Der woarden by ús froeger noait fremde minsken by 't fé litten. Guon ha se samar siik.
Hjir binne ek guon dy ha postdouwen, mar dêr wolle se bislist gjin fremden by ha.
nl.verhalenbank.26206
In pleachbeest hie in blauwe kleur. It wie in great beest yn 'e gedaente fan in houn. En ik ha wol us heard, dat it hiele greate earen hie, dy't klapten.
nl.verhalenbank.20917
Eiberts Rinske wenne by de Swâdde. Dêr dobbelen se altyd meielkoar en allerhande folk kaem dêr. Myn broer kaem dêr ek wolris. Op in kear soe myn broer nei hûs ta, doe wie der in beest deun achter him. It like wol hwat op in grouwe, swarte houn. It hie egen yn 'e kop as koallen fjûr. Dat bist bleau hyltyd by him. It folge him op 'e hielen. As hy stean...
nl.verhalenbank.17502
Myn kammeraet Hindrik soe op in joun nei hûs ta, doe kom der in great swart beest njonken him. It wie in pleachbeest. Hindrik wie deabinaud. Hy gong nei ien ta, hy doarst net nei hûs, om dat pleachbeest. Doe ha se him nei hûs ta brocht.
nl.verhalenbank.35981
Hy fortelde ek: "Ik siet us op 't húske. Doe kom der in hiel great ding by my. Noch greater as in skiep. Ik woarde sa binaud, dat ik doarst hast net yn 'e hûs. Mar even letter gong 't ek wer fuort."
nl.verhalenbank.20570
Wy setten froeger krusen oer de wei foar de tsjoensters, dan koenen se der net oerhinne komme.
Tsjoensters woarden noait by 't fé litten. Hwant dan woarden de beesten siik en stoaren se.
nl.verhalenbank.33753
Hjir op 'e Lange Loane hâldde froeger in pleachbeest ta. De minsken wienen der bang foar. 't Seach der út as in swarte houn. As men it pleachbeest in stikje roggebrea joech en him dat oer 't linkerskouder hinne tasmiet, die er jin neat. Dan wie 't goed.
nl.verhalenbank.29706
Doe't ik sa'n 16 jier âld wie gong ik faek mei myn bruorren to poeren nei de Swemmer. Wy leinen dan meastal mei 't boatsje by de Spoarbrêge.
Tusken de treinen tusken 11 en 12 ûre yn 'e nacht kaem altyd in swart beest. Dat like op in houn, mar 't wie dochs net in houn. It dier wie rûch en 't hie in lange rûge sturt, dy't him yn in bôge oer de groun...
nl.verhalenbank.36804
As bern gong ik wol mei to wjudden nei Grinslân ta. Yn 'e Mieden fan Uthuzen stie in great boerespul, dêr stienen de beesten altyd los op 'e stâl. Makken se se jouns fêst, de oare moarns wienen se grif wer los.
nl.verhalenbank.19448
Tusken Rinsumageast en Ikkerwâld dêr spûke it ek. Der waerd sein dat dêr in pleachbeest omroun. Us omke wie net bang en woe it ris ûndersykje, mei noch in pear oaren. 't Wie yn 'e nacht. Omke roun foarop, de oaren der achteroan. Doe sei de achterste man: "It is hjir achter my."
Doe sei omke: "Dan matte jimme my stadich foarby gean, dat ik achter kom."
Doe...
nl.verhalenbank.31996
Stammerige Harm wie in tsjoenster. Se woenen him net by 't fé ha. Hwant dan waerd it siik. De bargen krigen forkearde bichjes. Harm hie noait forlet fan jild. Hy hie in wikseldaelder. Dêrfoar hied er him oan 'e duvel forkocht.
Wie it jild op dan hong er in lege ponge oan 'e doar.
Itselde dogge de frijmitselders.
nl.verhalenbank.33766
In goed sechstich jier lyn wennen wy hjir oan 't paedtsje yn in keetsje, dat opset wie fan plaggen, strie en hout. Heit en ik rounen op in joun oer 't hiem nei 't paedtsje ta. Doe kom der stadich hwat oan, dat like op in houn. Mar hy wie wol sa great as in keal en roetswart. Heit hie in hekel oan hounen en joech it beest in traep en sei: "Hwat mastou...
nl.verhalenbank.19328
Op 'e Skûlenburgerwei spûke altyd in swart beest. It like op in hountsje. It roan mei de minsken op. Se koenen it net by har wei krije.
nl.verhalenbank.36029
Heit har ris mei ien fan myn bruorren op 'e kroade nei Surhústerfean ta west. Myn broer wie doe noch in jonge. Doe't se by 't Blauhûs wienen, sei heit: "Sjoch, dêr komt it oan." 't Wie swart, hwat greater as in houn en hwat lytser as in keal. 't Wie in pleachbeest, dat har foarby gong. It die har neat.
nl.verhalenbank.36163
Us heit, Marten Bijma kom us op in kear by jountiid fan 't Fean werom. Doe't er by 't Blauhûs ôfdraeid wie en de wei nei de Loane oproan, kaem der in beest achter him oan. Heit gong op 'e knibbels lizzen om better sjen to kinnen hwat foar in beest it wie. It wie hiel great en giel en it klapte mei de earen. It gong deun by heit lâns en bleau by him oant...
nl.verhalenbank.17590
Een ontjie in een okkie
Een beetje ooi d'r in
Hoort dat beest is uile
Dat zegge ze op Zevenuize.
nl.verhalenbank.72610
In hin hat gauwer in mudde hjouwer op as in hynder.
nl.verhalenbank.33090
Guon minsken hienen macht oer it fé. Sokken koenen jin in dier forkeapje, sa mak as in hountsje. Letter wie 't in ûndier.
Dat gebeurde wolris mei in hynder. Sokke minsken koenen mear as in oar.
nl.verhalenbank.29395
By de dikke ikebeam oan 'e betonwei yn 'e Harkema, spûke it ek.
Allerhande lju ha dêr hwat sjoen. Wy hawwe yn 'e Harkema in kostgonger hawn, dy seach der hwat dat like op in swart beest. It hat him achternei sitten. Hy switte as in oandrager op 'e fyts.
nl.verhalenbank.29424
Yn 'e Harkema woarden se froeger wol warskôge foar guon, dy't se noait by 't fé litte moesten. Wie dyselde der west, dan woarden de beesten lam.
nl.verhalenbank.27801