26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: avond Place of Narration: De Westereen
To Hurdegaryp wie in hekke, as dy fêst set woarde jouns stie er moarns altyd wer iepen. Dienen se der kettings oan, dat joech neat. 't Wie by Bennema-state.
nl.verhalenbank.38491
Alde Willemke, de tsjoenster, dy't skean foar ús oer wenne, ha se wolris fleanen sjoen. Willemke koe har foroarje yn in kat. As hja der nachts op út wie, to tsjoenen, liet se de pânse achter. Hja moest yn sawn jier tiid ien deatsjoene, oars gong se der sels oan.
nl.verhalenbank.34615
Froeger wenne der yn Grinslân in boer, dy hie in tsjerne. Dêr roan in hynder foar. Dat hynder wie bitsjoend. Deis woe 't hynder net tsjernje, jouns wòl. It roan de hiele nacht troch. Dan wie 't de oare deis allegear brokken.
nl.verhalenbank.25137
Pake wie froeger boerefeint to Kollumerpomp. Hy krige forkearing mei in faem fan Twizelerheide. Dêr moest er snein-to-jouns to foet hinne. It wienen doe allegear noch sânwegen. Op in nacht kaem er by de faem wei. Doe't er krekt op 't âlde Wyldpaed wie seach er in greate, swarte houn. Hy tinkt by himsels, dêr komt dy en dy syn houn oan en dy sil 'k hjir...
nl.verhalenbank.36413
Myn kammeraetske en har suster Griet gongen op in meisjesvereniging op it Wyldpaed. Dat waerd altyd by joun hâlden en de beide fammen moesten dêr yn 't tsjuster hinne rinne. Op in kear roannen hja werom. Hja roannen by de Swâdde lâns. Doe wie der ynienen in dikke, swarte houn by har kaem, dy roan deun by har lâns, omtrint oan hûs ta. Dat wie in...
nl.verhalenbank.30099
Der wie in feint, dy siet op in snein-to-joun by syn faem. Doe't se in skoft byelkoar sitten hienen, moest dy feint der even út. Doe't hy der wer ynkaem, wie de faem fuort. Der lei in pânse op 'e stoel, dêr't hja op sitten hie. Doe wist er dat syn faem in tsjoenster wie. Dit gebeurde yn 'e Westerein.
nl.verhalenbank.36548
Us mem hie in soad lêst fan 'e tsjoensters. As se jouns op bêd gong, dan sei se: "O heden, dêr komme se wer oan." Dan koe se har holle net stil hâlde, sa kribele it har altyd om 'e holle. Dat wie it wurk fan 'e tsjoensters.
nl.verhalenbank.35945
To Hurdegaryp is in tehûs foar âlden fan dagen. Dêr wie froeger in hekke, dy koenen se noait ticht hâlde. As se him jouns ticht dienen, wie er de oare moarns wer iepen.
nl.verhalenbank.38519
Myn kammeraet Hindrik soe op in joun nei hûs ta, doe kom der in great swart beest njonken him. It wie in pleachbeest. Hindrik wie deabinaud. Hy gong nei ien ta, hy doarst net nei hûs, om dat pleachbeest. Doe ha se him nei hûs ta brocht.
nl.verhalenbank.35981
Us heit fortelde, yn 'e Westerein wenne in man, dy siet faek yn 'e kroech. Dan sûpte er him dronken en hie er raer praet dêrby en gong 't op in flokken en kettermintsjen. Op in joun kom er út 'e kroech, doe woarde er ûnderweis troch de duvel keard. Hy mocht net oer 't paed rinne en moest troch de sleat. Dweiltrochwiet is er thúskaem.
nl.verhalenbank.36328
Ik wie noch feint en hie forkearing mei it wiif, dêr't ik nou mei troud bin. Dy wenne oan dizze kant it spoar, yn 'e buert fan 'e Ria's. 't Wie op 'e joun en tsjuster. Ik roun by de fyts lâns. Doe kom der in swarte houn by my, dy't ik noch noait sjoen hie. En ik hie ek noch noait sa'n greaten ien sjoen. Hy wie net lytser as in keal. Hy roan oan 'e oare...
nl.verhalenbank.38517
Der wie in faem, dy wenne yn in hûs, dat stie op it tsjerkhôf. Der roun in paed oer dat tsjerkhôf, en dêr moest dy faem alle jounen lâns. Dat wisten twa jonges en dy soenen dy faem ris bang meitsje. Doe gongen se dy jouns by de tsjerkemuorre stean, dêr't de faem lâns moest. Se stienen boppe op elkoar, dat it like in hiele lingte. Mar doe't de faem oan har...
nl.verhalenbank.29971
Myn mem en heit wienen der op in joun (hjir yn 'e Westerein) op út west. 't Wie yn 'e winter en der lei snie. Doe kaem der in houn achter har oan rinnen. 't Wie in greate houn. Hy wie swart en de sturt sleepte him op 'e groun. Heit en dy hienen 't net rjocht op dy houn bigrepen. Se krigen de stikken snie-koalster ûnder 'e klompen wei en smieten dêrmei op...
nl.verhalenbank.29958
Yn it houtstek fan Dalstra yn 'e Westerein ha guon timmerjen heard, wol forskeidene kearen tusken njoggen en tolwe ûre op 'e joun, as se dêr lâns kamen. Mar as se der hinne gongen wie der neat to sjen en wie alles yn 'e rêst. It wie it timmerjen fan 'e oare deis, dat se hearden.
nl.verhalenbank.19327
It hat hjir yn 'e Westerein de gewoante west dat der guon alle jounen oan 't kaertspyljen wienen. 't Gebeurde yn in gewoan partekulier hûs. Dan gong 't der altyd bot oan wei. Der waerd by sûpt en flokt. Myn omke kaem dêr ek altyd. Dy spile ek altyd mei. Hy flokte as in ketter. Op in joun kaem hy der út. Doe soed er op hûs yn. Mar ûnderweis waerd er opnom...
nl.verhalenbank.29768
Neist myn hûs op in stik lân hat in hûske stien, dêr wennen in mem en in dochter. Durke Hylk hiet it minske. Hja koe tsjoene. De dochter wie gebucheld. Myn heit en in broer fan my gongen op in joun in kear in sânreed del. Dy wie ôffrede fan in stik lân dêrnjonken mei wol seis lagen skerpe tried boppe elkoar. Doe kom Hylk it lân del en gong lyk op 'e tried...
nl.verhalenbank.19330
De Verlengde Stasjonswei hiet froeger Lange Loane. 't Wie doe noch in lânwei. By de bocht wie in leech plak yn [in] streek fan sa'n 5 m, dêr stie by 't hjerst altyd wetter yn. Myn pake soe ris nei famylje ta op in joun. 't Wie donker. Doe seach er in grouwe swarte houn, sa great as in Sint Bernard, mar mei in greate, lange bek. Hy sjocht him foar him lâns...
nl.verhalenbank.36565
Der wie in faem dy woe in frijer ha. Hja sei: "It mei om myn part de duvel ek wol wêze." Dat hie de duvel heard fansels en op in joun, doe stie er foar har. Mar dy faem wie net dom. Hja sei: "Mei 'k earst de skûtels dien waskje? Dêr bin 'k mei oan 'e gong. Wolle jo sa lang wachtsje oant ik dy omwosken ha?" "Jawol", sei de duvel, en hy bleau bûten stean....
nl.verhalenbank.36014
Men mat jouns noait midden op 'e wei rinne. Hwant komt men in lykstaesje tsjin, dan wurdt men oan kant reage. Ek gebeurde it wol, dat men foar by de lykwein oproan. Dat fornaem men oan 'e foarkant net, mar achter wòl. Dêr foel men der dan by del.
nl.verhalenbank.20728
Piters Willemke wie in tsjoenster. As dy forlet hie fan jild, dan hong se jouns in lege ponge oan 'e doar en de oare deis siet dy fol jild.
nl.verhalenbank.30089