Ik haw ris to flaeksteppen west op 'e Grinzer Klaei. Doe fordraeide ik dêr myn hân. Ik koe neat mear. Doe kom der in man by my, dy wie ôfkomstich fan Sweagerbosk, dy frege my: "Wolst dy hân wer better ha?"
"Ja", sei 'k.
Doe sei er: "Kom dan hjir mar."
Doe hat er myn hân yn sines nom en doe hat er in mennich wurden prevele. Myn hân wie wer klear.
Dy man...
nl.verhalenbank.35990
As in arbeider froeger de koarts krige, dan koed er dy soms wer kwyt wurde troch nei de klaei ta to gean.
nl.verhalenbank.17501
As by ús de tsjerne bitsjoend wie, reizge mem nei greate Wopke ta. Dy joech guod mei, dat struiden se der dan yn. En dan rekke er wer oan 'e gong.
nl.verhalenbank.20785
Tsjoensters wienen meastal âlde minsken. Yn de regel wienen it froulju, dy hienen in swart kypske op.
Mar 't wienen ek wolris manlju.
Us mem wie siik. Us Jan hie nei Wopke ta west om in drankje. Wopke sei, hy mocht it oan net in minske sjen litte, dat Jan hâldde it drankje yn 'e bûs.
Doe't Jan krekt wer thúskom wie mei it drankje, kommen der twa âlde...
nl.verhalenbank.35948
Wy wennen by Surhústerfean op 't Ketting.
Ik hie in broer, dy wie sawn jier âld. Heit siet us in kear to roken út in hiel lange pipe. De jonge sei: "Lit my ek us smoke heit."
"Goed", sei heit, en doe liet er him in pear lûkjes dwaen.
Even letter woarde it bern sa mislik as in kat. Hy gong bûten op 'e groun lizzen en rôlle dêr om by in âld hage. Dêr rekke...
nl.verhalenbank.33742
Dyselde tsjoenster, dy't us by twa froulju alhiel ûnforwacht kom, hat ek us in man bitsjoend.
Dy man dy woarde siik. De tsjoenster kom him yn 'e mjitte, doe't er op in wein siet.
"Dû âlde duvel!" sei er, "dû hast my bitsjoend. Dû mast my bilove, dast my wer better makkest!"
"Ik biloof it dy, jonge", sei se.
En doe kloppe se him op 't skouder. Hy is wer...
nl.verhalenbank.20561
As bern ha ik bitsjoend west. Heit gong nei Wopke ta yn Kûkherne. Wopke joech in drank mei. Hy sei: "De drank goed forside yn 'e bûse hâlde. Hwant der kin wol us in raem op dien wurde ûnderweis troch in man of in frou."
Mar 't gong goed. De krânsen yn 't kessen woarden opbrând en ik waerd wer better.
nl.verhalenbank.19539
Jehannes Zuidema wie in broer fan beppe. Dy hat us nei Kûkherne ta west, nei Wopke foar in siken-ien. Wopke makke him in drank ré, en doe't er him dy oerjoech, sei er tsjin omke: "Hast wol in goed ynstremint yn 'e bûs? Hwant dû kinst aenst wol us ien treffe. Mar slach dyselde fuort mar út 'e wereld, hwant dyselde wyt datst hjirhinne bist.
As er it...
nl.verhalenbank.19331
Myn man Ringer kom us op in joun let thús. Hy moest noch even nei 't húske ta, dat stie yn 't hok njonken it hûs. Wylst er dêr op 't húske siet, hearde er in hiele lûde sucht bûtendoar, flak by 't hûs lâns. En fuort dêrop hearde er in swiere slach op it bartsje dat oer de sleat lei. Hwat dat wie, wist er net. Hy gong op bêd en de oare deis gong er al...
nl.verhalenbank.20922
Piters Lys op 'e Bulten is in jier of fyftsjin lyn bitsjoend west. Hja hie in krâns yn 't kessen. Frou Klunder fan Bûtenpost krige de skuld der fan. Dat wie de tsjoenster.
Doe't de krâns út it kessen wie woarde Lys wer better.
nl.verhalenbank.37324
Yn 'e buert fan Hoogkerk wenne in man dy koe ien de koarts ôfnimme, dy brocht er dan oer op in beam.
nl.verhalenbank.26077
As koeien moederziekte hadden, hooi stelen bij de buurman. As tie dan
at, dan was tie beter.
nl.verhalenbank.126543
Met lichte maan loopt de paling niet. Maar als 't afgaande maan is, twee of drie dagen afgaande maan, dan loopt de paling wel en dan steeds beter.
nl.verhalenbank.128084
Piter Scheper nom de minsken de koarts ôf. Dat wie gjin smoesje. Hy brocht de koarts op in beam oer. Dy beam gong dan letter dea.
nl.verhalenbank.27581
As berntsjes bitsjoend wurde ha se meastal in krâns fan fearren yn 't kessen. Dy krânsen binne prachtich. Se binne mei gjin hân to meitsjen. Wurde de krânsen opbrând, dan wurdt it bern wer better. As se de krâns mar útelkoar hellen, woarde 't berntsje al stil.
nl.verhalenbank.33131
Een verenkrans in het hoofdkussen, dat werd vroeger gezegd als er een kind ziek was en 't kon niet meer beter worden.
nl.verhalenbank.70593
As heit kealforsmiters hie ûnder 'e kij, dan lei er duveldrek foar de beesten achter 't hoarnsket. Dan hâldde it kealforsmiten op.
nl.verhalenbank.34464
As de tsjerne bitsjoend wie, moasten se nei Hinse Jehannes ta, dy wenne op it Swartfean. Dat wie in lompe keardel. Ik hie us in dikke kou, sa'n fyftich jier lyn. Dy wie siik en it bist waerd minder.
Doe gong ik nei Hinse ta. Ik hie hwat hier fan 'e kou by my.
"Hwat hiestou?" sei Hinse tsjin my. Hy hie sa'n foars lûd.
"Ik hie in sike kou."
"Hast hier by...
nl.verhalenbank.20823
Op 'e Bulten hat ris in frommes bitsjoend west, dy bigong fiskjes to spuijen. Doe wie se gau wer klear.
nl.verhalenbank.25902
By ús wie froeger ien fan 'e famkes siik. Doe gongen se nei in duvelbander ta. Dy sei: Jimme matte it fearren kessen dêr't it bern op slept, mar ris neisjen. Doe hat mem dat fearren kessen iepen makke. Dêr siet in krâns yn. 't Hiele kessen moest opbrând wurde. Doe't dat gebeurd wie, woarde 't fanke wer better.
nl.verhalenbank.36979