26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: beest Narrator Gender: male
Us heit, Marten Bijma kom us op in kear by jountiid fan 't Fean werom. Doe't er by 't Blauhûs ôfdraeid wie en de wei nei de Loane oproan, kaem der in beest achter him oan. Heit gong op 'e knibbels lizzen om better sjen to kinnen hwat foar in beest it wie. It wie hiel great en giel en it klapte mei de earen. It gong deun by heit lâns en bleau by him oant...
nl.verhalenbank.17590
Een ontjie in een okkie Een beetje ooi d'r in Hoort dat beest is uile Dat zegge ze op Zevenuize.
nl.verhalenbank.72610
In hin hat gauwer in mudde hjouwer op as in hynder.
nl.verhalenbank.33090
Guon minsken hienen macht oer it fé. Sokken koenen jin in dier forkeapje, sa mak as in hountsje. Letter wie 't in ûndier. Dat gebeurde wolris mei in hynder. Sokke minsken koenen mear as in oar.
nl.verhalenbank.29395
By de dikke ikebeam oan 'e betonwei yn 'e Harkema, spûke it ek. Allerhande lju ha dêr hwat sjoen. Wy hawwe yn 'e Harkema in kostgonger hawn, dy seach der hwat dat like op in swart beest. It hat him achternei sitten. Hy switte as in oandrager op 'e fyts.
nl.verhalenbank.29424
Yn 'e Harkema woarden se froeger wol warskôge foar guon, dy't se noait by 't fé litte moesten. Wie dyselde der west, dan woarden de beesten lam.
nl.verhalenbank.27801
Der woarden by ús froeger noait fremde minsken by 't fé litten. Guon ha se samar siik. Hjir binne ek guon dy ha postdouwen, mar dêr wolle se bislist gjin fremden by ha.
nl.verhalenbank.26206
Fan 'e sawn dochters is ien in nachtmerje.
nl.verhalenbank.15619
Dieren binne faek heldersynde. Sa wyt in houn twa ûren fan tofoaren al as der tonger komt. Dan is er ûnrêstich en binaud.
nl.verhalenbank.24006
Ook is hier een poos geleden een man gestorven, waar van te voren vaak een hond zat te huilen voor het huis. "Zie je wel," zegt mijn vrouw dan, "zo'n beest weet iets. Maar ik denk, dat het "blooss" [opm. R. Koman: foutief geschreven: 'bloß' = 'alleen maar'] toeval is.
nl.verhalenbank.43316
Yn 'e Boelensloane hienen jo de Spoekeloane, dy gong nei it Spoekeboskje ta. Dêr hienen jo soms nuvere lûden. It wie noait liker as brûsden der in pear koubeesten troch 't wetter hinne. Guon doarsten dêr net lâns.
nl.verhalenbank.27518
As der in paed oer in tsjerkhôf rint, krije jo de beesten dêr net oer.
nl.verhalenbank.23850
Op 'e Skûlenburgerwei spûke altyd in swart beest. It like op in hountsje. It roan mei de minsken op. Se koenen it net by har wei krije.
nl.verhalenbank.36029
Heit har ris mei ien fan myn bruorren op 'e kroade nei Surhústerfean ta west. Myn broer wie doe noch in jonge. Doe't se by 't Blauhûs wienen, sei heit: "Sjoch, dêr komt it oan." 't Wie swart, hwat greater as in houn en hwat lytser as in keal. 't Wie in pleachbeest, dat har foarby gong. It die har neat.
nl.verhalenbank.36163
H.E.: He’j wa es mangs heurd van spookkatn dan? E.M.: t’Oold Gröalkn löawde owweral kwam bie de Mulder, bie Santje nich. G.M.: Dan kwamn ze doar duur de stej hen.
nl.verhalenbank.128539
De Aldehou to Ljouwert is boud op kouwehûden.
nl.verhalenbank.29143
Tsjerke Lize (Tsjerk Boonstra syn wiif) wenne oan 'e Mûzegroppewei. Hja biwearde, dat se de fôlle mei de brijpot faker as iens sjoen hie.
nl.verhalenbank.12504
Der wienen minsken dy wienen net by 't fé fortroud. Dan woarde it fé siik.
nl.verhalenbank.24100
Fan tolve jonges is ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.15691
As heit kealforsmiters hie ûnder 'e kij, dan lei er duveldrek foar de beesten achter 't hoarnsket. Dan hâldde it kealforsmiten op.
nl.verhalenbank.34464