Ek us in kear doe sieten de plysjes achter him oan. Japik Ingberts siet by in boer op it potrak - dat wie in peal mei in rad - en hâldde in praetsje mei de frou.
"Kenne jo Japik Ingberts ek?" frege de frou. Hwant dêr wie se binaud foar.
"Nou," sei er, "dat ik him net ken, kin 'k net sizze. Mar hy sit al op it rad, hear!"
Doe wie de frou gerêst.
nl.verhalenbank.23426
Myn broer kaem us op in nacht by de faem wei út Burgum. Doe't er by 't Wyldpaed wie by Arentsfeart seach er yn 'e berm in houn sitten. Earst koed er net sjen hwat it wie. It wie in beest noch greater as in keal. En 't wie rûch en swart. 't Hie hiele greate egen yn 'e kop. En de kop wie sa great as dy fan in bolle. En 't hie greate tosken. Myn broer stapte...
nl.verhalenbank.22128
Us heit en dy woenen net heal op 'e foto. Dat wienen duvelskunsten, sei er, en 't wie him net út 'e holle wei to praten.
nl.verhalenbank.22132
Hjir hat in sekere Popke wenne yn 'e Hiltsjemoaiwâlden. Sliepperige Popke neamden se him. Dy wie by 't wiif wei rekke. Op in jountiid fortelde er, as er nei hûs ta gyng, roan hy oer de wei. Mar dan roan der njonken him op 'e ikker in fjûrread lyts keardeltsje.
Hwat hurder hy roan, hwat hurder dat lyts keardeltsje bigong to rinnen. Dat lytse mantsje wie de...
nl.verhalenbank.22156
Ik wie boerefaem. Ik siet to melken yn 'e stâl. Doe miende ik dat ik in fûgel fleanen seach.
Nei melken gongen wy to kofjedrinken. Ik sei tsjin 'e boer: "Ik fortrou my joun net." Hwant ik moest yn 'e tsjernherne sliepe. Dat wie myn plak. "Ik doar dêr joun net to sliepen", sei 'k.
"Hwerom net?" frege de boer.
"It leit my sa by, dat der ien yn 'e hûs is",...
nl.verhalenbank.22005
Yn 'e maert, seinen se altyd, dan hâldden de katten in forgadering. Dan wienen se oan 't psalmsjongen op in stik lân of op in sânwei. Dan doarsten de minsken dêr net lâns, hwant it wienen tsjoensters.
nl.verhalenbank.23421
In nachtmerje is in minske. It is in minske dat in straf hat. Sa'n minske mat sawn jier lang in nachtmerje wêze.
Ik ha faek lêst fan nachtmerjes hawn. Ien kear ha'k ien sjoen.
Myn man wie fuort. 't Wie hiel ier yn 'e moarn. Ik wie allinnich thús mei twa berntsjes. Doe fornaem ik ien oankommen. 't Wie in manspersoan, in skipper. Hy hie in brún pakje oan,...
nl.verhalenbank.20096
Der stoar us in frommeske. Mar sy wie net ècht dea. It wie in skyn-deaden. Hja hie in kostbere ring om mei in djûre stien. Sa kaem se yn 'e kiste.
Doe't se biïerdige wie, kamen der de nachts twa dieven op it tsjerkhôf. Dy iepenen it graef en de kiste om de ring to stellen. Mar wylst hja dêr mei dwaende wienen kaem dat frommeske oerein. Hja wie skyndea.
De...
nl.verhalenbank.22149
Nachtmerjes, plichte ús mem to sizzen, dy kinne troch 't gat fan in flesse hinne. Men kin se 't bêste keare mei roggemoal. Hwant rogge is heilich.
It wie yn 'e simmer en tige soel. Doe't it bêdgongerstiid woarde, sei heit: "Ik gean oer de flier lizzen, 't is my to binaud yn 't bêdsté."
't Wie ljochtmoannewaer en heit koe alles bûten sjen. Doe seach er...
nl.verhalenbank.20110
Hjir op 'e reed, dêr't wy wenje spûket in fôlle mei de brijpot om 'e hals. Dêr waerden wy as bern bang mei makke.
nl.verhalenbank.38639
By Agehekken, op 'e hoeke fan it Wyldpaed, spûke it altyd. As bern wienen wy dêr deabinaud. Dêr roan jouns in wyt famke om.
nl.verhalenbank.38641
Myn beppe wie Hindrik Eatses Gjertsje. Sterker frommeske hat der noait west.
Hja wie noch faem en hie forkearing mei myn pake.
Op in snein-to-joun wienen se togearre oan 't kuijerjen by de Swâdde lâns. Sy wienen op in âld reedtsje.
Doe kommen dêr twa jonge bazen oan: Tsjipke Postma en Jan Kommerij. Dy beide knapen dy hienen ek wol smucht op beppe, mar dy...
nl.verhalenbank.28843
Heit fortelde: Doe't ik in jonge fan sa'n fyftsjin wie, moest ik op in jountiid al aerdich let noch nei de bakker ta om breaspul. Men wist doe noch net fan winkelsluting. Doe kom der ûnderweis in houn op my ta. Dy wie sa great, hy rikke my oan 'e earen ta. 't Wie in swarte houn mei hiele greate gleone egen. Hy wie forskriklike lulk. Ik wie deadsbinaud....
nl.verhalenbank.28761
Myn wiif hie froeger in kammeraetske. Dy har pake wie in apart man. Hy hie in kammeraet. Dy beiden hienen elkoar biloofd, hwa't it earst stoar fan har beiden, dy soe werom komme en dy soe sizze hoe't it dêr yn 't hjirneimels wie.
Dy kammeraet fan har pake stoar.
In pear nachten letter woarde der hyltyd by har pake kloppe, midden yn 'e nacht.
Har pake wie...
nl.verhalenbank.28762
In sekere Wibe fan 'e Westerein fortelde, dat hy farde ris op in boat op sé. It waer wie loverige moai. It folk siet op dek en doe hearden se ien hiel moai sjongen.
Hwat neijer as se by dy stim kommen, hwat moaijer as dat sjongen klonk. Op it lêst wienen se der flak by west.
Doe wienen de oaren allegear bang woarn en dy gongen ûnder yn 't rûm, mar hy,...
nl.verhalenbank.28708
As in skipper op sé farde en hy seach in pestfûgel, dan woarde er bang, hwant dan kom de pest op it skip.
nl.verhalenbank.28709
Op in kear waerd der op it gleske slein oan 'e sydkant. 't Wie yn 'e nacht. Albert gong mei de houn der út. 't Wie in forskuorrende houn, dy't altyd fuort tahapte. Elkenien wie der bang foar. Hy wie wol sa great as dizze tafel.
Albert waerd neat gewaer, doe't er bûten kaem. Mar de houn wie sa binaud, dy krûpte Albert fan bangens tusken de skonken. Dat wie...
nl.verhalenbank.22000
Der wienen ris twa man, dy woenen ien bang meitsje.
Sy seinen tsjin him: "Doarstû by nacht wol allinne op it tsjerkhôf to kommen?"
"Wiswol," sei de man, "hwerom net?"
Doe praetten se ôf, dy nachts om tolve ûre soe dy man oer 't tsjerkhôf rinne. Die er it, dan krige er in flesse drank; as hy der foarom krûme, dan moesten hja in flesse drank ha.
It paed...
nl.verhalenbank.28536
It wie yn 't bigjin fan ús trouwen. Myn man wie yn Dútslân oan 't wurk. Ik wist noch net hwannear't er thúskomme soe.
'k Siet op in joun by de tafel. Dêr stie myn man foar 't glês, in bytsje roungear. Hy hie roetswart hier en in swarte snor. Sa stie er foar 't glês to sjen.
Ik draeide my even om. Doe't ik wer seach, wied er fuort.
"Nou komt Kei gau thús,"...
nl.verhalenbank.22017
Hiltsje hie soks al oan har, doe wie 't noch mar in fanke. Doe seach se al dingen dy't letter gebeure soenen.
nl.verhalenbank.22016