In famyljelid fan heit hat us mei in pleachbeest to meitsjen hawn. Dy moest nei Kûkherne ta. Dat wie in hiel ein rinnen. Hy siet by minsken en dêr hienen se 't oer in pleachbeest. Hy sei: "'t Bistiet net, dat der pleachbeesten binne." Mar de oaren hâldden fol fan wòl. Hy sei: "As se der dan binne, hoop ik jounich ien to sjen."
Sa rekke er fuort. Hy hie...
nl.verhalenbank.19321
Der wie in boer, dy hie in feint op 'e klaei. Dy wie oan 't ûngetiidzjen. Dy feint stie nergens foar. De boer tocht: "Ik sil him ris bang meitsje."
Doe gong de boer op in joun yn 'e daem sitten mei in wyt lekken om. De feint moest dêr lâns. Dy tocht: dat wite ding, dat heart dêr net. Hy ûnderhelle de jageline fan 't hynder en sloech de boer dea.
nl.verhalenbank.25623
Heit syn mem (Twizelerheide) hie de wask oan 'e line hingjen. Dy soe se by joun gau ynhelje. Mar doe sloech se de egen ynienen op in hiele greate houn, dy't lyk foar har stie. It beest wie sa great as in keal. Beppe koe fan skrik de egen noait wer ôfdraeije. Hja stie stokstiif en seach de houn mar oan.
Doe't se even letter hwat bikaem en de egen even...
nl.verhalenbank.19319
In sémearmin sjogge se mei stil moai waer. Fral as it hwat mistich is. Dan hearre se har lûden. Sy spartelje dan yn 't wetter om.
It séfolk is bang foar in sémearmin. 't Is in min teken, as se op 'e lappen komme, sizze se.
nl.verhalenbank.24933
It Blaufallaet telt sa'n trettsjin huzen. It lêste hûs stiet hwat achterút. Dat is in âld plaets.
Se hienen dêr in soan yn 'e hûs, dêr't ik wol kammeraed mei wie. Op in kear kom ik der lâns yn 'e nacht. 't Wie fiif minuten foar tolven. Doe't ik oan 't plaetske ta wie, wie dêr in houn, dy wie wol sa great as in koekeal. En dy woardde ek samar ynienen wei....
nl.verhalenbank.17742
It mat yn earder tiden ris gebeurd wêze op 't Bûtenfallaet, net sa fier fan Drachten ôf. Dêr wenne in boer, dy hie twa feinten en in arbeider.
Ien fan dy feinten liet him sa ris ûntfalle, dat er noait bang wie.
Fan dy plaets kom men yn it doarp oer skeanpaden hinne. Sa nou en dan moesten se in sleat passeare en oer dy sleatten leinen planken.
Op in joun...
nl.verhalenbank.33384
Yn 'e Houtigehage wennen minsken, dy wienen tige fûl. Sy koenen it net litte op snein to arbeidzjen. Dan stie de man op it lân to hakjen. Dat foel by de buorlju bot op, dy seagen der altyd nei.
Op in snein stied er wer op it lân to hakjen. Doe kom der in hiele grouwe, swarte houn oan. Dy gong deun tsjin 'e lodde oan stean. Doe koe de man net in spit mear...
nl.verhalenbank.17745
Gerke Veenstra fan 'e Spekloane (Boelensloane) seach klear dat der elke nacht tusken tolve en ien ûre hwat by him op bêd kom. 't Gong op 't fuottenein sitten. De egen wienen earst sa great as thékopkes, dy woarden hyltyd greater, op 't lêst wienen se sa great as in pantsje. Elke joun kom dat ding. Dan wie Gerke fjûrbinaud.
Syn frou lei by him. Dan sei er...
nl.verhalenbank.22926
Twa jongkeardels woenen us in kear ien bang meitsje.
It paed gong oer 't tsjerkhôf, dêr moest dyselde lâns. Dat wisten dy jonges. Sy hienen elk in wyt lekken omslein en sa gongen se tsjin 'e tsjerkemuorre oan stean, de iene boppe op 'e oare.
Doe wie dyselde der oan kom. Hy wie stean bleaun en hie sein:
"Twa ha 'k wol gauris op elkoar sjoen, mar dêr noch...
nl.verhalenbank.24945
Frou Korenga fan Oldekerk hie in nicht, dy har heit wie in forkearden-ien en in hiele raren. It wie in losbol en in sûper en hy siet soms heale dagen yn 'e kroech.
Op in joun gong dy nicht de Londense wei del om har heit op to heljen. Sy gong by frou Korenga oan. "k Ben ongerust over pappe," sei se, "hij komt maar nooit thuis." Sy frege of frou Korenga...
nl.verhalenbank.19623
Us heit syn broer Paulus hie us in skip kocht yn Terwispel fan in hellingbaes, dy wenne by de feart lâns. Hy farde der mei de Gordykster Kompenije yn. Dêr brocht er fracht hinne. Doe't er weromkom, tocht er, hy moest mar by de hellingbaes yn Terwispel oplizze.
't Wie tsjuster. Doe kom de healwize soan fan 'e hellingbaes by him yn 't foarûnder.
Der woarde...
nl.verhalenbank.23992
In sekere Oeds hearde dêr ek fan. Dy wie nochal dryst. Hy sei tsjin syn maet: "Nou sil wy dêr ris del, dan sille wy sjen hwat dat dêr is. Hwant ik bin der net bang foar."
De oare sei: "Dû bist sa healwiis, ik gean net mei."
Oeds sei: "Dan gean 'k allinne."
Hy gong allinne de Oene-Hindriksreed del. Doe't er thúskom, sei er tsjin syn broer: "Hwat my nou...
nl.verhalenbank.25413
Op in joun wie der by de Saiter in persoan, dy woe oerset wurde. 't Wie mistich waer. Oan 'e oare kant lei in aekje. It fanke seach deselde dy't oerset wurde woe en hja gong der mei 't roeiboatsje op ôf. Mar doe waerd se sa kjel, hwant dyselde persoan dy sweefde. 't Wie de Lange Sleatterman. Hja is 't fan kjellens bistoarn.
nl.verhalenbank.29639
De lange Sleatterman wie in spûk. Dat spûk hâldde ta tusken de Saiter (Warten) en Earnewâld. Achter 't Heemker fordwoun it wer.
De beurtskippers, dy farden dêr jouns lâns. Se woenen dêr noait lizze, hwant dat wie net fortroud.
Op in bipaeld plak, by de Mjuksgroppe, dêr koe net in skip lizzen bliuwe. Dat wie in birucht plak, alle skippers mijden dat plak....
nl.verhalenbank.29638
Ien fan 'e Houtigehage hat my us forteld:
Wy sieten thús yn 'e keet en wienen oan 't kaertspyljen. As wy oan 't kaertspyljen wienen wie 't altyd lûdroftich. Der woarden dikke wurden by brûkt en de hollen woarden hyt.
Heit hie der in hekel oan dat wy kaertspilen.
Op in kear wienen wy wer oan 'e gong. 't Wie op in joun. 't Gong der heil en seil oan wei en...
nl.verhalenbank.24934
Heit sei tsjin ús, wy moesten noait midden op 'e wei rinne fanwege de lykstaesjes, dy't wol us passeare koenen. Ik ha my dêr hast altyd oan hâlden.
nl.verhalenbank.19861
Ik haw in woanskip hawn, dêr haw ik in set yn wenne.
Dan praette ik wol us mei in skipper, dy kom út Beets. Dy wie bang foar spoeken. Syn broer trof ik dêr ek nou en dan by him. Dat wie in bêste man. Hy wie Kristlik en moest neat ha fan spotten. Mar hy wie deabinaud foar spoeken. As er dêr oer fortelde luts er wyt om 'e holle. Hy fortelde us op in kear:...
nl.verhalenbank.24931
Ik haw by in Grinslânse boer yn 't wurk west, dat wie in spotter. Hy sei tsjin my: "Bistû bang by nacht yn 't tsjuster?"
"Né", sei 'k.
"Durfst dan tussen twaalf en één wel om de plaats loopn?"
"Ja, hwerom net", sei 'k. "Jo ek wol, net?"
"Ik heb geen vreze", sei er. "As komt de duvel met z'n grootmoeder ook, dan heb ik nog geen vreze."
Doe sei de...
nl.verhalenbank.19864
Yn Aldegea stiet in hûs, dêr stienen froeger trije greate linebeammen foar. Dy hienen har tûken oer de hiele wei hinne. Dêr wenne in skuonbaes yn dat hûs en dêr wie ek sliterij.
Gâns boeren stieken dêr simmerdeis oan. Der stien krêbben foar de hynders foar de muorre. Hylke Bakker wenne dêr.
Mar earder wenne dêr Theunis Harms Veenstra. Dy wie feanbaes en...
nl.verhalenbank.25052
Ús oer-oerpake wenne to Drachten oan 'e Dwarsfeart op 'e Ruterspôle. Hy wie noch frijgesel en hie net faek in faem. Op in kear sei er: "Nou wol 'k joun in faem ha, as wie 't de duvel ek."
Doe't it joun wie doe kom der in hiel moai frommeske njonken him en dy roan mei him op. Hja wie klaeid alhielendal yn 't swart. It wienen prachtich-moaije klean dy't se...
nl.verhalenbank.30887