2,619 datasets found
Dutch Keywords: bang Place of Narration: De Westereen
Der wie in faem, dy wenne yn in hûs, dat stie op it tsjerkhôf. Der roun in paed oer dat tsjerkhôf, en dêr moest dy faem alle jounen lâns. Dat wisten twa jonges en dy soenen dy faem ris bang meitsje. Doe gongen se dy jouns by de tsjerkemuorre stean, dêr't de faem lâns moest. Se stienen boppe op elkoar, dat it like in hiele lingte. Mar doe't de faem oan har...
nl.verhalenbank.29971
Ik wie sahwat sechstjin jier en ik wenne by myn beppe. Dêr bin ik greatbrocht. Ik wie nochal hwat mounich en ik hie in nuvere gewoante: ik flokte yn dy tiid bot. Letter haw ik my dat ôfwend; ik docht it nou net mear. Op in kear kom ik by myn kammeraetske wei. Ik wie dêr fiersto lang bleaun, dat wie net goed, dat wist ik wol. Beppe wie dêr ek min oer to...
nl.verhalenbank.29769
Myn dochterke wie deabinaud foar Minne Ael. As Ael der yn kaem, krûpte se ûnder 'e tafel. Mar dan sei Ael: "Dêr sit nòch ien", en dan seach se 't famke oan mei egen, krekt koallen fjûr.
nl.verhalenbank.29741
Ymke de Vries fortelde faek oer in grouwe swarte houn mei in lange sturt, dy't sleepte. Dat wie in pleachbeest. Ienkear hied er him sjoen. Doe roan er neist him op in nacht by Kûkherne op in sânwei. Hy hie dêr nei de bosk ta west to wylgekappen. Dat wylgehout waerd brûkt foar 't skrobber-meitsjen. Syn broer Auke wie by him. Auke hie sa bang west, doe't er...
nl.verhalenbank.36566
Men heart wolris fan wite juffers dy't spoekje. Dêr hoeft men net bang foar to wêzen. Wyt kin fordreaun wurde, mar swart net.
nl.verhalenbank.29719
De duvel hie pake foargoed yn syn kloeren, doe't er noch jong wie. Pake hat wol us sa binaud west, dan roan er sa hurd, dat it boppeste fan syn klompen ôfbarstte. Dan siet de duvel him nei.
nl.verhalenbank.21619
Hanne Kramer hat hjir by 't kanael wenne (de Swemmer). Dêr hat in plaets stien. Dêr wied er boerefeint. Hanne Kramer koe fleane waerd der altyd sein. Dy plaets, dêr koenen jy allinne mar oer 't wetter komme. De boer brocht Hanne jouns mei syn boat oer 't wetter. De boer seit: "Hwannear komst thús? Hwant ik wol dy sa let net werhelje." Hanne seit: "Gean...
nl.verhalenbank.36414
By de spoarbrêge yn 'e Westerein doarmen yn 'e nacht altyd in pear berntsjes om, dy hienen gjin holtsjes. Dêr doarsten froeger de minsken by nacht net lâns.
nl.verhalenbank.29707
Mem soe op in moarn om trije ûre nei 't wurk ta. It wie oan 'e Boppewei yn 'e Westerein. Doe seach se hwat oankommen. Hwat it krekt wie, koe se net rjocht sjen, mar 't like wol op in greate bak of greate kiste. It wie op 'e brêge, sei mem, by de opfeart. Doe wie 't ynienen as kommen der geluten fan 'e wei. Krekt as der in kiste troch 't boomiis sonk,...
nl.verhalenbank.21067
In nachtmerje hat ien kear nei my ta sild. Ik wie doe noch in jonge. Ik lei op bêd, 't wie nacht. 't Wie in man op in hynder, dy't lyk op my ta kaem. Ik wie deabinaud, mar koe net roppe.
nl.verhalenbank.32032
Yn dat hûs koenen letter gjin minsken mear wenje. Sy gongen der allegear wer út. It spoeke dêr letter altyd. De minsken koenen der net mear yn wêze. Hyltyd stie 't hûs leech. De stuollen koenen net op har plak stean bliuwe en de tafel en de kachel net, dat op 't lêst wie elkenien deabinaud foar dat hûs.
nl.verhalenbank.20568
Heit en dy hienen to flaechslûken west yn Pitersbierrum yn Grinslân. Yn 'e nacht, sahwat om twa ûre wienen se ûnderweis. Se roannen net hurd, hwant der roan in ploechje folk út 'e Harkema foar har, en dêr wienen se hwat binaud foar. Dêrom bleauwen se hwat achter. It paedtsje dêr't se lâns roannen, dêr wie in stikje rogge njonken. Doe seagen se dat der yn...
nl.verhalenbank.17474
Auke van der Sluis en Jasper Westra wienen togearre op in nacht to murdzjen. It wie hjir flakby, yn 'e Westerein. Sy rekken oan 't dollen. Sy woenen de murd útgrave. Der stienen twa hountsjes by, dy't se meinom hienen. Doe sei Jasper ynienen: "Hwat is dàt?" Auke seach en sei doe mei in lûd dat trille: "'t Is tiid." Hwant der hie ynienen in mynhearke by...
nl.verhalenbank.21465
Hja wenne oan 'e feart. As de bern op it iis rieden, by 't winter, foelen se altyd op it iis op it plak dêr't hja wenne. Alle minsken wienen bang foar har. Sy koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.20562
Jehannes Koster wenne yn Kollum. Hy hie in kear nei syn famylje ta west yn Twizelerheide. Doe't er op 'e weromreis wie, doe wie 't al let op 'e joun. Doe woarde er samar ynienen oan kant reage. Doe stie dêr in lykstaesje. Hy woarde sa binaud, dat hy is weromgong nei de famylje yn Twizelerheide en dêr is er dy nachts bleaun. Hy doarst net nei hûs ta.
nl.verhalenbank.19453
Heit syn omke hie us nei Jistrum ta west. Werom gong er oer Hiltsjemoaiwâlden skeanoer, dat wie koarter. Dêr yn Hiltsjemoaiwâlden wenne in man, dy koe tsjoene. Heit syn omke hie in skoft by him stien to praten. Op it lêst hie dy man egen krige as koallen fjûr. Omke wie der binaud fan woarn. Doe't er fuort gong, joech er omke in apel mei. Dy die er yn 'e...
nl.verhalenbank.19336
Ik wie noch feint en wenne noch by uzes thús, doe kaem op in joun Tsjipke Fokje by ús oan 'e doar. Se rôp tsjin ús mem: "Binne jo der yn, Jantsje?" "Ja," sei mem, "hwat is der?" "Ik bin samar fan 'e wei ôfsmiten woarn yn 'e feart", sei se. "Nou doar ik net nei hûs." Doe hat mem har nei hûs ta brocht mei in âlde stoarmlantearne. Dat gebeurde op de Lange...
nl.verhalenbank.38511
Op in kear wie de tsiiskoopman achter Grins yn Onderdendam. Hy bleau dêr de sneins oer yn in loazjemint. Hy makke dêr de sneins in kuijerke troch 't doarp. Doe wie dêr in folksoploop. De tsiiskoopman wie nijsgjirrich, en sei: "Hwat bitsjut dit?" "Hjir is in man en dêr is elkenien bang foar", seinen se. "De plysjes doarre net by him to kommen. De...
nl.verhalenbank.17487
By de Boppewei spoeken twa famkes by nacht, mei reade doekjes om 'e hals. Dy famkes binne yndertiid formoarde woarn en koenen de rêst net fine. Guon doarsten dêr by nacht net lâns. Der wienen wol keaplju, dy ha dy famkes dêr troffen as se dêr nachts mei de bargewein lâns kamen. Dan wie 't in hiele toer de hynders dêr troch to krijen.
nl.verhalenbank.30073
Ik en in kameraed wienen to murdejeijen. Wy wienen by Burum. En doe sei ik: "Dêr komt ek hwat oan." Doe wienen dat twa hynders. Dy koenen wy net fuort krije. Sy bleauwen stean dêr't se stienen. Krekt as wienen 't beelden. Dat ha spûkhynders west. Wy binne doe mar gau fuortgong.
nl.verhalenbank.21626