1,853 datasets found
Dutch Keywords: bang Place of Narration: Garyp
Yn 't east fan Garyp spoeke by nacht ek altyd in dikke houn om. Dêr wienen de lju bang foar.
nl.verhalenbank.23095
Binne en Jelle Hooijenga wienen bruorren. Sy wennen op 'e Sumarreheide en gongen wol us to murdejeijen. Hwat ik hjir nou fortel, ha se my sels forteld. Sy hienen us to murdzjen west nei Sigerswâld ta (ûnder Garyp). Der wienen froeger houtsjepaden fan Sigerswâld nei Sumarreheide. Sy gongen wer op 'e heide yn. De houn wie foar har op. Sy wienen oan 't lân...
nl.verhalenbank.23109
As wy op it hiem moesten dêr't in lulke houn wie, dienen wy duveldrek yn 'e bûse. Liuwefet yn 'e bûse mat ek helpe.
nl.verhalenbank.23117
Wy wennen mei ús âlden yn in keet oan 'e polderdyk ûnder Aldegea. By twa dammen dêr tichteby spûke it. Ik moest dêr altyd lâns. As ik oan ien fan dy dammen ta wie, dan bigong ik hiel hurd to rinnen, sa'n angst hie 'k dan. Mar ik ha der noait hwat fornom.
nl.verhalenbank.20240
It wie op in joun. Der stie in faem allinne foar in boskje. Dat wie nochal in tsjuster boskje mei hege beammen en de faem doarst der allinne net troch. Doe kom der in man oan, dy seach der bitrouber út. Hja sei: "Ik doar noait allinne troch dat boskje hinne, hwant ik bin sa bang foar Biesterveld. Dy is wer út 'e gefangenis wei, sizze se. Ik fortrou my...
nl.verhalenbank.22775
Alde Antsje Kak fortelde us, hja hienen it froeger tige earmoedich hawn. Sy wennen by de polderdyk ûnder Aldegea. 't Wie yn 'e winter en sy hienen gjin brant yn 'e hûs. Antsje wie doe noch in famke. Doe woarde Antsje mei noch ien fan 'e bern der op in joune let yn 't tsjuster op út stjûrd om stikum hwat turf to heljen út ien fan 'e turfhopen, dy't dêr...
nl.verhalenbank.22909
Elke kear, as in mantsje út Burgum, dat mei de hounekarre reizge, de Poel yn Tuskendiken foarby kom, dan woarde er fan 'e karre tild en in ein it lân yn smiten. Op it lêst doarst hy der net mear lâns.
nl.verhalenbank.21350
As de lytse bern tsjirmen moest Piter Poes komme. Piter Poes koe de soldaten ta de hurddobbe útkomme litte. De bern wienen stjerrend-binaud foar him.
nl.verhalenbank.21773
Der wie in boerearbeider yn Sumarreheide, dy soe nei de boer ta op in moarn. Hy moest oer de Houtsjepaden. Doe't er oan 't earste houtsje ta wie, doe wie dêr hwat op dat houtsje. Noait liker as wie 't in sliepmûtse. Dy arbeider woarde sa binaud, dat hy is weromstoud nei hûs ta. Syn broer hat doe nei 't houtsje ta west to sjen, mar doe wie 't der net mear....
nl.verhalenbank.20322
Yn Garyp, yn 't spultsje fan Hidde (v.d. Bij) en Hindrikje siet Age us op in joun. Dy die oars neat as sweare en swetse. Age wenne op Sumarreheide. Hy leaude oan neat, sei er, mar às der dan hwat to sjen wie, dan woe hy wol us trije neakene froulju sjen. Doe gong er by Hidde en Hindrikje wei. Hy sette de stap der ûnder nei Sumarreheide ta. Mar ûnderweis,...
nl.verhalenbank.20321
As Beint Dekker boadskippen dwaen moest gong ik wol faek mei him mei. Ik wie doe noch in fanke. Wy roannen oer de Sumarreheide. Dêr gong Beint by Abrahams Tryn oan, dy hie in winkeltsje. It wie by Beint en dy greate earmoede en hy frege Tryn of dy him noch wol in kear boargje woe. Dan soed er de saterdeis wol sjen as er hwat bitelje koe. Hy soe dan aenst...
nl.verhalenbank.20245
Yn 'e Sumarreheide op 'e Fiifhoek, dêr spoeke it. Dêr doarsten de minsken yn 'e nacht net komme. Op 'e Pasterijelânnen spoeke it ek. Op 'e Brandsma-loane to Garyp roun in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.32116
Yn Aldegea roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dêr woarden de bern wol bang mei makke. Der wienen minsken yn Aldegea, dy wienen bang dat se de fôlle tsjinkomme soenen.
nl.verhalenbank.21790
In âld minske wie bolkoerrinster. Sy hie de bolkuorren oan 't jok. Sy kom op 'e Sumarreheide by Fokjefinne. Dêr wie in dobbe, dêr spoeke it altyd. Doe't se dêr oan ta wie koe se ynienen net in stap mear fierder. Krekt as woarde se keard. En der wie dochs net ien to sjen. 't Swit bruts har oan alle kanten út. Mei great lijen is se op 't lêst nei in plaets...
nl.verhalenbank.20318
As bern woarde ús forteld, as wy hwat opieten, dat in tsjoenster ús joech, dan krigen wy in pod yn 't liif. Om dy kwyt to reitsjen, moest men safolle griene sjippe en in stik of hwat spjelden en safolle wetter dêr op mei elkoar siede. Dan moest men dat focht dêr ôf dreagje. En dan moest men fan dat focht nou en dan hwat opdrinke. Men woarde dan bot...
nl.verhalenbank.21096
Der wie in man dy farde yn in roeiboatsje de Ie oer nei de Burgumermar. Underweis op 'e Ie hearde hy in lûd: De tijd is verschenen, de man is er niet. Mar der gebeurde neat. In oare kear farde er al ris wer nei de Burgumer mar ta, doe hied er in manspersoan by him yn 't boatsje. Op itselde plak as de foarige kear hearden se nou beide it lûd: De tijd is...
nl.verhalenbank.22696
Us heit hie forkearing mei in faem yn Marum (= Marrum). Hy roan dêr alhiel hinne. Hy kom dan yn 'e nacht werom en 't wie in hiel ein rinnen. Mar hy sei: "'k Wie noait binaud." Mar op in kear, doe hat er al binaud west. Hy kom fan 'e faem werom. 't Wie om in ûre of ien hinne. De moanne skynde. Hy seach syn eigen skaed yn 't moanneljocht. Doe woarde hy...
nl.verhalenbank.21089
Op 'e Tike wie in houtsje, dêr spûke it ek altyd. Net ien koe dêr oerkomme sûnder dat der hwat gebeurde. Dat der doarst op 't lêst net in minske mear oer. Doe ha se de dûmny der by helle. Dy hat it spûk oansprutsen. Doe hat dy dûmny de ried jown, sy moesten in wite bûsdoek op it houtsje lizze. Dat ha se ek dien en sûnt dy tiid ha de minsken dêr fan...
nl.verhalenbank.20323
Beppe fortelde, dat der hie froeger in arbeider wenne oan 'e polderdyk, ûnder Aldegea, dêr't wy ek wenne ha. Dy wie de klaei oer oan 't wurk. Doe seach er dêr yn 'e nacht syn wiif dea yn 'e kiste lizzen mei in dea popke by har. Hy is fuort nei hûs ta gong en doe't er thús kom lei syn wiif mei it popke al dea yn 'e kiste.
nl.verhalenbank.20311
Harmkemuoi wenne flak by ús, èk oan 'e polderdyk ûnder Aldegea. (nou ûnder 'e Tike) Hja hie nei de winkel fan Abrahams Tryn ta west op 'e Sumarreheide. (Dat wie 't tichtsteby) Werom gong se in eintsje de trambaen del. Dat wie 't koartste. Doe seach Harmkemuoi dat de beammen samar oan 'e groun ta bûgden en dat by blêdstil waer. Hja woarde deabinaud en gong...
nl.verhalenbank.20246