26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: bang Place of Narration: De Westereen
Oan 'e Lange Reed yn 'e Westerein spûke in baerch. Dêr wienen guon tige bang foar.
nl.verhalenbank.38510
Stammerige Harm wie ek in tsjoenster. Se wienen allegear bang foar him. Hy kom ris in kear by ús yn 'e hûs. Us Hindrik lei yn 'e widze. Doe gong Harm by de widze stean en hy seach der boven oer hinne. Doe sei mem: "O, myn jonge!" Doe woe Harm ús Hindrik bitsjoene.
nl.verhalenbank.35949
As in houn spûkgûlde bitsjutte dat dat der hiel yn 't koart ien deagean soe dy't tichteby wenne. Dêr wienen de minsken froeger o sa bang foar.
nl.verhalenbank.36816
Der wienen ris twa minsken dy sprutsen togearre ôf, hja woenen ien kjelmeitsje. Doe't se wisten dat hy der oan kaem gongen se boven op elkoar stean. Doe't er oan har ta wie, sei er: Ik ha wolris twa op elkoar stean sjoen, mar dêr noch noait in trêdden boppe op. Doe woarden se sa bang, dat de boppeste sprong fan 'e oare ôf en se naeiden beide hurd út.
nl.verhalenbank.37154
Spûkgûlde der in houn, dan gong der ien dea. Wy wienen dêr froeger bang foar. As der in lykstaesje oankaem wienen de hounen bang.
nl.verhalenbank.36819
Foar spûkgûlen wienen de minsken froeger och sa bang. Sokken binne der trouwens nòch wol. Der waerd algemien sein dat it op in sterfgefal útdraeide.
nl.verhalenbank.38389
"In nachtmerje," sei myn skoansuster, "dat is de duvel, dy't by jin komt." Dêrtroch wurde wy sa binaud as wy miene dat wy de nachtmerje ha. Meastal komt der in nachtmerjeman by in frommeske, en in nachtmerjefrommeske by in man.
nl.verhalenbank.20721
Oan 'e Lange Loane (nou Verlengde stationsstraat) roan in pleachbeest om. It wie krekt in beest as in houn. Hy roan deun njonken de minsken lâns en sy koenen him net wer kwyt wurde. De minsken woarden dan deabinaud.
nl.verhalenbank.36346
Yn Twizelerheide wenne in frou, dat wie in tsjoenster. Dêr doarst net ien hwat op to iten, sa bang wienen se dat se dan bitsjoend wurde soenen.
nl.verhalenbank.36275
Bontsje Keke fan 'e Westerein hat froeger in hiele raren west. Hy flokte alles ûnderstoboven en wie foar gjin duvel bang, sei er. Op in kear is er, doe't er nei hûs ta soe, troch de duvel ûnderweis yn 'e feart smiten.
nl.verhalenbank.38403
Hjir wenne in âld minske, dy hie op in middei har dochter op bisite hawn. De jouns brocht dat minske de dochter in eintsje op stap. Underweis hearden se klear it draven fan in hynder, mar sy seagen neat. Hja woarden binaud, hwant sy tochten dat it hynder op har ta komme soe. Hja draeiden beide om en sy gongen nei in man ta dy't dêr tichteby wenne. Dy...
nl.verhalenbank.36348
Op 'e Lange Loane spoeken froeger trije wite wiven. Forskate lju doarsten by nacht de loane net lâns.
nl.verhalenbank.34614
Pake wie froeger boerefeint to Kollumerpomp. Hy krige forkearing mei in faem fan Twizelerheide. Dêr moest er snein-to-jouns to foet hinne. It wienen doe allegear noch sânwegen. Op in nacht kaem er by de faem wei. Doe't er krekt op 't âlde Wyldpaed wie seach er in greate, swarte houn. Hy tinkt by himsels, dêr komt dy en dy syn houn oan en dy sil 'k hjir...
nl.verhalenbank.36413
Us mem hat de stjerreregen meimakke. Hja wie yn har fammetiid skroar, dan gong se der op út to naeijen, nei forskillende huzen. Op in joun soe se ien fan dy huzen forlitte, doe sei se: "O heden, heden, kom der út, hwant alle stjerren falle fan 'e loft." Hja wie deabinaud. 't Wie in stjerrerein.
nl.verhalenbank.34599
Oan 'e Godloaze Singel hat in rike âld-hear wenne. Hy wie dêr forûngelokke mei in hynder en nou sit syn skat dêr yn 'e groun. Dy âlde hear dy spoeket der sûnt altyd om en in protte minsken wienen froeger deabinaud op 'e Boppewei. It sizzen is dat de âlde hear alle jierren in hoannestap neijer komt.
nl.verhalenbank.34611
Der wie in jongfeint, dy sei, hy wie net bang foar de duvel. As hy jild fan 'e duvel krije koe, dan naem hy dat yn tank oan. Dat wie yn 'e kroech, dat er dat sei. Doe moest er yn 'e joun de Twizelerwei lâns. Doe hie dêr ûnderweis ien west - hy koe net sjen hwa of hwatte - dy hie in ponge mei jild hinne en wer skodde. Hy hearde it jild rinkeljen. Dat hat...
nl.verhalenbank.36549
"Tink der om, de doddeaden pakke jim", seinen se froeger tsjin ús, as wy noch let bûtendoar wienen. Letter seinen se meast 'de berndieven'.
nl.verhalenbank.24481
Myn man wie mei nòch ris ien mei hynder en wein achter Kollum. Doe kommen se op in plak, der koenen de hynders noait fierder. Dêr wie hwat dat net doogde. Myn man koe 't net sjen, mar de hynders wòl. Dy wienen binaud.
nl.verhalenbank.36522
As der bern yn 'e rogge kamen, dan waerden se bang makke mei 't roggemantsje.
nl.verhalenbank.32037
Hy fortelde ek: "Ik siet us op 't húske. Doe kom der in hiel great ding by my. Noch greater as in skiep. Ik woarde sa binaud, dat ik doarst hast net yn 'e hûs. Mar even letter gong 't ek wer fuort."
nl.verhalenbank.20570