6,431 datasets found
Dutch Keywords: bang Narrator Gender: female Place of Narration: Sumar
Op 'e Nije Wei roan ris op in joun in man fan Twizelerheide nei Twizel ta. Doe kom der in houn njonken him, dy wie swart en great. Dy bleau him op side en roan flak njonken him. De man wie deabinaud, hwant it wie in pleachbeest. Dweiltrochwiet fan bangens kom er yn Twizel oan.
nl.verhalenbank.36259
Antsje-mei-'t tsjil siet yn 'e rogge. Dêr wienen wy as bern deabinaud foar.
nl.verhalenbank.31794
Alde Jehannes Ketellapper wenne op 'e Sumarreheide. Syn wiif Jantsje koe in hiel bataljon soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Ik ha 't sels sjoen. Sy die dat om 'e bern binaud to meitsjen. Wy naeiden altyd hurd út as se ús dêr mei drige. Sy koe mear as in oar.
nl.verhalenbank.12237
Hjir op 'e heide wenne ek in tsjoenster. As dy yn 'e hûs kaem ergens dan wienen se bang dat se de bern bitsjoende. Hja brûkten duveldrek tsjin 'e tsjoenderij.
nl.verhalenbank.31796
Ik wie in fanke fan in jier of 14, 't wie yn 'e nacht, ik lei op bêd. Ik wie wol klear wekker, hwant ik siet op 't lêst yn bêd, sa bang waerd ik. Ik tocht: se binne hjir yn 'e skuorre oan 't terskjen, ik hearde it hiel dúdlik. Mar 't wie net sa fansels, hwant dat koe net. De oare moarns ha se dêr terske. Ik hie 't dus de nacht tofoaren al heard.
nl.verhalenbank.31797
Lytse Wibe (Wibe Paulusma fan Sumar) wie fisker op 'e Burgumer Mar. Op in joun, doe wied er sahwat by Winterswyk (by de B.mar) kaem syn mem samar ynienen by him yn 'e skou. Doe wie hja al lang dea. Wibe doarst letter net wer nei de mar ta to fiskjen.
nl.verhalenbank.21368
Der wenne yn Sumarreheide in boerearbeider. Dat wie in swetser. Hy wie nergens bang foar, sei er. Hy doarst by dei en by nacht oeral wol hinne. Op in kear, doe moest er oer in plankje. Doe siet dêr ien op him to wachtsjen. 't Wie gjin goed spul, dat seach er wol. Dyselde nom him op en smiet him yn it wetter. Doe wie dy arbeider aerdich bikom.
nl.verhalenbank.21365
Yn 'e Sumarreheide op 'e pasterijelânnen yn 'e bocht is Hindrik de Graaf, mei de petroaljekarre en de beide hounen dy't er foar de karre hie samar oer de dyk hinne smiten woarn. It nuvere wie dat de petroaljebussen noch like rjocht yn 'e karre stienen. Hindrik doarst letter noait wer oer de pasterijelânnen, hwant dit wie wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.21363
Alde Ljibbe' Wemel wie fan 'e duvel biseten. Har man gong tiisdeis nei Grins ta, nei de merk. Dan moest har broer by har komme hwant sy doarst net allinne to wêzen. De katten sieten by har yn 't finsterbank to miauwen en fleagen by de glêzen op, as se der net ynkommen. Ienkear wie der in stik lawaei by har op 'e souder. It wie krekt as woarde der in...
nl.verhalenbank.21361
In sekere Bouma, ôfkomstich fan Garyp, hie us nei Drachten ta west en moest nei Olterterp ta, dêr't er by de boer wenne. Doe wie der ynienen in wylde lantearne achter him west. Dy siet him achternei. Hy fleach sa hurd er mar koe om dy wylde lantearne foar to bliuwen. Doe't er by de boer yn Olterterp op 't hiem wie, plofte er achter de hage del, alhiel út...
nl.verhalenbank.32439
Yn duveldrek skûlet blykber in aparte kracht. As ien duveldrek by him hat geane de hounen altyd op 'e loop. Dy wurde dan bang.
nl.verhalenbank.31495
Alle hounen wienen skruten foar Piter Poes. Al wienen 't nòch sokke lulke hounen, se soenen him noait hwat dwaen.
nl.verhalenbank.32316
Foar it spûkgûlen fan in houn wienen de minsken hjir deabinaud, hwant dat kaem altyd nei. Us heit en ús mem ek. Se hawwe 't faek ûnderfoun. Sa'n dier wit mear as in minske formoede kin.
nl.verhalenbank.32181
De froulju wienen bang foar Jehannes Meerstra. Hwant as er it dwaen woe, liet er de froulju samar de klean útsakje. Dan stienen se neaken op 'e wei.
nl.verhalenbank.21119
Op it tsjerkhôf yn de Pein spoeke it. Us omke wie slachter, dy gong us op in joun oer it tsjerkhôf fan de Pein nei 't Swartfean. Doe wie dêr in wyt spoek en dat siet him nei. Hy woarde sa deabinaud, dat hy hat it ridskip der mei forspile.
nl.verhalenbank.21192
Op 'e Hearrewei spoeke it. It wie in wite gedaente. It wie in manspersoan. Myn omke wenne yn 'e Wierren. Op in joun hied er nei de horloazjemakker west yn 'e Pein, omt syn horloazje net doogde. Doe't er werom kom, siet dyselde yn 't wyt achter him oan. Alhiel út 'e liken kom omke thús. Syn mem frege: "Hwat skilt dy?" It spoek hie him oan 'e doar ta folge.
nl.verhalenbank.21187
Piter Poes wie de duvelbander fan Sumarreheide. As jonges rôpen wy him achternei: Piter Poes mei de hannen yn 'e boes, it himd op 'e teannen, dêr komt Piter Poes oanfleanen. Ik wie us mei in stik of hwat oare jonges op 'e Pasterijelânnen yn Sumarreheide. Ien fan myn maten sei sa: "Men sjocht Piter Poes tsjintwurdich noait." Hy hie 't net sein, of dêr...
nl.verhalenbank.12229
Greate Evert wie in spoek fan 'e Sumarreheide. Hy kaem jouns let achter de minsken oanslûpen en dan bûgde er fan achteren syn holle oer 't skouder fan 'e minske hinne. Hy wie ôfgryslike lang.
nl.verhalenbank.31631
Fan de duvel net bang Dat ferhaal fan âlde Johannes van der Zee, dêr is destiids bot oer praat woarn. Hy wie fêst arbeider by Bonne Sjoerds. Hy wenne hjir op 'e heide (Sumar) en dan moast er de paden del (de Gariper kant út). Hy koe ek binnentroch gean, de Pastorijeloane del. It jout de measte eigenskip dat er dat die—dan moast er tusken de âlde diken en...
nl.verhalenbank.12961
Ien fan 'e Tike hat my forteld: Ik (dit wie âlde Jan Potskipper syn wiif) stie op 'e reed. Ik rôp Pije en Hoeke, myn beide jonges, hwant wy masten ite. Der wie net in minske to sjen yn gjin fjilden noch wegen. Doe stie ynienen âlde Tryn achter my, mei in lekken om har hinne. Ik woarde danige kjel en sei: "Dû âlde duvel, dû bist net gong, dû bist flein."
nl.verhalenbank.12234