Der wienen in feint en in faem, dy kommen togearre op Gerdykster merke. De feint krige dêr rúzje mei it jongfolk.
Sy woenen net lije dat hy mei dy faem gong.
It fanke sei tsjin him: "Lit ús nou mar fuort gean." Hwant sy hie in hekel oan rúzje.
Mar de feint sei: "Ik bin net bang foar de hele Gerdyk en foar de duvel der by net. Dy keart my likemin."
Op 't...
nl.verhalenbank.27424
Wy hawwe mei de fiskersaek wol yn 'e Earnewarren lein by 't Jehannes Douwes lân. Dan seinen se: "Doare jimme dêr wol lizze?" Hwant dêr reizgen altyd trije froulju lâns, dy spoeken dêr, seinen se.
nl.verhalenbank.24853
Der wie in man, dy mocht graech drank. Hy kom faek mei in sneed yn 't ear thús. It wiif woe him dat graech ôfleare. Hja hie 't al faek prebearre, mar 't woe har mar noait slagje.
Op in kear, doe wied er wer fuort. 't Wie al tsjin tolven, doe kom se fan bêd ôf en doe die se 't lekken om. En doe wachte se him ôf. Doe't er de doar yn kom, swaeide se mei de...
nl.verhalenbank.32887
Yn 'e Wylgen wenne in tige ûnforskillich man. Dy biwearde, hy wie foar noch gjin duvel bang. Mar dy wurden hat er bilije matten. De duvel hat him letter smiten. Doe wie er lytsman.
nl.verhalenbank.29647
Fan 'e 'Lauwers' nei Surhústerfean wie in eintsje wei, dêr doarst in koopman fan Grinzer Pein, in sekere Gjaltema - oars in man dy't net bang wie - net lâns, as er allinne wie. Hy hie dêr ris in swart ding sjoen.
Dizze Gjaltema hie in wikseldaelder. Der woarde fan sein dat er by de frijmetselaers wie.
nl.verhalenbank.27495
Biesterfeld wenne op 'e Dwarsfeart. Elkenien wie binaud foar him, hwant hy stie nergens foar. Hy hie ien formoarde en dêr hied er foar yn 'e gefangenis sitten.
Op in kear roan ús beppe de jouns let mei in man op.
Hja kom fan Olterterp en moest nei de Drachtster Dwarsfeart. Hja praetten oeral oer togearre en sa rekken se ek oer Biesterfeld los.
Beppe sei:...
nl.verhalenbank.33779
Op it Bûtenposter tsjerkhôf stienen us trije man boppe op elkoar tsjin 'e tsjerkemuorre oan. Sy woenen ien kjelmeitsje dy't dêr lâns kom. Mar sy krigen har trekken thús, hwant doe't der ien oankom, bleau dyselde stean, om der nei to sjen. En doe sei er: "Hea, ik ha wol us trije op elkoarren stean sjoen, mar noch noait dêr in fjirden boven op."
Doe woarden...
nl.verhalenbank.19622
Sloegen se him yn 'e boeijen, dat joech neat, hy hie se samar ôf.
Ymke kom út Jobbegea wei. Dêr mat noch in apart hear wenne ha yn Jobbegea. Dy hiet fan Jut.
Dêr bistiet in rymke fan:
Jut
zat achter 't schut;
zijn hele leven lang
en nog is Jut niet bang.
nl.verhalenbank.19742
Alde Jitse Wyts wenne yn Feansterheide. 't Frommes doogde net. It wie in tsjoenster.
Op in kear wie heit fuort om biggen to keapjen. Doe seinen wy: nou matte wy al oppasse, dat dat frommes hjir net oer de drompel komt, hwant sy kin de biggen wol bitsjoene.
Doe die ús Ritske duveldrek ûnder 'e drompel.
Doe koe se net oer 'e drompel komme.
nl.verhalenbank.25470
Yn 't Hearrenfean hat in man wenne dy hie altyd nuvere oanslaggen. Hy ried ris mei 't reau - in wein mei twa hynders der foar fan 't Hearrenfean nei Meppel. Doe't er troch Staphorst kaem, gyng de tsjerke dêr krekt út. Doe krige er de hynders by de sturten beet en sa fjouweren se troch it doarp. Hy raesde dêrby krekt sa raer en lûd as er mar koe, dat de...
nl.verhalenbank.36784
Ik ha froeger wolris heard, hwannear 't der in fremden-ien by de lju kom, dat se seinen: "Hy mat net by de bargen, hear, hwant dan wolle se miskien net mear frette."
Se wienen bang foar de kweade hân. Se lieten in fremden ek net by 't oare fé.
nl.verhalenbank.24948
Piter Alma fan 'e Harkema gong nachts faek to murdzjen. Hy gong de lânnen del en kom by in fuotpaedtsje. Dêr stie in hekke. Dêr moest er oer. Mar de houn doarst net. Dy hie de sturt tusken de poaten. Hy wie bang.
Doe seach Piter dat der in neaken berntsje oansweven kom. It bliuwt foar de hekke stilstean en it sjocht Piter oan.
"Leave, stean 'k op dyn...
nl.verhalenbank.23014
By 't Krúswetter to Warten lei froeger altyd in fisker mei syn aek. Dy hie dêr nachts in tichtset.
Hy wenne dêr mei syn dochter yn 'e aek.
Yn 'e nacht kaem dêr in doomny lâns. Dy gong oer 't wetter hinne. Sy leinen krekt mei de aek op it plak dêr't dy doomny oer 't wetter stapte.
Op in kear wie de dochter allinne thús. Doe seach se ien stean oan 'e oare...
nl.verhalenbank.24555
't Gebeurde yn froeger tiden op in nacht dat in frou allinne de kant fan Beetstersweach út wei kaem. Hja moest nei Drachten ta. Hja wie bang allinne yn 'e nacht, hwant men hearde de lêste tiden fan rare dingen. Yn Drachten wenne in tige biruchte ynbrekker en moardner, dat wie Biesterfeld. Dy wie krekt loskaem út 'e gefangenis. It minske wie bliid doe't...
nl.verhalenbank.36693
Op 'e Oene-Hindriksreed spoeke it. Guon hienen dêr wol ris hwat sjoen.
Alde Hinse hie syn boadskipkes dêr ris forspile. Dêr hie hwat west, doe wie Hinse fan binaudens útnaeid. "Doe bin 'k de oare kant omflein", sei er. "Gean der moarnier mar hinne om to sjen."
Doe hie syn doekje mei boadskippen dêr noch lein.
Guon hienen dêr ris hwat lâns fleanen sjoenen.
nl.verhalenbank.25412
In âldomke fan my moest us op in joun let nei 't Fean ta. 't Wie in hiele raren ien, in almachtigen keardel, dy't nergens bang foar wie. "Ik bin foar gjin duvel bang", sei er en hy wie sa ûnforskillich as hwat. Hy soe nei pake ta. Underweis, by de Oene Hindriksreed ûnder 't Fean waerd er samar opnom en in ein fuortsmiten.
't Is jierren lyn, dat dat...
nl.verhalenbank.25411
Us heit wie skipper. Wy leinen yn Haulerwyk. It wie tusken de maeijen. Heit fortelde: Yn 'e nacht moest ik der even út. Ik skoude it lûkje iepen en kom omheech. Dêr seach ik in wite gedaente, dy kom út it hûs oan 'e oare kant. Dy dûkte ûnder wetter troch. Even letter kom er werom. Heit woarde ôfgryslike kjel.
Pake holp him de oare deis út 'e dream. Der...
nl.verhalenbank.22144
Us heit mocht graech in buorrel en dan gebeurde it wol dat er dronken thús kaem. Dan wie mem mar hwat bang foar him omdat it dan wolris raer gong mei him as er thús wie.
Op in kear sieten mem en ik yn 'e hûs. Wy wachten op heit. Wy hienen in losse trap dêr't wy mei op 'e souder komme koenen en doe op in stuit woarden mem en ik beide kjel. De trap foel om...
nl.verhalenbank.37012
It gebeurde op 'e Dwarsfeart gauris dat de tsjernen út harsels nachts bigongen to ratteljen. Hwat dat wie ha 'k noait bigrepen hawn, ik ha 't sels wol heard.
nl.verhalenbank.19853
Mem fortelde: Bearne Ael wenne yn Sumarreheide. It wie kleare earremoed by Bearn en Ael.
Op in kear soe Ael nei Sumar ta. Sy roan de Pasterije-lannen del. Doe tocht se: Nou woe 'k wol, dat ik in dikke beurs mei jild foun.
Doe't [se] by 't trêdde stik lân kom, lei dêr in beurs mei jild foar har. En doe tocht se: Ja, mar dit komt net klear. Dit is fan 'e...
nl.verhalenbank.33328