By Grinzer Pein is in gehuchtsje: Topwear. Dêr seagen guon alle jounen in ljochtsje. Dêr kaem letter in hûs to stean.
nl.verhalenbank.36953
Noait midden op 'e wei rinne by joun, seinen de minsken froeger altyd. Ien fan 'e Dwarsfeart roun ris mei syn maet midden op it paed.
Doe sei syn maet: "Even oan kant, even yn 'e berm."
It duorre even, doe sei er: "Gean nou mar wer op it paed. Der gong ús nyskes in lykstaesje foarby; dy is ús nou al passeard."
nl.verhalenbank.37144
By 't Blauhûs wie jouns altyd hwat gerinkel yn 'e sleat.
nl.verhalenbank.23021
Op 'e Skieding is in poeltsje, dat neame se de Janke-dobbe. Dat is neamd nei in sekere Janke, dy't dêr fordronken is.
Nei dy tiid spûket Janke dêr. Guon biweare dat se har dêr by joun omdwelmjen sjoen ha.
nl.verhalenbank.36952
Yn 'e buert fan 'e Saiterplaets spoeke de duvel fan Earnewâld. Dy sweefde samar oer de Krúswetters hinne. Dat gebeurde op jountiid. Dan wienen de minsken dêr deabinaud.
nl.verhalenbank.23638
Froeger stienen der yn Boarnburgum twa plaetsen, dêr wie 't net plús. De plaetsen binne dêr noch, mar alles is der nou gewoan. Op 'e iene plaets wenne froeger Broar Kielstra, op 'e oare wennet nou in sekere Buursma. Jouns, as der op dy plaetsen tursken woarde, rêdden se de boel noait op, hwant nachts lei alles altyd wer troch elkoar.
nl.verhalenbank.23991
Ik moest jouns noch wol gauris der op út. Op in kear sei Iebeltsje tsjin my: "Jo matte der jouns net tofolle út gean. Ik ha âlde Hanne Akster oer jou heabulten fleanen sjoen, dat pas mar op."
nl.verhalenbank.36906
Dêr't in forburgen skat yn 'e groun sit, dêr brânt jouns in ljochtsje. Op dy manier kin men dy skat fine.
nl.verhalenbank.26122
Ik wie us op in joun oan 'e Skieding, tichte by Jehannes van der Wyk, yn 'e buert fan 't tsjerkje. 't Wie blêdstil waer, der wie net in sigentsje. Ik hie wolris heard, der binne beammen dy meitsje nachts leven. Dat hat doe ek sa west.
De blêdden fan 'e beammen makken dêr ynienen in leven, it wie ôfgryslik yn ien wurd. Sy klepperen der oer. Hoe koe dat nou?
nl.verhalenbank.26064
Oan 'e Berchloane yn Drachten spoeke it. Alde Hindrik Stoarm gong der us op in joun lâns. Doe siet der in spoek op 'e bank oan 't jildtellen
nl.verhalenbank.18129
Rin noait midden op 'e wei by joun of by nacht, oars kin men troch in lykstaesje oan kant reage wurde.
nl.verhalenbank.27523
Oan 'e Boppeste-Rottefalle hat in pleats stien, dêr't nou it hûs fan Jan Veenstra is. Dy pleats is froeger ôfbrând.
In soad minsken doarsten dêr jouns net lâns, hwant dêr spûke it.
nl.verhalenbank.37809
Ik wie fjirtsjin jier. Us heit lei yn 't sikenhûs yn Grins. Dêr is er doe letter stoarn. Wy hienen dy deis praters hawn: in âldere suster fan myn lettere frou mei de man. Sy moesten gâns in ein rinne en woenen graech dat wy har in eintsje fuortbrochten oan Blauhûs ta. 't Wie min waer, 't waeide en reinde. Dat lêste eintsje fan 'e Boelensloane oan 't...
nl.verhalenbank.29389
Op Marrewyk, healwei Drachtster Kompenije en Drachten wie in boskje. Dat is der nou net mear. Wy mochten dêr froeger by jouns net lâns nei Drachten ta, hwant dêr roan in fôlle mei in brijpot. Dat wie gefaerlik. Dat seinen heit en dy.
In âlde molkrider Okkema sei 't ek altyd. As bern wienen wy bang foar dat boskje.
nl.verhalenbank.36911
Ik wie feint. Ik kom fan Surhústerfean en moest nei de Boelensloane ta. 't Wie jountiid en tsjuster. Ik wie op 'e fyts en hie de carbidlampe oan. Mar dy brânde mei ien pit. Ik stapte ôf om der even nei to sjen. Dat wie yn 'e buert fan it Blauhûs. Wylst ik dêr sa stie, kom der in dame oanstappen. It wie in great, swart frommes. Sy gong lyk foar my stean en...
nl.verhalenbank.23484
Yn Eastemar wenne in dokter, as dy jouns fan 'e pasjinten weromkom, moest er altyd oer it tsjerkhôf, dêr't in paed oerhinne gong. Dat paed gong oer in plankje, dat oer in droege sleat lei, om 't tsjerkhôf hinne.
In pear jongfeinten woenen in grap mei him úthelje. Hja krûpten ûnder 't plankje en doe't hy der oer gong seinen se mei in raer lûd: "Dû hast my...
nl.verhalenbank.36922
Ik wie sechstjin jier âld, doe bin 'k nei Dútslân ta rekke. Doe't ik dêr in skoftsje west hie, doe seach ik op in nacht klear dat der trije arbeiders oan kommen. Ik lei op bêd. 't Wienen arbeiders út Hollân. De iene hie in broek oan mei in oar stik yn 'e knibbel.
Trije dagen letter wienen se der. Dy mei in forsette knibbel yn 'e broek wie in neef fan my.
nl.verhalenbank.23492
Mem en heit ha yn Boarnburgum wenne. Heit hie altyd fan alles to keap. Sy wennen yn in blok fan acht huzen, dat hiet 'de Moune'. Sy hienen doe noch mar ien jonkje, dat is letter weirekke. Doe kom der op in joun in âld minske fan goed njoggentich jier by har. 't Wie de widdou Minke Oosterwoud. Sy frege of it lytse koopmantsje dêr wenne. Dat wie heit.
"Ja,"...
nl.verhalenbank.16845
Yn 'e Surhústermieden by de feart wie in plak, dêr gong it nachts faek op in timmerjen. Njoggen ûre jouns dan bigong it. Altyd klunderen se dêr nachts om. Mar der wie dêrom neat as men der hinne gong.
"Hjir komt fêst in hûs", seinen wy tsjin elkoar.
It hat noch jierren duorre, doe is dêr in nij spultsje delset woarn, flak by de brêge.
nl.verhalenbank.17750
By jountiid mat men noait midden op 'e wei rinne. Hwant dan kin men oan kant stompt wurde. Yn 'e Wylgen is sa ris ien fan 'e wei smiten woarn. Letter kaem dêr dan in bigraffenis lâns.
nl.verhalenbank.29642