Dy en dy moat net nei 't fé ta, hwant dan komt it net goed, seinen se froeger. Dêr bidoelden se guon mei, dy hienen de kweade hân. Sokken makken it fé siik.
nl.verhalenbank.29343
In omke fan my hie wurk op 'e Hamster Ikkers.
Doe kom der ris in grouwe swarte houn by him. 't Wie in pleachbeest. Hy miende dat it de duvel wie. De houn folge him oeral. Hy koe 't beest net kwyt reitsje.
nl.verhalenbank.12372
Der binne minsken, dy strike mei de hân even oer in baerch of skiep hinne, dan wolle se net mear frette.
By ús mem en dy kom wol us sa'n ien. Dan sei er: Moai beest. En hy aeide it. Dan gong de baerch dea.
nl.verhalenbank.25808
De koe fan Oedze Willem (Stienstra) hat er ek bitsjoend. It dier wie sa bang foar him, as hy dêr lâns kom en de koe seach him, dan raesde er it út.
Oedze Willem syn bargen hat er deatsjoend. Sy woarden earst hielendal blau en doe stoaren se.
nl.verhalenbank.23530
In hin hat gauwer in mudde hjouwer op as in hynder.
nl.verhalenbank.33090
Fan 'e sawn dochters is ien in nachtmerje.
nl.verhalenbank.15619
Us mem hat us in pleachbeest njonken har hawn. Sy hie in heal brea ophelle by jountiid fan 'e bakker. Sy droech dat ûnder 'e linker earm. Yn 'e oare hân hie se de slútkoer.
Doe kom der in dier op har ta, dat wie folle grouwer as in houn. 't Hie hiele greate, gleone eagen.
Mem wie stjerrend binaud. It dier roan oan 'e kant dêr't se it brea droech.
Doe hie...
nl.verhalenbank.15902
Us âlde beppe wie yn tsjinst by de boer. Dêr tsjinne ek noch in oare faem by dy boer. Dy faem hie forkearing mei in feint, dy't op sé fard hie.
Op in kear doe nom dy feint har in koeke mei.
Dy koeke die de faem yn ien fan 'e koperen earnamers, dy't oan 'e souders hongen, yn 'e keuken.
Doe sieten se dêr in kear to iten. Beppe sjocht omheech en dy iene...
nl.verhalenbank.23907
De minsken wienen och sa binaud foar âlde Ot. Hwant hja hat ûnderskate skiep en geiten en kninen ensa deatsjoend, by ús beppe en harren meast geiten. Dan struts se der mei de hân oerhinne. Beppe hat wenne by Bareld Hoogsteen. As Ot der oan kom sei Bareld, dy't boer wie: "Wy matte gau sjen, dat wy 't tsjernjen dien krije, hwant âlde Ot komt der oan. Dan...
nl.verhalenbank.21393
Der wie hjir in jongfeint, dy hie lêst fan setten. Doe ha se in houn oantúgd en doe krige dy houn de setten fan 'e jonge oer.
nl.verhalenbank.17556
Hindrik Pyk hie de kweade hân. By Hinke-muoi har heit hat er 't fé allegear bitsjoend. 't Woarde siik.
nl.verhalenbank.33407
Ik kin wol minsken, as dy it wurk jouns net dien krigen, dan setten se der in popke by del, ek wolris in beestje.
Dan hearden se nachts wol hoe't der wurke woarde.
nl.verhalenbank.25561
By ús beppe wie ien fan 'e bern bitsjoend. Pake gong nei Wopke ta to Kûkherne.
Wopke frege of pake wol hurd rinne koe.
"Jawol," hie pake sein, "'k ha nije klompen oan."
Wopke joech pake guod mei. Doe gong pake troch in stik lân mei beesten. Dy sieten allegear achter pake oan. Pake rinne om 't leven. Hy rekke yn 'e sleat en de beesten der boven. Mar hy kom...
nl.verhalenbank.23915
Op 'e Skûlenburgerwei spûke altyd in swart beest. It like op in hountsje. It roan mei de minsken op. Se koenen it net by har wei krije.
nl.verhalenbank.36029
Heit har ris mei ien fan myn bruorren op 'e kroade nei Surhústerfean ta west. Myn broer wie doe noch in jonge. Doe't se by 't Blauhûs wienen, sei heit: "Sjoch, dêr komt it oan." 't Wie swart, hwat greater as in houn en hwat lytser as in keal. 't Wie in pleachbeest, dat har foarby gong. It die har neat.
nl.verhalenbank.36163
Hjir dwarsoer wenne in âld man: Hindrik Ophuis. Dat wie in tsjoenster. Dêr wienen se allegear binaud foar. Hy bitsjoende net allinne de bern, mar ek it fé. Hy hie 't foaral op bargen gemunt.
Hjir wenne in lyts boerke. Dy hie altyd bargen yn 't hok. Dy kocht er as biggen op Eastemarre merke.
De âld man (H. Ophuis) kom altomets wolris by him, mar hy paste...
nl.verhalenbank.33646
Alde Flippus Hamstra wenne yn 'e Harkema. Hy wie arbeider by in boer yn Stiensgea. Op in moarn soed er dêr wer hinne, doe kaem der him in pleachbeest op side, dat koed er noait kwyt wurde. Hy roan nou us foarút, dan wer tobek en hyltyd mar hinne en wer, it joech neat, it pleachbeest bleau by him. It wie oan 'e Turfloane. Hy kom dy moarns fiersto let by de...
nl.verhalenbank.17555
Heit gong op in joun mei fé nei Koatstertille ta, dat fé moest de oare deis mei de Tilster boat nei Ljouwert ta. Underweis seach er twa wite juffers, dy gongen troch de berm. It fé wie sa binaud woarn, sy wienen heit by 't boarst opflein. Heit hie gau makke dat er fierder kom.
nl.verhalenbank.23956
Der wie in kat dy siet yn 'e keamer. Doe wienen dêr ek in pear jonges, dy dienen dy kat bensine yn 'e sturt en dat stutsen se yn 'e brân.
Dy kat raze. Hy fljocht by de gerdinen op, alhiel oan 'e souder ta.
Mar doe foel er ynienen - klets! - nei ûnderen ta.
Hoe kom dat sa?
Trochdat de bensine op wie.
nl.verhalenbank.33660
Myn man en syn neef ha ris op in joun ta de ierdbeijen sitten by 'de laatste Stuver'. Doe stienen se op 'e brêge.
Doe kom der in dier oer de wei, dat wie roetswart en sa great as in heale kou. In keal wie der neat by en 't hie de gedaente fan in houn. Wylst hja der nei stienen to sjen seach it beest ynienen myn man en syn neef oan. Doe woarden se sa...
nl.verhalenbank.36136