26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: beest Place of Narration: Boelenslaan
Us heit, Marten Bijma kom us op in kear by jountiid fan 't Fean werom. Doe't er by 't Blauhûs ôfdraeid wie en de wei nei de Loane oproan, kaem der in beest achter him oan. Heit gong op 'e knibbels lizzen om better sjen to kinnen hwat foar in beest it wie. It wie hiel great en giel en it klapte mei de earen. It gong deun by heit lâns en bleau by him oant...
nl.verhalenbank.17590
Sikke van Dekken kom fan Eastemar. Hy hat in jier by ús yn 'e kost west. Hy fortelde ús, dat yn 'e krystnacht, dan leinen alle beesten op 'e stâl gelyk, allegear mei de gesichten nei 't oasten ta. Wy ha der om tocht. En it wie sa.
nl.verhalenbank.21542
Frânse Hinke mastere ek mei fé. Sy kommen withoefier wei, alhiel út Grinslân om rie.
nl.verhalenbank.23763
Myn omke mocht graech murdzje. Op Luchtenfeld stie in âld plaets, dêr wenne Sipke Lindeboom yn. Op in joun gong omke der op út. Doe't er dy plaets in eintsje foarby wie, de kant nei de Skieding op, kom der him in great beest tsjin mei gleone egen, sa great as thékopkes. Omke bleau stean en it beest bleau èk stean. Omke woe hwat better sjen hwat beest as...
nl.verhalenbank.27264
Der wie in boer, dy hie in feint en in faem by him yn tsjinst. Hy hie ek in mot, en dy moest bigje. Hy sei tsjin 'e feint: "Hoe matte wy dat nou ha? Der mat by wekke wurde." Doe sei de feint: "Ik wyt it wol: ik gean earst in heale nacht yn 't bargehok en dan de faem. Beurt om beurt." Dat wie de boer goed. De feint gong yn 't hok sitten en doe't it tolve...
nl.verhalenbank.27911
Der wie in âld-wyfke ûnderweis. Doe bigong de loft hiel bot op to setten. Hy woarde sa min, dat it âld-wyfke tocht: "ik mei wol even skûlje"; en hja krûpte ûnder in hagebosk. Even letter bigong it al to reinen. Dêr kommen ek in kikkert en in mûs oanstappen. De kikkert sei tsjin 'e mûs: "Ik wol hjir in ûnderdak sykje." Doe krûpte de kikkert ûnder 't...
nl.verhalenbank.28320
Der wienen in man en frou, dy wennen op 'e rûmte. In suster fan 'e frou wenne by harren yn. De man forstoar. Doe forkochten de beide susters alles en gongen nei 't doarp ta to wenjen. Op in nacht wie 't hiel min waer. It wearljochte en tongere oan ien tried wei. Doe hearden se bûten flak foar 't hûs in houn. Dat beest blafte en jankte sa, dat de beide...
nl.verhalenbank.19303
Us heit hie us op in joun nei de faem ta west yn 'e Rottefalle. Hy wenne doe by de boer, ik leau hast fan yn Eastemar of sa. Doe't er yn 'e nacht by de faem wei gong en it tsjerkhôf yn 'e Rottefalle foarby soe, seach er dêr yn 'e homeije in beest stean, dat like in protte op in fôlle. Heit wie net bang en tochte: "ik wol better sjen hwat dat is", en hy...
nl.verhalenbank.17729
Op 'e Skûlenburgerwei spûke altyd in swart beest. It like op in hountsje. It roan mei de minsken op. Se koenen it net by har wei krije.
nl.verhalenbank.36029
Heit har ris mei ien fan myn bruorren op 'e kroade nei Surhústerfean ta west. Myn broer wie doe noch in jonge. Doe't se by 't Blauhûs wienen, sei heit: "Sjoch, dêr komt it oan." 't Wie swart, hwat greater as in houn en hwat lytser as in keal. 't Wie in pleachbeest, dat har foarby gong. It die har neat.
nl.verhalenbank.36163
Een ontjie in een okkie Een beetje ooi d'r in Hoort dat beest is uile Dat zegge ze op Zevenuize.
nl.verhalenbank.72610
In hin hat gauwer in mudde hjouwer op as in hynder.
nl.verhalenbank.33090
Guon minsken hienen macht oer it fé. Sokken koenen jin in dier forkeapje, sa mak as in hountsje. Letter wie 't in ûndier. Dat gebeurde wolris mei in hynder. Sokke minsken koenen mear as in oar.
nl.verhalenbank.29395
By de dikke ikebeam oan 'e betonwei yn 'e Harkema, spûke it ek. Allerhande lju ha dêr hwat sjoen. Wy hawwe yn 'e Harkema in kostgonger hawn, dy seach der hwat dat like op in swart beest. It hat him achternei sitten. Hy switte as in oandrager op 'e fyts.
nl.verhalenbank.29424
Yn 'e Harkema woarden se froeger wol warskôge foar guon, dy't se noait by 't fé litte moesten. Wie dyselde der west, dan woarden de beesten lam.
nl.verhalenbank.27801
Der woarden by ús froeger noait fremde minsken by 't fé litten. Guon ha se samar siik. Hjir binne ek guon dy ha postdouwen, mar dêr wolle se bislist gjin fremden by ha.
nl.verhalenbank.26206
Fan 'e sawn dochters is ien in nachtmerje.
nl.verhalenbank.15619
Dieren binne faek heldersynde. Sa wyt in houn twa ûren fan tofoaren al as der tonger komt. Dan is er ûnrêstich en binaud.
nl.verhalenbank.24006
Ook is hier een poos geleden een man gestorven, waar van te voren vaak een hond zat te huilen voor het huis. "Zie je wel," zegt mijn vrouw dan, "zo'n beest weet iets. Maar ik denk, dat het "blooss" [opm. R. Koman: foutief geschreven: 'bloß' = 'alleen maar'] toeval is.
nl.verhalenbank.43316
Yn 'e Boelensloane hienen jo de Spoekeloane, dy gong nei it Spoekeboskje ta. Dêr hienen jo soms nuvere lûden. It wie noait liker as brûsden der in pear koubeesten troch 't wetter hinne. Guon doarsten dêr net lâns.
nl.verhalenbank.27518