1,853 datasets found
Dutch Keywords: bang Place of Narration: Garyp
As se in spûksel tsjin kommen, seinen se: "As't fan 'e Heare is, sprek dan. Ast fan 'e duvel is, stom dan."
nl.verhalenbank.23096
Yn 'e Easterein fan Garyp is in reedtsje foar it hûs fan Wibe Spoor. Yn dat loantsje roan altyd in fôlle mei in krûk om 'e hals. Dy is troch forskeidene minsken sjoen woarn. Hy roan oan 'e wei ta en dan werom, it loantsje del.
nl.verhalenbank.23041
Ien dy't mei de helm geboaren is, is kûgelfrij. Hy mat der nachts wol us út om lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.23045
Ergens kaem der in man oanriden op redens. Doe hearden guon in stim út in wek wei: De tijd is verschenen, de man is er niet. Doe ried dyselde dy't dêr op redens oankaem it wek yn en fordronk.
nl.verhalenbank.31496
't Wie yn 'e winter. Guon wienen op 't iis op 'e Burgumer Mar. Doe hearden se in stem: De tijd is verschenen, de man is er niet. In skoftsje letter is dêr in reedrider op dat plak yn in wek fordronken.
nl.verhalenbank.23092
Alde Melle Tsjibbe, dy syn wiif wie ek in tsjoenster. Dy foroare har yn in kat. Op in kear ha se dy kat mei de pook slein. Doe wie 't âld-wiif de oare deis kreupel.
nl.verhalenbank.21336
As der ien stoarn is, en dy ha jo hwat biloofd, dan mat men dy bilofte neikomme, oars komt dyselde letter to spûkjen.
nl.verhalenbank.17121
Ik wie in jonge fan sawntjin jier. Ik lei op bêd. Doe hearde ik de tsjerne gean mei trije pompen, dan wie 't stil. Even letter wer trije pompen, dan wie 't wer stil en sa gong dat mar troch. 't Wie yn 'e nacht. De houn ûnder 'e moune spûkgûlde. Ik lei yn 't bûthús. Ik gong by 't bêd del. Doe koe 'k it noch better hearre. Mar hwat dat west hat, haw ik...
nl.verhalenbank.17109
As men yn 'e nacht midden op 'e wei rint, wurdt men soms oan kant treaun troch in lykstaesje, dy't passeare mat. Sa'n lykstaesje sjogge jo net.
nl.verhalenbank.22993
Yn Hurdegaryp by Bennema-state stiet in hekke, dy giet altyd fansels iepen. Dêr binne sels gjin slotten tsjin bistand.
nl.verhalenbank.22987
Wy ha yn Gariperheide wenne. Doe't de tram der noch net wie, hearde ús mem de lûden al. Sy hearde him oer de rails hinnegean.
nl.verhalenbank.22788
Underierdske gongen gongen der fan Sigerswâld (Garyp) nei Smelie. Op beide plakken wie in kleaster. Op 'e Saiter leinen biklemde rechten.
nl.verhalenbank.22978
Jehannes van der Zee wie arbeider by Bonne Sjoerds, dy't op in pleats wenne op 'e Harste. Op in moarn bitiid soe er nei de boer ta. Doe stie dêr ûnderweis ien yn 'e berm. Jehannes hie in stok by him. "Goeije moarn", sei er. Dy oare sei neat. "Nou duvel," sei Jehannes, "kìnst net prate of wòlst net prate?" En hy krige de stok. Doe biselskippe dy oare him...
nl.verhalenbank.31535
In tsjoenster wie meastal in âld wiif. Dy koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.31521
As der jouns foar 12 ûre kloppe waerd oan 'e doar wie dat net slim. Waerd der nei 12 ûre kloppe, dan al. Dan wie der hwat slims gebeurd.
nl.verhalenbank.31509
Alde Sytse Hil fan Sumarreheide hie altiten in rest katten om 'e doar. It gong dêr altyd op in razen en oangean. Dy katten, dat wienen har kammeraetskes.
nl.verhalenbank.23119
Alde Baeije fan Sumarreheide roan mei de bolkoer. Sy seinen dat it in tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.23118
As it lyk in snein oerstie, stoar der gau wer ien.
nl.verhalenbank.31508
In nachtmerje, seinen se froeger, wie in frommeske. Hja knypte har slachtoffer de kiel ticht. Us heit sei soms: Mast altyd de toffels sa delsette foar 't bêd, dat se der net samar ynstappe kinne, dus mei de hakken nei 't bêd ta.
nl.verhalenbank.31520
As ien it yn 't boarst hie, dan krige er froeger in sekje mei hjouwer om 'e hals.
nl.verhalenbank.31534