2,368 datasets found
Dutch Keywords: bang Place of Narration: Boelenslaan
By Bearne-daem gong 't ek altyd op in spoekjen. Dêr wienen de minsken altyd bang.
nl.verhalenbank.37783
Egbert Hoekstra fan 'e Boelensloane kom us op in joun fan Surhústerfean. Doe't er by 't Blauhûs de bocht om gong, de kant nei Boelensloane út, roan der hwat by him; dan wie 't wer achter him, dan wer njonken him. Hy koe net sjen hwat it wie, mar it doogde net. Hy woarde bang. It swit briek him fan alle kanten út. Op 't lêst sette er sokken. Alhiel achter...
nl.verhalenbank.27597
To Hurdegaryp wie in hekke, dy't altyd fansels iepen gong. Foar noch safolle net doarsten de minsken by nacht oan dy hekke to kommen.
nl.verhalenbank.21214
It gebeurde ek wol dat Durkje har man jouns bûtendoar foar hûs siet. Doe wied er al dea. Durkje seach him sitten. Dan wie se bang. Dêrom moesten der nachts guon by har wêze.
nl.verhalenbank.38699
Yn 'e skuorre fan Jan Dijkhuis tusken Zoutkamp en Ulrum wie it net plús. Dêr spoeke it. Dêr doarst gjin minske yn to sliepen.
nl.verhalenbank.17679
By de Bearnedaem spûket in wyt barchje. Dat rint dêr jouns altyd. Forskeidene minsken doarsten dêr froeger jouns net lâns.
nl.verhalenbank.25654
Foppe-om hat in pleachbeest op 'e rêch hawn. Yn 'e Rottefalle by 't tsjerkhôf sprong 't him op 'e rêch. Doe't er thús wie, stie 't skûm him yn 'e klompen, sa krap hied er it hawn.
nl.verhalenbank.19600
By 't Knillisdjip, net sa fier fan Strobos ôf, stie, oan 'e noardkant in hiel moai húske, mar dêr koe net in minske yn wenje. Dêr spûke it altyd.
nl.verhalenbank.25299
Wy hawwe yn 'e Strobosker Mieden wenne. Dêr wie in buorfrou, dy soe us in kear in ammerfol wetter út 'e sleat helje, doe seach se har eigen geest yn 'e sleat. Hja hat noait wer wetter út 'e sleat helje doarst.
nl.verhalenbank.23934
De Skeanpaden rinne fan Houtigehage nei de Rottefalle. Dêr spûke altyd in wyt hynder, dêr wienen wy tige bang foar
nl.verhalenbank.17699
Germ Smous (= Tuinstra) en syn jonge Mindert kamen us fan 'e klaei ôf. Doe't se oan 't Knjillisdjip ta wienen, rêstten se even. 't Wie dauwich waer. "Heit, dêr komt hwat oan", sei Mindert. "Hwerdat jonge?" "Dêr, sjoch mar." "Sweeft it, of giet it?" "It sweeft." "Set dan sok." En der roannen se hinne sa hurd as siet de duvel har achternei. (dit verhaaltje...
nl.verhalenbank.17680
Yn Drachtster Kompenije stie in lyts herberchje, dêr woarde op in joun yn dounse, mei de muzyk derby. It wie Imke de Jong dy't op 'e fijoele spile. Ik siet by him boppe op 'e bank. Doe sei Imke tsjin my: "Mast even de triangel krije." Dy krige ik en ik sloech der op. Sa spilen wy togearre. Doe sei Imke: "Nou sil 'k de froulju ek even bang meitsje." Imke...
nl.verhalenbank.25263
Op in tsjerkhôf wienen in soad kninen. Twa man wienen dêr us op in nacht om se to fangen. Doe kom der in trêdden oan. Dy twa woenen der leafst gjin konkurrinsje by ha, dat sy bisluten dy trêdde man bang to meitsjen. Doe gong de iene boven op 'e oare stean tsjin 'e tsjerkemuorre oan. Doe't dy trêdde man dat seach, sei er: "Ik ha wolris twa boppe op elkoar...
nl.verhalenbank.21416
As der eksters by de doar kommen wienen de minsken froeger bang. Hwant dat bitsjutte in deade.
nl.verhalenbank.21410
Myn broer Miente en syn kammeraet Meint Pama hienen op in joun beide nei de faem ta west. Yn 'e nacht kamen se werom fan 'e Rottefalle. By de Trije Roede gongen se útelkoar, elk moest in kant út. Meint Pama gong de Trije Roede del en kom sa by 't Blauhûs. Doe't er dêr oan ta wie seach er in forskining. 't Wie in frommis, dat sweefde. Meint wie sa binaud...
nl.verhalenbank.37765
Heit syn heit dat wie greate Anders. Dat wie in keardel as in beam en hy wie sa sterk as in hynder. Hy wenne op 'e Boelensloane. Hy hie in wyfke, dat wie Aeltsje, in ding fan niks. Dêr wie er deabinaud foar. As se in bytsje ûngenoegen hienen, dan wie beppe lulk op him en mocht er net op bêd. Dan siet er op 'e plaet en song himsels yn 'e sliep. As er oan...
nl.verhalenbank.24452
Yn 'e Grinzer Pein wenne Sweitse Stopjern. Dy hie in hounekarre mei twa hounen derfoar. Op in kear doe wie er tichte by de Juliana-buert, doe woenen de hounen ynienen net fierder. Se wienen deabinaud en gongen jankend foar de karre lizzen. De beesten seagen grif hwat, mar Sweitse seach neat. Doe't de dieren dêr sa in skoftsje lein hienen kamen se wer...
nl.verhalenbank.37766
Us mem fortelde, dat har mem plichtte alle jounen yn 'e bibel to lêzen. Mar op in kear, doe't se der wèr yn lêsde, doe kom der in hiele greate swarte finger oan en dy sloech de blêdside tobek, dy't sy krekt lêzen hie. Dat gebeurde oan trije kear ta. Doe woarde ús beppe sa binaud, doe doarst se net fierder to lêzen. Sa bang wie se foar dy greate, swarte...
nl.verhalenbank.28336
Hjir wennet in âld-feint oan 'e Spekloane. Dat is greate Miente (Taekema). Dy hat us in kear foar de swarte spegel stien. Doe krige er in deakiste to sjen. Doe hat er letter noait trouwe doarst. Hy hat wol omgong mei froulju hawn, mar hy is altyd âld-feint bleaun.
nl.verhalenbank.24874
Iet ien hwat fan in tsjoenster op, dan foroare dat yn in pod. Jehannes Wyts wie in tsjoenster. Hja roan de famkes nei dy't nei de winkel ta gongen mei in muntsje. Mar dy famkes doarsten 't net opite. Se wisten wol dat it dan net goed kom.
nl.verhalenbank.21893