5,382 datasets found
Dutch Keywords: beest Narrator Gender: female Place of Narration: Houtigehage
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Yn Houtigehage lei in bern yn 't berneweintsje. Dêr kom altyd in swarte kat by dat bern. 't Wie in fremde kat. Doe seinen dy lju: "Soe dat wol goed spul wêze, dat dy kat dêr altyd is?" Sy hienen 't net sein of de kat gong fuort. Hy naeide út en sy ha him noait wer sjoen. Dat gebeurde by ús heit en mem yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.25608
Guon rieden us yn 'e nacht mei bijekuorren op 'e wein nei de heide ta fan Bakkefean of Duerswâld of sa. Doe't se al in moai ein fuort wienen kom der in swart dier oan en dat roan deun by de wein lâns. Sy ha 't der wei trape, mar in skoftsje letter wie 't der al wer. Foar de twadde kear raemden se 't fuort. In skoft letter wie 't der al wer. Doe ha se 't...
nl.verhalenbank.25873
't Gebeurde wol faek dat sa'n kat in opdonder krige. Dan hie de tsjoenster de oare deis in doek om 'e holle of sa.
nl.verhalenbank.25609
Froeger doarsten se hjir fremde minsken net by 't fé to litten. Guon doge net. Sy strike even mei de hân oer 't fé hinne en mis is 't. Dan biginne se to kwinen.
nl.verhalenbank.25886
Der wenne in féarts yn Beets, dy woarde by in boer helle. Dy boer hie in sike koe. Doe krige dy féarts syn bûslantearne en ljochte dy koe ta de hals yn. Doe sei er tsjin 'e boer: "Nou matte jo fan achteren sjen." Dat die de boer. "Sjogge jo ek hwat?" frege de féarts. "Né, neat", sei de boer. "Nou dan is de koe forstoppe."
nl.verhalenbank.28410
Fan sawn jonges is de jongste in wjerwolf. Yn Feansterheide wenne sa'n ien. Hy hiet fan Durk. Op in kear wied er dronken, doe siet er ûnder in bartsje op 'e Skeanpaden ûnder 'e Rottefalle. De earste de bêste dy't dêr foarby kom, dy stuts er mei 't mes. Dan wie 't krekt in wyld beest.
nl.verhalenbank.23879
Twa man fan 'e Houtigehage gongen in kear mei in wein mei bijen nei Drinte ta nei de heide. Dêr roan in hynder foar. Underweis by de Mouneleane achter Duerswâld dêr kom in grouwe swarte houn oansetten. Dat wie in pleachbeest. Dy roan by har lâns. Sy skopten him yn 'e sleat, mar in eintsje fierder, dêr wied er al wer njonken har. Doe ha se him wer yn 'e...
nl.verhalenbank.23730
Foekje wie in tsjoenster. Hja wenne yn Surhústerfean. Durk Pultrum kocht ris in keal fan har. Hy soe der mei fuort, doe sei se: "Ho, hy mat earst noch hwat drinken ha." Earst groeide it keal goed, mar al gau liet er it iten stean, en it keal stoar. Doe hat de slachter it keal slachte en doe siet der in dikke pylsnoek yn.
nl.verhalenbank.23979
Op 'e Skûlenburgerwei spûke altyd in swart beest. It like op in hountsje. It roan mei de minsken op. Se koenen it net by har wei krije.
nl.verhalenbank.36029
Heit har ris mei ien fan myn bruorren op 'e kroade nei Surhústerfean ta west. Myn broer wie doe noch in jonge. Doe't se by 't Blauhûs wienen, sei heit: "Sjoch, dêr komt it oan." 't Wie swart, hwat greater as in houn en hwat lytser as in keal. 't Wie in pleachbeest, dat har foarby gong. It die har neat.
nl.verhalenbank.36163
Feitse Mud tsjinne by in boer yn Oerterp. Achter Oerterp rint in loane dy giet ek nei Sigerswâld ta en op dy loane spûket it. Dy boer hie in protte bijen en dy woarden elk jier yn 'e nacht nei de heide ta brocht. Dat gebeurde ris wer op in nacht. Doe't de bijen opladen wienen op twa weinen rieden de boer en Feitse Mud togearre fuort. Doe't se op 'e loane...
nl.verhalenbank.37692
Myn man en syn neef ha ris op in joun ta de ierdbeijen sitten by 'de laatste Stuver'. Doe stienen se op 'e brêge. Doe kom der in dier oer de wei, dat wie roetswart en sa great as in heale kou. In keal wie der neat by en 't hie de gedaente fan in houn. Wylst hja der nei stienen to sjen seach it beest ynienen myn man en syn neef oan. Doe woarden se sa...
nl.verhalenbank.36136
Dat was ook zo iets raars. Ik zeg tegen de zuster: "D'r zit een beest onder m'n arm" . De zuster schrok. Ze dacht dat 't iets duivels was.
nl.verhalenbank.128020
Oan 'e Noarder Dwarsfeart wenne âlde Wytse Kosak. Dy fortelde ris in kear wylst er op in pealtsje siet: Ik wie in kear oan 't kuijerjen. Doe roan der my in dier op 'e side. 't Wie in great dier en 't wie bûnt. Ik koe 't net to plak bringe. Mar 'k hie fuort yn 'e gaten dat it in pleachbeest wie. Ik hie in stikje roggenbrea by my, dat helle ik út 'e bûse en...
nl.verhalenbank.36912
Hjir is in dobbe, dêr ha se alris 'help help' yn roppen heard, sûnder dat der in minske yn wie. Nou tinke se dat dêr noch ris ien yn fordrinke mat.
nl.verhalenbank.37787
Men koe net jan en alleman by 't fé litte. Der wienen guon dy hienen de kweade hân, dy makken 't fé siik. Sokken, dêr pasten de minsken foar op.
nl.verhalenbank.37793
Yn 'e buert fan Houtigehage stie in hûs, dêr doogde 't net yn. De frou hie in kear yn 'e hoeke sitten. Doe wie der hwat by har yn 'e hûs kom, dat wie by har op 'e skelk kom. 't Wie in forstoarn minske. De frou hie de skelk foarwei dien, doe kom it by har op 'e skoat. Doe ha se der in doomny by helle. Dy spruts it spoek oan. Hja moest sizze hwat der oan...
nl.verhalenbank.25180
De minsken dienen froeger duveldrek ûnder 'e drompel, omdat se bang wienen dat âlde Janne Luts oars by har yn 'e hûs komme soe. Janne Luts wie in tsjoenster. De bern droegen duveldrek op it boarst. Dat wie èk om har.
nl.verhalenbank.37792
In nachtmerje wie in man of in frou, dêr't men deis oer prakkesearre en dy't dan nachts by jin kaem. Men moest hinnegean en stopje de kaeisgatten fol guod, hwant de nachtmerjes kamen altyd troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.37786
Wy mochten froeger net op in pod traepje, oars kaem der swiere tonger.
nl.verhalenbank.37790