As de mearminnen by it roer opklatteren, dan koe de skipper der mar fan op oan dat der min waer op til wie.
As de skipper forliefd waerd op in mearminne, dan luts se him yn 'e sé en hy fordronk.
As se op sé in mearminne sjogge wurde se bang. Hwant dat bitsjut meastal dat dan it skip forgean sil.
nl.verhalenbank.17047
RK: Heeft u ook wel eens verhalen gehoord dat als je je gezicht raar trok dat er dan iets speciaals gebeurde?
WM: Ohja, je most als je rare gezichten trekt, of je deed wat raars met je gezicht, dan bleef dat zo staan. Ja dat was wel zo haha.
RK: Dat is ook een kinderschrik?
WM: Ja, als kind
nl.verhalenbank.44224
Hjir njonken my wennet in widdou, dat is in skippersdochter. Op in kear wie se allinne op 't skip. Har âlders wienen even fuort. It skip lei yn Holwert. Doe kom der in pleachbeest by har op 't skip. Dat kom lyk op har ta. 't Seach der út as in greate, grouwe, swarte houn. Hja gong fuort yn 't skip en wie deabinaud. Letter hat se 't beest net wer sjoen.
nl.verhalenbank.36665
Egbert Hoekstra fan 'e Boelensloane kom us op in joun fan Surhústerfean. Doe't er by 't Blauhûs de bocht om gong, de kant nei Boelensloane út, roan der hwat by him; dan wie 't wer achter him, dan wer njonken him. Hy koe net sjen hwat it wie, mar it doogde net. Hy woarde bang. It swit briek him fan alle kanten út. Op 't lêst sette er sokken. Alhiel achter...
nl.verhalenbank.27597
Ik weet nog wel, dat vroeger bij ons de dijk(1) iedere avond vol vrouwen en jongens stond. Ze stonden dan op de dijk en keken naar het land, in de richting van de wetering. Daar zagen ze stalkaarsen, twee tegen mekander aan; en maar dansen. Op 't lest zeiden ze: "Daar moet de politie bijkomen". Vier polities gingen kijken, ze voeren met de schouw achter...
nl.verhalenbank.43366
Ik en myn broer wienen us mei in pream yn 't ûnlân achter de Broek sahwat tusken Readtsjerk en Feanwâlden om hea. Doe seagen wy in wylde lantearne. Dy sweefde al mar hinne en wer. Nou wied er hjir en dan wer dêr. Ik sei tsjin myn broer: "Ik woe dat dat ding hjir by ús kaem. Dan koenen wy trocharbeidzje." Hwant it wie in sterk ljocht, dêr't wy wol by sjen...
nl.verhalenbank.24706
Alle Tet fan 'e Harkema wie in tsjoenster. Dûmny Nieuwenhús fan Surhústerfean (= van de Nieuwenhuizen) krige wol iel fan Alle. Mar op in kear sei er, hy woe gjin wer ha.
It praetsje gong dat Tet, Alle syn wiif de iel bitsjoend hie. (Tet brocht de iel altyd nei dûmny ta.)
nl.verhalenbank.20216
In stik of hwat fammen fan Wierum hienen nei Moddergat op bisite west, nei kunde. Yn 'e bocht by de Blauwe Daem spoke it altyd. Doe't de froulju de jouns werom kamen seagen se dêr in lykstaesje. Doe setten se werom op Moddergat ta. Sy doarsten dêr net foarby.
nl.verhalenbank.27829
In sekere Bouma, ôfkomstich fan Garyp, hie us nei Drachten ta west en moest nei Olterterp ta, dêr't er by de boer wenne. Doe wie der ynienen in wylde lantearne achter him west. Dy siet him achternei.
Hy fleach sa hurd er mar koe om dy wylde lantearne foar to bliuwen. Doe't er by de boer yn Olterterp op 't hiem wie, plofte er achter de hage del, alhiel út...
nl.verhalenbank.32439
Myn broer hat ûnder tsjinst west yn Brabân, û.m. yn Vught. As dêr by nacht in swarte kat by de wei siet, doarsten se dêr net nei to skoppen, hwant dan kommen der mear. Dan nommen se wraek.
nl.verhalenbank.33733
By de Lange Sleatten spûke de Langesleatterman. Dat is oan diz kant de Krúswetters. Dêr doarst froeger net in skip to lizzen, hwant dan woarden grif de spitten of de ankers op it dek smiten. Dat wie it wurk fan 'e Langesleatterman.
nl.verhalenbank.24918
Yn duveldrek skûlet blykber in aparte kracht. As ien duveldrek by him hat geane de hounen altyd op 'e loop. Dy wurde dan bang.
nl.verhalenbank.31495
Op 'e Hearrewei, tusken Nyegea en Sumar spoeke it. In hopen doarsten dêr by nacht net lâns.
nl.verhalenbank.15721
Tusken Sutfen en Brummen stie in âlde buorkerije. Dêr spûke it altyd. Dêr mat ris hwat freesliks gebeurd wêze. Net ien dy't dêr yn wenje woe. Dy pleats stie altyd leech.
nl.verhalenbank.27624
Midden op it tsjerkhôf yn Marum, dêr spoeke it. Guon wienen dêr deabinaud foar.
nl.verhalenbank.33123
AH: Een boesjeude, dat zeiden m'n ouders wel eens. "Kom maar niet te dicht bie, daar zit een boesjeude." Een boesjeude, ja, wat was een boesjeude? Iets griezeligs, geheimzinnigs, een boosaardig iemand. Dat was wel zo ja. Maar om je bang te maken.
RK: En waar zat-ie in?
AH: In de put en in het water.
nl.verhalenbank.44397
Op 'e Nije Wei roan ris op in joun in man fan Twizelerheide nei Twizel ta. Doe kom der in houn njonken him, dy wie swart en great. Dy bleau him op side en roan flak njonken him. De man wie deabinaud, hwant it wie in pleachbeest. Dweiltrochwiet fan bangens kom er yn Twizel oan.
nl.verhalenbank.36259
Tsjin ùs oer, oan 'e Fryske kant fan 'e Skieding wenne Greate Germ (= Germ Smous). Dy wie deabinaud foar spoeken. Op in joun reizgen hy en syn jonge by ljochtmoannewaer oer de heide. Doe seagen se in man rinnen. It wie Hindrik Liefkes, dy hie dy deis in swart skiep kocht en dat hied er ophelle.
Germ sei tsjin Mindert (syn jonge): "Hwat is dat?"
"Ik sjoch...
nl.verhalenbank.38671
De boezejeude...zal wel met de joden te maken hebben. Er ben zoveel verhaalties van de joden.
Denk er om....boezejeu!"...als je 's avonds in het donker over straat liep...
nl.verhalenbank.43943
Yn dy tiid wie't noch in sânpaed dêr't dat hûs oan stie. Us heit sutele mei in karre mei diggelguod. Twa hountsjes roannen foar de karre.
As heit oan it plak ta wie, dêr't de duvel húshâlden hie, woenen de hountsjes net mear lûke. Dan moest heit skouwe. Wienen se dat plak foarby, dan wie 't wer goed.
nl.verhalenbank.17583