Us mem hat wolris forteld, dat, as se toudounsje soe mei oare famkes, doe't hja noch in bern wie, dat hja dat dan de jouns fan tofoaren al hearde en fornaem.
nl.verhalenbank.32772
It gebeurde ek wol dat Durkje har man jouns bûtendoar foar hûs siet. Doe wied er al dea. Durkje seach him sitten. Dan wie se bang. Dêrom moesten der nachts guon by har wêze.
nl.verhalenbank.38699
Wy wennen yn Feansterheide. Op in joun gong ús heit mei ljochtmoannewaer nei tsjerke nei ds. Pekelharing fan Surhústerfean. Dat wie in ein rinnen. Der kaem hwat achter him oan. As heit stean bleau, bleau dat oare ek stean.
Heit koe 't net kwyt wurde. 't Like op in greate, grouwe swarte houn. 't Gong mei heit oan tsjerke ta. Doe hat er 't net wer sjoen.
nl.verhalenbank.37777
Wy mochten fan ús âlden jouns noait midden op 'e wei lâns rinne. Dat dienen wy ek noait, hwant dan koe 't samar gebeure dat wy tsjin in lykstaesje oprounen.
nl.verhalenbank.32773
Yn 'e Houtigehage wie us ien stoarn, dy kom nei de dea hyltyd wer. Doe ha se in dûmny ophelle dy't dyselde forstoarne oansprutsen hat. De dûmny frege hwat syn bigearte wie. Doe sei er, hy hie gjin deaklean meikrige doe't er stoarn wie. Doe ha de minsken op oanrieden fan 'e dûmny op in joun deaklean foar him op 'e tafel lein. Dy nachts kom de forstoarne en...
nl.verhalenbank.17735
Op in joun kaem ik mei ús heit by ús beppe wei. Doe sei heit: "Toe jonge, gean dêr út dy spoaren wei. ('t Wienen doe noch sânpaden) Wy bliuwe even stean." Hy sei net: "Ik sjoch in lykstaesje," mar dy hat er dêrom wol sjoen.
nl.verhalenbank.17340
Us pake kom op in joun bûten. Doe seach er hwat lizzen. 't Wie tsjuster. Us pake skopte der nei, mar hy skopte mis. Hy skopte al wer ris, mar wer mis. De oare deis lei dêr in tsjerne. Dy wie fallen. 't Wie yn Boelensloane oan 'e Fjouwer Roeden.
nl.verhalenbank.36182
By de Bearnedaem spûket in wyt barchje. Dat rint dêr jouns altyd. Forskeidene minsken doarsten dêr froeger jouns net lâns.
nl.verhalenbank.25654
Op in joun hie 'k nei de faem ta west. 't Wie donker. 't Wie yn 'e hjerst sahwat mei Drachtster merke. 'k Wie op 'e Klontsjebuorrren yn 'e Harkema, sahwat op healwei.
Dêr hearde ik flak by my ynienen in lûd, krekt as wie 't in wynpûster en dan folle sterker. En 't wie dochs blêdstil waer.
Ik koe neat ûnderskiede.
nl.verhalenbank.28164
De hekke to Hurdegaryp.
nl.verhalenbank.21415
Yn Sevenhuzen (Zevenhuizen) wie 't froeger allegearre heide. Se seagen dêr jouns in ljochtsje brânnen op 'e heide, hoewol der net in inkel hûs stie. Letter is dêr in hûs delset.
nl.verhalenbank.19598
As wy froeger as bern noch let bûtendoar wienen, sei ús heit: "Tink der om, ûngeboaren Roel sit yn 't flearboskje." Dêr makke er ús bang mei.
nl.verhalenbank.28457
Us heit hie us op in joun nei de faem ta west yn 'e Rottefalle. Hy wenne doe by de boer, ik leau hast fan yn Eastemar of sa. Doe't er yn 'e nacht by de faem wei gong en it tsjerkhôf yn 'e Rottefalle foarby soe, seach er dêr yn 'e homeije in beest stean, dat like in protte op in fôlle. Heit wie net bang en tochte: "ik wol better sjen hwat dat is", en hy...
nl.verhalenbank.17729
Wienen de bern tichte by 't wetter, dan seinen de minsken: "Tink der om, aenst lûke de kikkerts dy der yn!"
Kommen se yn 'e hjouwer of de rogge, dan seinen se: "Aenst pakt Antsje Pluk dy!"
Wienen se jouns let bûten en woenen se net op bêd, dan woarde der sein: "Aenst pakke de nachtdieven dy!"
nl.verhalenbank.28161
Op in kear wie ús mem siik. Doe reizge heit nei Wapstermoune ta, dêr wenne doe in bikende kwaksalver. Heit hie mem har wetter meinom. Hy krige in drankje mei. Dat kostte fiif goune. Heit sei tsjin him: "Soe dit bate?"
Hy sei: "Gods zegen kan een hoop doen."
It holp wol. Sy is better woarn.
Doe't heit dêr siet, praette er mei in man, dy't er dêr trof.
Dy...
nl.verhalenbank.28428
Ritske Bekkema hat hjir tichteby yn in húske wenne. Dêr wie wol gauris in fremde swarte kat by him om 'e doar hinne. Ritske sei: dat is âlde Jehannes' Wyts.
Wyts wie in tsjoenster. Doe krige Ritske op in joun it gewear en doe skeat er dy kat.
De oare deis hie âlde Jehannes' Wyts in kreupele skonk.
nl.verhalenbank.37840
Op in kear wie ús heit to jounpraten nei Wipk-moai en Sibrich-moai. Dy wennen oan 'e betonwei, njonken dokter. Heit hie Knjillis-om ek meinom.
Doe't it let woarde, sei heit: "Wy matte ek mar us wer nei hûs ta." Doe't heit en Knjillis-om op 'e betonwei stienen, seagen se allebeide de kant nei 't kleaster út.
"Hwat komt dêr oan?" sei de iene tsjin 'e oare....
nl.verhalenbank.21211
Alde Hindrik IJe (Jehannes potkarre syn skoanheit) wenne yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema. Dy roan mei 't pak. Hy hie in fluwielen sek op 'e rêch, dy wie mei koarden ticht strûpt. Hy wie in greate foarse keardel. Op in joun soed er nei hûs ta. Hy wie sahwat oan 'e Staetsskoalle ta dêr't de Singel bigjint. Doe stie dêr oan 'e kant fan 'e hage in keardel....
nl.verhalenbank.21215
Us Hinke kom us op in kear mei in dochter fan Bouke Poppinga thús fan it dânsjen yn Drachten. Sy fytsten oer de Houtigehage en Boelensloane.
Doe moest Hinke allinnich de fjouwer Roeden noch del. 't Wie yn 'e winter en der lei snie. Hinke wie goed twintich jier. Doe't se al tichte by ús hûs wie, seach se ynienen twa bigraffenismannen foar har op. Sy seagen...
nl.verhalenbank.21201
As wy jouns let noch om boadskip moesten foar ús mem om foar 2 sinten griene oalje to heljen om dêr in ierappel yn to brieden, sei se: "Pas op, bern tink der om en rin yn 'e berm. Dêr kin jim ris in lykstaesje tomjitte komme."
nl.verhalenbank.32224