2,670 datasets found
Dutch Keywords: bang Place of Narration: Drachten
As guon it raer opseinen en biwearden dat se foar gjin duvel bang wienen, woarden se soms troch de duvel smiten.
nl.verhalenbank.36924
Freark wie in keardel, dy wenne op 't Bûtenfallaet. Op in kear gong er in stik lân del. Iderkear seach er hwat skean achter him. Dat doochde net en Freark waerd binaud. It swit stie him yn 't hier. Der wie in gedaente dy folge him. Mei in skeane kijk achterom gong Freark fierder. Hwat hurder hy roun, hwat hurder dy man. Guon miene dat it syn skaed west...
nl.verhalenbank.29646
Froeger woarde der by ús thús jouns altyd praet oer spûkjen en tsjoenen. Dan wienen wy deabinaud as bern. Wy wennen yn in spittene keet yn 'e Houtigehage. Dan doarst ik net út 'e hûs.
nl.verhalenbank.24589
Der binne guon, as dy by in houn komme, dan is dy houn fornield. Dan is er deadsbinaud. Dan is er net wach mear. As der ien komt, dan rint er fuort. Sokke minsken kinne mear as gewoan.
nl.verhalenbank.24004
Der roan nachts yn Aldegea ek in fôlle om mei in brijpot om 'e hals. Dêr wienen de minsken bang foar.
nl.verhalenbank.36777
Myn broer wenne hwat achterôf op 'e Skieding. Wy wennen yn Drachten. Myn oare broer frijgeselle by him. Op in snein-to-joun gong ik der oan ta. 't Wie sahwat tsien ûre. Dêr achter roan in paedtsje lâns. Dy jouns gong dêr in ljocht lâns. Oars neat as ljocht. Ik woarde sa binaud, dat ik makke fluch dat ik by de syddoar fan it hûs fan myn broer kom. Ik hime...
nl.verhalenbank.27065
Yn 'e buert fan 'e Saiterplaets spoeke de duvel fan Earnewâld. Dy sweefde samar oer de Krúswetters hinne. Dat gebeurde op jountiid. Dan wienen de minsken dêr deabinaud.
nl.verhalenbank.23638
Wytse Hountsje (= W. van der Wal) fan Sumarreheide wie froeger fédriuwer. Op in nacht fan tongersdei op freed, doe't er mei fé nei Ljouwerter merk ta soe, hat er in grouwe swarte houn sjoen, mei greate eagen. In great ketting sleepte achter him oan. Hy hat it my sels forteld. It doogde net mei dy houn.
nl.verhalenbank.33332
Antsje Snipel wie de beppe fan Boardzer Bruining. Hja gong foar in tsjoenster troch. Hja kom wol us by ús by de doar mei negoasje. Dan woe se der altyd yn om 'e bern to sjen. Mar ik doarst har der net ynlitte en liet har altyd bûten stean.
nl.verhalenbank.24672
Jierrenlang haw ik dêr yn dy kontreijen tahâlden as fisker en as mier, mar ik ha noch noait sjoen dat der in Gariper of in Earnewâldster nachts yn in tinte wie. Dat doarsten se net fanwege de Lange Sleattenerman.
nl.verhalenbank.24852
By 't Blauhûs spûke it altyd. Dêr waerd fan alles sjoen. Forskate minsken ha dêr in grouwe, swarte houn sjoen, dy roan dan mei de minsken mei. Dêr wienen se fjûrbinaud foar.
nl.verhalenbank.37912
Dyselde man wie ris in kear yn Amsterdam. Doe wie dêr krekt in bigraffenis. Doe't er de lykstaesje foarbykaem bigoun deselde yn 'e kiste to roppen: "Ik wol derút! Ik wol der út!" De dragers waerden sa binaud dat hja lieten de kiste donderje en naeiden hurd út. It wie deselde Hearrefeanster dy't dit lapt hie. Hy koe bûksprekke. (Beide teltsjes binne wier...
nl.verhalenbank.36785
Durk Bekker sei ek, hy soe der noait op útfarre op 'e earste moandei nei nijjier.
nl.verhalenbank.32697
Yn 1931 wie der op 'e Suderhegewei by Drachten in dwaelljocht. De minsken wienen der stjerrend binaud foar. Hindrik Storm hie in ammerke mei molke by him, mar hy kom sûnder molke thús, sa hurd wied er útnaeid. It is net bikend of hjir foartsjirmerij fan west hat.
nl.verhalenbank.19314
Us heit fortelde ek: Der wie in feint dy joech nergens om. Hy wist net hwat bangens wie. Guon seinen: Dat sille wy him ôfleare. Wy matte him us goed bang meitsje. Doe gong der op in joun yn 't tsjuster ien yn in great wyt lekken stean op in plak dêr't dy feint lâns moest. Dy feint komt der oan, hy rint oan dy feint yn 't wyt ta en seit: "Ik bin net bang...
nl.verhalenbank.26929
Op Marrewyk, healwei Drachtster Kompenije en Drachten wie in boskje. Dat is der nou net mear. Wy mochten dêr froeger by jouns net lâns nei Drachten ta, hwant dêr roan in fôlle mei in brijpot. Dat wie gefaerlik. Dat seinen heit en dy. In âlde molkrider Okkema sei 't ek altyd. As bern wienen wy bang foar dat boskje.
nl.verhalenbank.36911
As de houtwjirms kloppen yn 't môgige hout bitsjutte dat dat der in sterfgefal kaem. As de houn spûkgûlde ek; dêr wienen âlde minsken deabinaud foar. As eksters skatteren op it hiem kaem der ek in sterfgefal.
nl.verhalenbank.37143
Ik wie us op in nacht to murdejeijen op 'e Wide Pet. Ik hie in hiele bêste houn. Doe siet dêr hwat yn in beam, dat sprong der út, doe't wy oan dy beam skodden. De houn wie in monster en foar neat bang. Hy snapte dat ding en sprong der mei yn 't wetter. Dêr hat er wol in healûre mei dat ding fochten. Doe't de houn wer út it wetter wei kom wied er...
nl.verhalenbank.23487
Der roan in paed oer 't tsjerkhôf hinne. Der wie in dokter dy moest dêr jouns altyd sahwat om deselde tiid lâns, as er fan 'e pasjinten werom kom. Doe wienen dêr in pear biisfeinten, dy woenen de dokter ris to grazen nimme. Der lei in bartsje oer de droege sleat hinne en dêr gongen dy beiden ûnder lizzen. Sy soenen beare dat se liken wienen. Doe't de...
nl.verhalenbank.33108
Yn Tolbert wenne in persoan, dy hiet fan Wykstra. As dy oan 'e buorrel wie, wist er fan gjin ophâlden. Dêryn wied er krekt lyk as ik. Wy sieten wol us togearre yn 'e kroech. Op in kear trof ik him wer. Ik sei: "Even nei de kroech net?" Hy sei: "Né, ik drink gjin sterke drank mear. Ik drink allinne mar bier." Ik sei: "Hoe nou." Hy sei: "Dat sil 'k dy...
nl.verhalenbank.26061