Tsjoensters waren meest oude vrouwen. Ze waren allemaal bang voor haar.
nl.verhalenbank.37996
Alde Gjert Iebeler oan 'e Folgerster Loane wie in tsjoenster. Dêr wienen wy as bern bang foar.
nl.verhalenbank.21100
Tsjinoer it hûs fan Japik Kuipers stie nòch in hûs. Dêr wenne IJe de Vries yn. Myn âldste suster wie dêr alris to helpen. Doe soe mem dêr ek hinne, hwat letter op 'e dei. Hja wie sahwat oan 'e Wilhelmina-hoeve ta.
Mem wie noait bang, hwant mem sei: "Ik haw in rein geweten, dan kin der my neat gebeure."
Doe kom der in swart ding op har ta. 't Wie hiel...
nl.verhalenbank.25948
Myn swager wenne ûnder Rottefalle yn in donker hûs. As hja jouns de doar ticht dien hienen gongen de doarren even letter nochris wer ticht. En 't gong dêr alle jounen op in timmerjen sûnder dat se hwat seagen. Hja waerden bang en binne der om wei gong to wenjen.
nl.verhalenbank.37443
Hjir yn 'e Pein is ris ien smiten woarn. Dy kom út 'e kroech wei. Hy sei: "Ik bin foar gjin duvel bang." Mar doe pakte de duvel him.
nl.verhalenbank.26994
Op in kear wie Hearke nei de faem ta. Mar dy wist net hwa't er wie. Doe liet dy faem har ûntfalle: "Ik soe net graech mei Sterke Hearke wolle, hwant dy is sa ôfgryslike sterk, dy koe jin wol deaknipe. Ik bin bang foar him."
Doe't Hearke dy nachts by har wei gong, sei er tsjin har: "Nou, nou kinst mar sizze dat Sterke Hearke fan 'e jouns by dy opsitten hat."
nl.verhalenbank.38009
Hjir hat in man wenne, dat wie Piter Meijer. Dy hat yndertiid de earmmeester formoarde. Doe't er stoarn wie siet er op in lyts roungear protsje yn in hoeke fan 't bêd. Sa binaud hiet er it hawn.
nl.verhalenbank.23455
Hjir kom froeger in sekere Hindrik v.d. Molen, dy hie pikelhearrings to keap. Wy wienen allegear in bytsje bang foar him, hwant se seinen, as hy it fé oanrekke, dan woarde dat siik. Hy bitsjoende de beesten.
nl.verhalenbank.19509
Een broer fan mij, die nu in Apeldoorn woont, hebben eerder achter Doezum woond in een old huus in de Mieden.
Doar wou noait een mens in omdat dat huus niet deugde.
Moar myn broer lachte der om en syn wief Kobe sei: allemoal proatjes. Moar se hebbn 't onderfonden.
Elke nacht hoorden ze 'n zwoare stap over de solder. Dan ging it bij de trap del en dan was...
nl.verhalenbank.26981
Soks mat hjir ekris yn de Pein foarfallen wêze. Doe wie der ien yn in wyt lekken, dy't in oaren ien bang meitsje woe. Doe't dy oare der oan kom wied er stean bleaun en hie sein: "Ik bin net bang foar dy iene wite, mar foar dy swarte, dy't der achter stiet." Doe wie dyselde mei 't wite lekken om 'e kop hiel hurd útnaeid.
nl.verhalenbank.27335
Olle Martens Hiltsje komt op in oavend op 'e Skieding bij de forten. Doe komt der opeens een dikke swarte hond op haer af met hiel groate ogen. En die bleef moar bij hoar. Se is doar bij fremde minsen inflogen, so bang was se.
nl.verhalenbank.26015
Doe't wy ûnder tsjinst wienen yn Millingen wie dêr in soldaet fan Uthuzermeden dy doarst dêr op in plak net lâns to rinnen. 't Wie in lange reed, dêr't er net lâns doarst.
Ik sei: "Hwat skeelt dy eins? Hwerom doarst dêr net lâns?"
"Daar loopt een korporaal langs zonder kop", sei er.
Ik sei: "Sjit der dan op!"
"Daar durf ik niet op te schieten", sei er.
nl.verhalenbank.27875
Myn suster was troud met een Duutser. Se woonde in Groningen in de Leliestroat. Boven. De huzen doar zijn allemoal geliek.
Op in oavend om half acht goat de deur open, en één feegde de foeten. Myn suster was alleen thús. Hoar man was noch op het werk. Myn suster docht, der komt één binnen, moar doar was niks.
't Hondje sloeg geweldig oan en was alheel...
nl.verhalenbank.26345
Alde Sipke Albert fan Grinzer Pein lake noait. Hy hie in wikseldaelder fan 'e duvel. Hy wie fékoopman en koe dwaen en litte hwat er woe. Der wie noait jildgebrek.
Mar der moest altyd in man wêze dy't him nei de boat tabrochte as it tsjuster wie. Allinne doarst hy der by nacht net út. Dan wie er deabinaud.
Myn man syn broer hie in dochter fan him.
nl.verhalenbank.38021
Arends Jantsje, dat wie Myt har dochter. Dy koe ek tsjoene. Dat hie Myt har leard. Ik ha guon kend, dy hienen in houn. Dat dier trille as in rusk, as Jantsje kom. Dy houn is forkwynd. Dat wie Jantsje har wurk.
nl.verhalenbank.19512
Als het paard 't niet kon doen, dan deed hij het touw aan de dissel en dan trok hij de wagen met mest uit de mestbult.
"Malle Heerke" seiden se ook wel, omdat hij grappen had.
We waren een beetje bang voor hem, omdat hij zo sterk was.
nl.verhalenbank.37992
Heit hie altyd in stik duveldrek yn 't drinken fan 'e bargen, oars wied er bang dat se bitsjoend woarden.
nl.verhalenbank.24132
Bearn Smook (= B. Mulder) hie nei de Pein ta west. Hy wenne op 't Ketting. (healwei 't Fean en de Pein)
Dêr't nou Haring Pama wennet, dêr stie doe neat, dêr kom him ynienen in lyts mantsje op side mei in filten huodtsje op. 't Wie in meter lang en 't snúfde hyltyd mar.
"Dat mantsje roan njonken my," sei Bearn, "hy wie hielendal yn 't swart. Roetswart wie...
nl.verhalenbank.26902
Pleachbeesten wienen sa great as in keal. Se hienen greate gleone eagen en greate earen. Se stienen faek by in omstap. Se joegen noait rûmte, mar se dienen de minsken oars gjin kwea. Se sprongen de minsken ek wol us op 'e rêch. Myn âlde mem hat us ien troffen. Sy roan fan Noard Drachten by de Dwarsfeart lâns en kom oer de Hege Brêge. Doe moest se fierder...
nl.verhalenbank.19496
Sytse Bates dy is gemien,
dy hat syn dochter de hals útsnien.
Mar doe wied er sels sa binaud,
doe hat er himsels de hals útklaud. (âld rymke)
By de moard oan 'e Mûzegroppewei (Sytse Bates) ha se it bloed noait út 'e flier krije kind.
nl.verhalenbank.24175