De frijmitselders hawwe in wûnderdaelder. Dêrtroch ha se altyd wol sinten om hannen. Men kin har ek net deasjitte; se binne kûgelfrij. Elk jier mat der ien dea. Der wurdt om lotte, hwa't dat wêze sil. Dokter van Stapelen fan Grou wie ek frijmitselder. Dy hat himsels forjown, doe't it lot him trof dat er stjerre moest. Dy't ienkear by de frijmitselers is...
nl.verhalenbank.31324
De foarboaden fan 'e tram neamden se yn 'e Sumarreheide ek wol wylde lantearnen. Dy gongen by de wâl lâns.
nl.verhalenbank.31318
Sudema's jonges har heit, âlde Knjillis Sudema hat sjoen dat it hûs fan Douwe Veenstra yn'e brân stie. Hy sei altyd: "Dat brânt nochris in kear op." Mar it is noch net gebeurd.
nl.verhalenbank.17122
Op Burgumerdaem stie in herberch. Dêr wenne Jehannes Kramer yn. Dikke Taeke moest omke tsjin him sizze.
Der wienen in stik of hwat mannen yn 'e kroech, dy kamen hjir net wei. Taeke wie dêr ek. Dy gnyske sa'n bytsje. Dat die er wol faker, mar alhiel net willemoeds. Mar dy mannen tochten dat er har de gek oanstuts. Sy hellen it mes foar 't ljocht en soenen...
nl.verhalenbank.36729
Faek ha 'k fortellen heard dat moardnersbloed net wer útwiske wurde kin.
nl.verhalenbank.31244
Us heit fortelde, ien fan syn maten, in skipper lyk as heit, wie frijmitseler. Dy keardel wenne allinne op in skip en hy koe dwaen hwat er woe, noait forlet fan jild. Dêr soarge de duvel foar.
Op in kear, op in joun noadige hy in pear kamaraden by him op it skip. Dêr wie heit ek by. Der woarden nochal hwat buorrels dronken en hy sloech himsels ek net...
nl.verhalenbank.31287
Beppe wenne to Feanwâldsterwâl. Dêr wie in bern siik. Dêr kaem altyd in swarte kat om 'e doar rinnen, dat wie de tsjoenster dy't it bern bitsjoend hie. De buorfrou sei: Tink der om, dat en dat âld minske, dy docht it. Dy makket jimme bern siik. Jimme matte in krús fan rogge meitsje ûnder 't kleedtsje by de drompel, dan kin se der net yn komme.
It bern hie...
nl.verhalenbank.31286
To Hurdegaryp stie altyd in hekke dy koenen se mei gjin mooglikheit ticht hâlde, dy gong altyd fansels wer iepen. Dat wie by it hûs fan dokter Bontekoe.
nl.verhalenbank.31245
Der wienen twa Amerikanen, dy gongen nei de griezelkelder to Ljouwert, dy stie yndertiid op 'e hoeke fan 'e Twabaksmerk en de Koaningsstrjitte, tsjin it museum oer. Doe't se dêryn kamen, skopte ien fan 'e beiden by ûngelok tsjin in lyts katsje oan. Dat kaem sa bot oan, dat it katsje wie dea. Dat seach de memmekat en dy roun dy Amerikaen iderkear...
nl.verhalenbank.31090
De van der Meer's fan Sumar wienen tige sterk. Dêr hienen jy Folkert, Melle, Sjoerd, Sweitse, Taeke, it wie allegearre folk dat hiel hwat yn 'e bouten hie. De potskippers neamden se har. Mar 't wie eins fiskersfolk. Ien der fan hat 27 jier by ús op 'e boat fard; dat wie Taeke. Dy hie letter aeihandel yn Burgum.
Op in kear moesten wy op Oldenburg in baerch...
nl.verhalenbank.36728
Gâns minsken fan Sumarreheide ha fan to foaren de ljochtsjes fan 'e tram sjoen, foardat dy noch ried.
nl.verhalenbank.17123
De lju fan Sumar wurde katten neamd. In âld rymke:
Sumarre katten
rinne oer de latten,
fange mûzen
yn oarmans hûzen.
nl.verhalenbank.31319
Men mat nachts noait midden op 'e wei rinne. Men rint dan de kâns dat men troch in lykstaesje oan kant reage wurdt.
nl.verhalenbank.31325
Der wienen ris trije reuzen oan 't slatten, tichte by Ljouwert. De iene sei: "Dat is ús deel." Sa hat it Deel de namme krige. De oare sei: "Mar wy ha mear." Sa is de namme Lange Meer ûntstien. En de trêdde gong mei de earms oer de tsjerke hinne stean en sei: "Warge, warge lea." Sa is de namme fan dat plak Wargea (Wergea) ûntstien.
nl.verhalenbank.31331
Doe't ik noch faem wie moest ik faek oppasse by in minske dat swier siik wie. Der siet ek in kear in frou by. Dy frou sei tsjin my: "Hearst it wol, der tikket hyltyd in horloazje. Nou duorret it net lang mear."
En dochs wie der gjin horloazje. Men neamt dat in wyld horloazje.
Deselde nachts noch is it sike minske stoarn.
nl.verhalenbank.27553
Myn suster en ik binne ris op in nacht tige kjel woarn. De buorlju soenen oan 't forbouwen en hienen de ljedder by ús weihelle. Yn 'e nacht hearden wy, hoe't de ljedder by ús tsjin 'e muorre oan set waerd. Wy tochten: hwat in nuvere tiid, om dat yn 'e nacht to dwaen.
Mar der woarde net in ljedder delset. En doch hearden wy it dúdlik.
It gebeurde de oare...
nl.verhalenbank.38158
Wienen guon yn 'e Westerein bang dat de duvel har krije soe, dan seinen se njoggen kearen achter elkoar:
"Fuort, âlde duvel, dû krigest my net."
Dan koe de duvel har net krije.
nl.verhalenbank.38170
Ien fan sawn jonges út ien húshâlding is in wjerwolf.
nl.verhalenbank.38164
Yn Jistrum wienen froeger huzen, dêr spoeke it yn. Ek yn 'e Westerein wie sa'n hûs. De bern mochten dêr net komme, dat wie net fortroud.
Ek yn 'e Koaten stie sa'n hûs, dêr wennen in broer en in suster yn.
nl.verhalenbank.31197
Hy wie stille plysje, mar hy joech noait ien preses.
nl.verhalenbank.31183