Hylke Tjipke kom by Tsjits op in snein-to-joun. Sy wienen togearre bûtendoar, doe kom der in fanke oan kuijerjen. Doe't it fanke Hylke en Tsjits dêr stean seach, gong se werom.
"Bistû dêr, Tryn?" frege Hylke, hwant hy miende dat it syn suster wie. Mar it fanke sei neat en kuijere fierder. Tjipke gong har nei. Sy roan it hûs foarby en gong de kant fan de...
nl.verhalenbank.16879
As men jouns gjin bisite mear ha woe, gong men hinne en set op 'e daem in streek mei de klomp en dêr in krús oerhinne.
nl.verhalenbank.17543
Us buorfrou roan altyd midden op 'e wei lâns. Doe rekke se op in joun ynienen by de wei del. Sy wie by in lykwein oproan en doe foel se der by del.
nl.verhalenbank.16828
Yn 'e Harkema hie ien in moart dien. De moardner moest der jouns alve ûre altyd út. Dan koe er it net langer yn 'e hûs úthâlde.
nl.verhalenbank.12314
Ik haw in kammeraet, dy hyt fan Fokke. Dy wennet hjir ek yn 'e Harkema. Dy syn suster hie forkearing. Dy har feint kom op in nacht by harren wei. Hy moest earst in eintsje sânpaed del. Mei't er op 'e wei fytse soe, komt er werom, hwant hy hie dúdlik in bigraffenis sjoen. Dat wie op Homeare. Dy feint woarde troch dy lykstaesje tobekdrukt. Hy koe der...
nl.verhalenbank.33286
It gebeurde oan 'e Nije Wei dat op in nacht de feint by de faem weikom. Mar even letter wie hy der al wer.
En hy wie sa bleek as in deaden.
"Hwat skeelt dy nou?" sei de faem.
Hy sei: "Der is hwat. Ik kom in lange lykstaesje tsjin. Alles wie yn 't swart en der woarde net in stom wurd sein."
nl.verhalenbank.27409
Aen Klokje (= A. Alma) roan ris op in jountiid allinne by de grouwe beam lâns doe seach er dêr de skime fan in keardel. Dy hie ek samar wer fuort west.
It spoeke dêr altyd by de grouwe beam.
nl.verhalenbank.25746
Alde Bindert Japiks lei jouns bûten ûnder 'e hage om nei de stjerren to sjen. Hy wie stjerrekundige.
nl.verhalenbank.19551
Der moest jouns in strike flaeks om 'e brake boun wurde, foardat de lju op bêd gongen, oars woarde der yn 'e nacht troch brake.
nl.verhalenbank.22277
De greate minsken yn 'e Harkema leauden froeger oan berndieven. Sy lieten de bern jouns noait bûten, dat fortrouden se net.
nl.verhalenbank.15609
In sikere van der Wyk kom de Lytse Wei ris lâns sa'n 35 jier lyn. 't Wie by jountiid en hy wie op 'e fyts. Doe woarde er samar mei fyts en al fan 'e iene kant fan 'e wei nei de oare kant set.
nl.verhalenbank.16868
Beppe Gees koe har foroarje yn in greate wite kat. Dat die se jouns altyd. Dan siet se hjir en dêr yn 't finsterbank to harkjen. It wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.12366
Ik kin wol minsken, as dy it wurk jouns net dien krigen, dan setten se der in popke by del, ek wolris in beestje.
Dan hearden se nachts wol hoe't der wurke woarde.
nl.verhalenbank.25561
Mike Ruerd (= R.v.d. Veen) wie timmerman. Dat wie in earste raren. Dy is ek smiten woarn op in joun. Doe hie er timmere op it Bouwekleaster. It gebeurde by in houtsje op 'e Skoltepaden.
nl.verhalenbank.25776
By de Wopkepoel yn 'e Harkema stie in hûs, dêr wenne âlde dôve Tryn yn. Op in joun stienen wy bûten, ik mei noch in pear maten - 't wie noch fóár myn trouwen - doe gong it dêr hiel bot op in timmerjen. Wy hearden it dúdlik.
Even letter is dêr in nij hûs kom. Der kôm Fokke fan Mekke Nicolai yn to wenjen.
nl.verhalenbank.33287
Oan 'e ein fan 'e Lange Loane, dy't froeger oan 'e Lauwerssé ta gong, stie ien hûs. Oeds Kûper hie dêr in stik lân lizzen. Dêr wienen fjouwer wringen. By dy fjouwer wringen kaem jouns altiten in âld wyfke it lân delstappen. As der ien troch moest, stienen de hekken alle fjouwer iepen. Mar it fé, dat dêr roan, kom net ta 't lân út. Dat wie it wûnderlike...
nl.verhalenbank.17523
Pake en dy krige de molke altyd fan âlde Tamme Syts. Syts wie in tsjoenster. It bern, dat fan 'e molke krige to drinken, woarde siik. Doe gongen se nei Wopke fan Kûkherne, de duvelbander. Wopke sei: "It bern mat gjin molke wer ha." Pake en dy dienen dat en 't bern woarde wer better. Mar Wopke sei ek: "As der joun in pod om 'e doar hinne strúnt, matte...
nl.verhalenbank.12328
Janne Met wenne op Readskuorre. Hja hat in dochter hawn, dy hiet fan Frouk. Dat bern woarde ôfgryslike min bihandele. Sy iet by de bargen krekt as de Verloren Zoon. Hja is dan ek stoarn. Mar doe't se goed en wol dea wie, stie se op in joun samar by de tafel. Dat is faker as ienkear gebeurd.
nl.verhalenbank.20952
Us Sibe en in kammeraet fan him roannen us op it paed, dat nou de betonwei is. 't Wie let yn 'e joun. Doe hearden se dêr op in plak allebeide hyltyd getimmer. Mar der wie neat to sjen.
It duorre net lang, doe kom dêr in nij hûs to stean.
nl.verhalenbank.19519
Mike Ruerd (= R. v.d. Veen) wie timmerman. 't Wie in rûch man. Op in joun kom er fan 't wurk werom. Hy soe wer nei de Harkema ta en roan de Skeltepaden lâns. It bakje mei timmerark hied er oer 't skouder.
Doe kom der him in wite juffer opside.
Ruerd sei, hja moest by him weigean, hwant hy woe net mei har huorkje.
Doe hie dy wite juffer him pakt en oer de...
nl.verhalenbank.23525