Stammerige Harm wie ek in tsjoenster. Se wienen allegear bang foar him. Hy kom ris in kear by ús yn 'e hûs. Us Hindrik lei yn 'e widze. Doe gong Harm by de widze stean en hy seach der boven oer hinne.
Doe sei mem: "O, myn jonge!" Doe woe Harm ús Hindrik bitsjoene.
nl.verhalenbank.35949
Spûkgûlde der in houn, dan gong der ien dea. Wy wienen dêr froeger bang foar. As der in lykstaesje oankaem wienen de hounen bang.
nl.verhalenbank.36819
"In nachtmerje," sei myn skoansuster, "dat is de duvel, dy't by jin komt." Dêrtroch wurde wy sa binaud as wy miene dat wy de nachtmerje ha.
Meastal komt der in nachtmerjeman by in frommeske, en in nachtmerjefrommeske by in man.
nl.verhalenbank.20721
Op 'e Lange Loane spoeken froeger trije wite wiven.
Forskate lju doarsten by nacht de loane net lâns.
nl.verhalenbank.34614
Us mem hat de stjerreregen meimakke. Hja wie yn har fammetiid skroar, dan gong se der op út to naeijen, nei forskillende huzen. Op in joun soe se ien fan dy huzen forlitte, doe sei se: "O heden, heden, kom der út, hwant alle stjerren falle fan 'e loft." Hja wie deabinaud. 't Wie in stjerrerein.
nl.verhalenbank.34599
Oan 'e Godloaze Singel hat in rike âld-hear wenne. Hy wie dêr forûngelokke mei in hynder en nou sit syn skat dêr yn 'e groun. Dy âlde hear dy spoeket der sûnt altyd om en in protte minsken wienen froeger deabinaud op 'e Boppewei. It sizzen is dat de âlde hear alle jierren in hoannestap neijer komt.
nl.verhalenbank.34611
Der wie in jongfeint, dy sei, hy wie net bang foar de duvel.
As hy jild fan 'e duvel krije koe, dan naem hy dat yn tank oan. Dat wie yn 'e kroech, dat er dat sei. Doe moest er yn 'e joun de Twizelerwei lâns. Doe hie dêr ûnderweis ien west - hy koe net sjen hwa of hwatte - dy hie in ponge mei jild hinne en wer skodde. Hy hearde it jild rinkeljen. Dat hat...
nl.verhalenbank.36549
Myn man wie mei nòch ris ien mei hynder en wein achter Kollum. Doe kommen se op in plak, der koenen de hynders noait fierder. Dêr wie hwat dat net doogde. Myn man koe 't net sjen, mar de hynders wòl. Dy wienen binaud.
nl.verhalenbank.36522
Hy fortelde ek: "Ik siet us op 't húske. Doe kom der in hiel great ding by my. Noch greater as in skiep. Ik woarde sa binaud, dat ik doarst hast net yn 'e hûs. Mar even letter gong 't ek wer fuort."
nl.verhalenbank.20570
Ik wie sahwat sechstjin jier en ik wenne by myn beppe. Dêr bin ik greatbrocht. Ik wie nochal hwat mounich en ik hie in nuvere gewoante: ik flokte yn dy tiid bot. Letter haw ik my dat ôfwend; ik docht it nou net mear.
Op in kear kom ik by myn kammeraetske wei. Ik wie dêr fiersto lang bleaun, dat wie net goed, dat wist ik wol. Beppe wie dêr ek min oer to...
nl.verhalenbank.29769
Myn dochterke wie deabinaud foar Minne Ael.
As Ael der yn kaem, krûpte se ûnder 'e tafel. Mar dan sei Ael: "Dêr sit nòch ien", en dan seach se 't famke oan mei egen, krekt koallen fjûr.
nl.verhalenbank.29741
Yn dat hûs koenen letter gjin minsken mear wenje. Sy gongen der allegear wer út. It spoeke dêr letter altyd. De minsken koenen der net mear yn wêze. Hyltyd stie 't hûs leech. De stuollen koenen net op har plak stean bliuwe en de tafel en de kachel net, dat op 't lêst wie elkenien deabinaud foar dat hûs.
nl.verhalenbank.20568
Hja wenne oan 'e feart. As de bern op it iis rieden, by 't winter, foelen se altyd op it iis op it plak dêr't hja wenne. Alle minsken wienen bang foar har.
Sy koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.20562
Jehannes Koster wenne yn Kollum. Hy hie in kear nei syn famylje ta west yn Twizelerheide. Doe't er op 'e weromreis wie, doe wie 't al let op 'e joun. Doe woarde er samar ynienen oan kant reage. Doe stie dêr in lykstaesje. Hy woarde sa binaud, dat hy is weromgong nei de famylje yn Twizelerheide en dêr is er dy nachts bleaun. Hy doarst net nei hûs ta.
nl.verhalenbank.19453
By de Boppewei spoeken twa famkes by nacht, mei reade doekjes om 'e hals. Dy famkes binne yndertiid formoarde woarn en koenen de rêst net fine. Guon doarsten dêr by nacht net lâns. Der wienen wol keaplju, dy ha dy famkes dêr troffen as se dêr nachts mei de bargewein lâns kamen. Dan wie 't in hiele toer de hynders dêr troch to krijen.
nl.verhalenbank.30073
Heit hie ek us in moai dik laem kocht. Dat rekke siik en wie samar dea. Dat wie Jan Oenes syn wurk èk.
Heit skripte in protte mei duveldrek. Hy hie altyd krúst op fjouwer plakken yn 't lân duveldrek lizzen.
Heit hat ek us in skiep hawn, dat wie stjerrend binaud as Jan Oenes der west hie. Dan fleach it by de spanten op.
nl.verhalenbank.20921
Jantsje koe sels ek tsjoene. Op in kear wie se by har dochter Pyt op Koatstertille. Pyt wie krekt oan 't tsjernjen, mar hja koe noait bûter krije. It mislearre hyltyd, hwàt hja der ek oan die.
Doe sei Pyt: "Ik sil leau 'k mar nei 't Wytfean ta nei Jonge Jan, hwant dèr koe wolris tsjoenderij achter sitte."
Doe sei Jantsje gau: "Mast it earst nòch mar ris...
nl.verhalenbank.30081
Oan 'e Lange Reed yn 'e Westerein spûke in baerch. Dêr wienen guon tige bang foar.
nl.verhalenbank.38510
Ik wie in lyts fanke. Om in ûre of ien yn 'e nacht bigoun ik altyd to razen. Der siet in raer, swart ding, dat seach ik en dêr wie ik binaud foar.
Heit sei: "It bern is bitsjoend, ik sil nei Wopke ta. Wy krije sa net in wink yn 'e egen." Mar as er dan nei Wopke ta soe, wie 't wer oer. Dat wist de tsjoenster. Dat wie Sytske van Assen. Mar heit is doch nei...
nl.verhalenbank.19443
Der wie in frou yn 'e Westerein, dy seach èk yn sa'n swarte spegel. Doe waerd se o sa kjel, hwant sy krige in deakiste to sjen.
Doe seinen se tsjin har: "Jo hoege jo net bang to meitsjen, hwant dat hindert neat. Jo trouwe skielk mei jou swager. Mar dy frou mat earst stjerre. Dêr sjogge jo de deakiste fan." It is krekt sa útkaem.
nl.verhalenbank.30094