26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: avond Place of Narration: Houtigehage
Dyselde man syn frou hearde op in joun dat der in lading hout delplofte flak by har hûs. Krekt as waerd it fan in wein smiten. Binnen it jier woardde der op dat plak in nij hûs delset, dêr't hja ynkommen to wenjen. Mar dêr wisten se doe noch neat fan. Doe kaem der ek in wein mei hout oan dat dêr delsmiten woardde. Dat wie deselde plof.
nl.verhalenbank.37685
Myn heit sei altyd tsjin ús: As jim by jountiid fuortgean, rin net midden op 'e wei, mar altyd oan 'e kant.
nl.verhalenbank.24244
[p. 97] De misledige deaholle Der wie in man, dy neamden se de achtkantige boer. Hy wie smoarryk en hy joech nearne om. Op in kear gong er op reis, mei syn feinten en syn wiif, in hiele protte minsken. Se rieden in ein fuort en doe kamen se by in âld tsjerkhôf. Hy woe dêr ris [p. 98] op sjen en doe foun er dan in deademinskeholle. En doe skopte er dy...
nl.verhalenbank.128314
Myn broer Wessel wurke yn Zoutkamp oan 'e slûs. Hy lei dêr op in joun op bêd. 't Wie op in freed. Saterdeis kom er altyd thús. Doe't [er] dy jouns op bêd lei, woarde er samar opnom en hy fleach troch de loft. Mei pijlsnelheid fleach er nei hûs ta. Doe't er dêr in skoft west hie, fleach er werom nei Zoutkamp ta. 't Gong as in pylk út in bôge. De oare jouns...
nl.verhalenbank.21632
In omke fan my kaem op in joun by de faem wei. Doe't er by de Bethlehemsreed kaem woardde er samar optild en yn 'e sleat smiten. Hy wie by ús folk yn 'e kost en kaem dweiltrochwiet oan. De duvel hie 't him flikt, sei er.
nl.verhalenbank.37703
Dyselde skoanmem har earste man tsjinne as boerefeint. Op in joun gong er nei in plak ta, dêr't se him biwosken. It smoarge waskguod hied er by him. Hy leaude oan neat en wie in greate spotter. 't Wie al aerdich let. Doe kom der him ûnderweis in dikke swarte houn tomjitte. En doe woarde dy feint wol sa bot slein en ôftichele, dat der wie gjin rie ta. De...
nl.verhalenbank.29412
De Spekloane del yn 'e Boelensloane seagen forskeidene lju by jountiid ljochten. Letter die bliken dat se de ljochten sjoen hienen fan 'e huzen dy't dêr doe letter boud binne. Dat wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.31117
Alde Douwe Wedzinga (D. Mûs) kaem fan 't Peinder kanael, dêr hied er oan 't graven west. Hy siet dy jouns thús, doe sei er: "Hwat bin der noch in douwen yn 'e loft." Doe hy nei bûten om to sjen, doe wienen dat noch de spitten fan it Peinder kanael. Sa heech hie er dy smiten, dat dy kommen nou earst del.
nl.verhalenbank.24722
Thomas Bruining wie de heit fan Boardzer Bruining. Hy wenne hjir op Houtigehage. Hy seach mear as oare minsken. Op 'e Boelensloane hie âlde Sape wenne; dy wie al jierren wei. Op in joun seach Thomas Bruining Sape by de homeije stean. Hy waerd der sa kjel fan en sa bang dat hy stoude by ús ta 't hûs yn. Heit sei: Ik wol der fuort mei dy hinne om Sape to...
nl.verhalenbank.37680
Op it tsjerkhôf to Boelensloane hâldden altyd gâns wylde kninen ta. Myn heit gong dêr faek hinne to kninefangen. Dat die er dan mei strikken. Myn broer Miente naem er faek mei. Dat wie doe in lytse jonge. 't Wie op in winterjoun by ljochtmoanne waer. Der lei snie. Heit en Miente wienen op 't tsjerkhôf. Doe kom krekt Germ Tuinstra (Germ Smous waerd er...
nl.verhalenbank.37784
Op Blaufallaet wenne Jan Hellinga mei twa bruorren en twa susters. Jan syn âldste suster moest saterdeijouns noch to winkeljen, mar dêr hie se altyd hwat in hekel oan. Op in saterdeijoun, doe wie 't al aerdich let, doe sei Jan tsjin har: "Dû mast ek noch to winkeljen, fanke." Hja sei: "Dat doar ik net allinne to dwaen, dan mastû mei. Hwant by nacht rint...
nl.verhalenbank.37691
Der wie in faem, dy soe op in joun nei in feestje ta. Hja wenne by in boer en in boerinne. Sy sei tsjin 'e boerinne: "Ik wòl joun in feint ha, as wie't de duvel ek." Doe kom der dy jouns ien by harren by de doar. Dy hie in knolfoet, in soart fan hynstepoat. De faem tocht fuort: "O, heden, dêr ha wy 't al, dat is de duvel." Hy sei tsjin har: "Ik sil mei dy...
nl.verhalenbank.19591
It gebeurde hjir us dat ien net meikrige yn 'e kiste, dêr't se rjocht op hie. Doe kom dat minske letter werom by har famylje, hyltyd wer. Doe ha se de doomny ophelle en dy frege nei har bigearte. Hja hie net it goede léguod meikrigen. Doe sei de doomny, sy moesten dat guod mar op in stoel dellizze dy jouns. Dat ha se dien en de oare moarns wie 't der wei....
nl.verhalenbank.23787
Tryn Snipel fan 'e Boelensloane wie kaertlizter. Wy gongen der wolris op in joun hinne. Dan krige Tryn de kaerten, skodde se troch elkoar en dan helle se der trije út. En dan sei se: Dit acht je niet, dat vergeet je niet, maar dat komt je wis. En dan naem se dy lêste kaert en sei, hwat der gebeure soe. Hja hâldde altyd in slach om 'e earmtakke. Hja sei:...
nl.verhalenbank.37789
De hûskes stienen froeger bûtendoar. 't Wienen trijehoeken. Twa famkes sieten op in joun yn Houtigehage op it hûske. Doe kaem de heit der oan en dy sei: "Ik ha wolris twa famkes op it hûske sitten sjoen, mar noch noait trije." Doe waerden dy famkes sa bang, dat sy fleagen yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.37465
To Houtigehage wenne in man, dy hat forkearing hawn mei in suster fan myn man. Hy hat ris forteld: Op in snein-to-joune seach ik ynienen dat der in streekje huzen fuort wie. It wie dêr gewoan lân woarn, dêr't neat mear op stie. Allegear gjers. Mar o, o, hwat gong it der dêr op dat lân alderheislikst oan wei! It gong dêr op in skoppen en traepjen en...
nl.verhalenbank.11558
Sterke Hearke wie noch in jonge, fortelde heit. Doe wied er us in kear op 't Fean (= Surhústerfean). Doe wienen dêr in stik of hwat mannen, dy losten in wein. Der leinen dikke beammen op 'e wein en dy leinen se iene foar ien op 'e groun. Dêr stie Hearke by to sjen. Doe gongen dy lju yn 'e herberch en kochten in buorrel, mar sy nommen Hearke net mei. Doe't...
nl.verhalenbank.23731
Alde Bearn van der Woude fortelde: "Ik en myn faem wienen togearre by de Bearnewyk yn Drachtster Kompenije. Wy makken plannen om to trouwen en dêr praetten wy oer. Der wie iderkear in lyts katsje by ús, dat sei: - Miau - miau. Ik skopte him yn 'e wyk. Fierder wie der net in minske. De oare deis kom Rikele Myt by my en sei: 'Soa, soenen jim ek trouwe?' Net...
nl.verhalenbank.23725
Oan 'e Loane stie froeger in hûs, dêr wie in frommes yn formoarde. Sûnt dy tiid spoeke it dêr. Sytse Smid hat dêr wenne. Der roan in greate hage foar 't hûs lâns. In protte minsken ha dêr in greate swarte houn sjoen. Ik kom der al us lâns mei de faem. Myn faem fleach ynienen om my hinne. Ik sei: "Hwat wolste?" "Och heden", sei se. Sy koe hast gjin wurd...
nl.verhalenbank.21683
Hjir is in dobbe, dêr ha se alris 'help help' yn roppen heard, sûnder dat der in minske yn wie. Nou tinke se dat dêr noch ris ien yn fordrinke mat.
nl.verhalenbank.37787