Knoffelder roan mei in kuorke mei snypsnaren by de huzen lâns. Sa moest er oan 'e kost komme. Ik hie ek us in euvel. Oene krige in kopke mei kâld reinwetter, die dêr in bytsje fan oan 'e fingers en struts dêrmei oer it plak hinne. Ik wie klear. Oene hie iiskâlde hannen altyd.
nl.verhalenbank.23123
Der wie in bern yn 'e Harkema siik. Muoike wie dêr baekster. Elke dei kom der in âld wiif. Doe dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. 't Ald-wiif sei: "Ik sjoch it wol, jimme wolle my der net yn ha." Hja koe der net yn komme. It bern is better woarn.
nl.verhalenbank.21247
Myn suster hie in bern, dat hat bitsjoend west. It bern wie noait soun en sy raesde altyd. Doe gong de heit nei Frânse Hinke ta, dy wie duvelbanster yn 'e Rotfalle. Frânse Hinke sei, der sieten krânsen yn 'e kessens, dy moesten der út weihelle wurde en fornield wurde. As der trije folle krânsen yn sieten hie 't bern dea west. Der kôm nou en dan in frou by...
nl.verhalenbank.24129
As jonkje fan in healjier haw ik slim siik west. Ik wie noch mar fel en bonkjes. Ik die oars net as gûle en earmoedzje, ik wie noait stil, nachts likemin as oerdei. Heit en mem wienen der beide wis fan, dat ik bitsjoend wie. En sy hienen èk wol yn 'e rekken hwa't it my lapte. Alde Elzinga hâldden se foar de dader. Heit gong nei de duvelbander ta. Dat wie...
nl.verhalenbank.33078
In susterke fan my hat bitsjoend west. It wie ús Sjouk. It wie yn 1893. Doe hat ús heit nei Kûkherne ta west, nei de duvelbander. To foet roan er dêr hinne. De duvelbander hat doe in ried jown en ús Sjouk is wer better woarn.
nl.verhalenbank.21134
Joast Wiersma wie ús buorman. Hy wie wûnderdokter, mar folle en folle kundiger as oare dokters. Greate Gosse (Weima) wenne yn 'e Mieden. Dy wie nei de dokters ta west en dy hienen sein, hy moest de skonk der ôf ha. Doe gong er nei Joast ta. Joast sei: "Dû bist wol wizer, jong, en lit dy skonk der net ôfnimme." Doe joech er Gosse guod en dêr is dy skonk...
nl.verhalenbank.34505
IKB: Je moest in Indonesië geitenkeutels eten om van de malaria af te komen. FK: Je kan het niet tegenhouden, je blijft trillen. Je deed de geitenkeutels in een banaan. Toen knapte ik op.
nl.verhalenbank.30944
Alde Hindrik Ophús (Pyl) koe tsjoene. Myn susterke wie noch in poppe en slim siik. Hindrik kom by ús en sei tsjin mem: "Hoe giet it mei 't popke, Truike?" "Dat sil 'k dy, âlde duvel, sizze", sei mem. Hja raemde de tange en sloech him dêrmei, oer de bealch. De oare moarns sette heit nei greate Wopke ta. Mar om trije ûre de moarns al stie Hindrik Pyl by...
nl.verhalenbank.21242
Tsjoensters wienen meastal âlde minsken. Yn de regel wienen it froulju, dy hienen in swart kypske op. Mar 't wienen ek wolris manlju. Us mem wie siik. Us Jan hie nei Wopke ta west om in drankje. Wopke sei, hy mocht it oan net in minske sjen litte, dat Jan hâldde it drankje yn 'e bûs. Doe't Jan krekt wer thúskom wie mei it drankje, kommen der twa âlde...
nl.verhalenbank.35948
Yn Aldegea wie in húshâlding, dêr wie in bern siik. Dat bern wie bitsjoend. Der kom wolris in âld minske by har, dy't se der fan fortochten. Dy soe it wol dien ha. Mar sy fortelden har net fan 'e tsjoenderije. Mar der wie ek faek in swarte kat en sy tochten, dat dat de dieder wolris wêze koe. Doe op in kear smieten se dy kat mei in stien en sy rekken ien...
nl.verhalenbank.12475
Hwat ik nou fortel gebeurde mear as 100 jier lyn. Us pake wie skippersfeint. By de skipper rekke in bern bitsjoend. Hwer't se leinen, wit ik net. Pake woardde der op útstjûrd om nei in duvelbander ta. It wie gâns in ein rinnen, dat hy wie wit hoe lang ûnderweis. Hy krige guod fan 'e duvelbander mei. Dat moest yn it tsjuster stean. En de duvelbander sei...
nl.verhalenbank.12474
Joast joech altyd rie. Medesinen brûkte er net, wol krûden. Dy krûden forboude er sels achter hûs. Hy teppe se wylst de dauwe der noch oer lei. Guon teppe er mei ljochtmoanne en guon mei tsjustere moanne. Net ien minske yn Jistrum gong nei dokter ta of hy bisocht it earst by Joast. As dy sei: ik kin dy net helpe, dan pas gongen se nei de dokter. Mar dy...
nl.verhalenbank.34506
Oud verhaal Meester Jacob (Meister Jaopik) uit Ommen was een veedocter van wien men beweerde, dat hij aan 't haar van de koe zien kon wat ongemak zij had, ook al was hij uren van 't beest verwijderd. Een ongeloovige wilde den wonderdocter op de proef stellen en ging naar hem toe met een bosje haar van zijn zieke koe en met een dito van een gezonde. Hij...
nl.verhalenbank.34658
It is hjir wol gebeurd, dat minsken bihekst wienen. Dan waerd it kessen iepenmakke. Dêr siet dan in moai fûgeltsje yn. Dat waerd der úthelle en opbarnd. Dan waerd de 'pasjint' wer better. Doe't ik noch tige jong wie fortelden âlde minsken sokke dingen wol. Letter net mear.
nl.verhalenbank.20605
In famke fan myn suster hat ek bitsjoend west. It bern wie al in moai skoftsje siik. Sy hienen de dokter fan 'e Gordyk der by, dy sei: "It bern hat it oan 'e yngewanten." Mar hwat hy der ek oan die, it joech neat. Der hie alris in kear in frou by harren west, sûnt wie 't bern noait goed west. It bern gong achterút as stof yn 'e sinne. Op 't lêst sei myn...
nl.verhalenbank.28270
Anne van der Bij wenne yn Ikkerwâld. Dy hie in bern, dat bitsjoend wie. Doe gongen se nei de duvelbander, dat wie greate Wopke fan Kûkherne. Dy joech in fleske guod mei foar it bern. Hy wie der sahwat mei thús, doe barstte it fleske. Doe moest er werom. Wopke hie sein, hy moest der o sa foarsichtich mei wêze. De twadde kear kom hy der mei thús. Doe't se...
nl.verhalenbank.33240
Myn broer hat as lyts jonkje bitsjoend west. Wy hienen in bakker, dat wie Sibbele Smit. Dy biseach him ris goed en dy sei tsjin mem: "Der geane forkearde egen oer dat bern. As ik jo riede mei gean dan nei Frânse Hinke yn 'e Rottefalle." (Frânse Hinke wie in duvelbander). Se nommen in smoarge doek fan myn broer mei. Hinke hat oanwizings joun. Hja joech...
nl.verhalenbank.33780