Imke koe minsken samar stil stean litte. Hy koe se ek samar útklaeije litte.
Se koenen him net sa bot opslute of hy koe der út komme.
Doe't er ûnder tsjinst wie woarde er fuortjage. Sy koenen dêr neat mei him wurde. Hy krige oarder, dat hy moest om tolve ûre de stêd forlitte.
De wacht moest melde as hy der wie.
Doe gebeurde it eigenaerdige dat Imke der op...
nl.verhalenbank.25589
Pake wie deagraver yn Peasens. 't Wie doe in hiele krappe tiid. Hy helle by nacht wolris in hôfdou út 'e Tsjerketoer, dan hienen se wer hwat yn 'e panne.
Guon wisten dat. "Sille wy dy âld keardel ris bang meitsje?" seinen se tsjin elkoar.
Pake moast troch de lytse doar fan 'e tsjerke om yn 'e toer komme to kinnen.
Doe't hy dêr wer ris hinne soe yn 'e...
nl.verhalenbank.27943
Myn heit hat nou fjouwerensawntich jier wei west. Ik wie goed alwe jier doe't er stoar. Trije wiken foar syn dea sei Knjillis Veenstra tsjin ús mem: "Dû hâldst Fokke net lang mear." En doe wie heit doch noch sa soun as in fisk. Hy krige krampkolyk en hy wie sa soun en sa dea. It wie in keardel as in beam en izersterk. Hy wie noch gjin seisenfjirtich jier...
nl.verhalenbank.19425
Op 'e Singel - dat wie froeger in modderpaed - seagen se nêst jierren wylde lantearnen. Letter binne der op dy plakken huzen boud.
Dy wylde lantearnen wienen de ljochten fan dy huzen.
nl.verhalenbank.28513
Us Sibe-om syn heit ha se wol us boven oer de beammen hinne smiten. Jouns moest hy der faek út. Dan gong er nei 't achterhûs ta. Dêr moèst er dan hinne. Hy wie bot oan 'e drank. De duvel krige him en smiet him. De duvel focht ek mei him. Dan wied er bont en blau en alhiel biblet.
Hy wie koetsier to Surhústerfean. It gebeurde faek, dat er mei de duvel...
nl.verhalenbank.21325
Yn in boerespultsje ûnder de Ham rekke in bern siik. It bern tsjirme, dat wie skoan oan 't bern to sjen. Hoe't de dokter der ek mei omplastere, it joech allegear neat. It bern bleau in harterke, ja it kopke biklonk hoe langer hoe mear.
Doe sei de buorman tsjin 'e heit fan dat bern: "Dû mast opjaen fan dokterjen. Der skeelt dat bern oars hwat. Dêr hat in...
nl.verhalenbank.15782
Myn Pake en mem seagen hjir yn 'e Harkema yndertiid yn 'e Smoarhoeke ljochtsjes oankommen, dy draeiden om 'e hoeke de slingerpaedtsjes del. 't Wienen wylde lantearnen.
Letter rieden de fytsen dêr lâns mei jouns de ljochten op.
Dy lampen fan ' e fytsen ha sy doe fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.26220
Hanne Foekes wie in ielfisker. Hy wenne to Eastemar yn in arke. Op 'e Leijen is er formoarde woarn. Op 'e Snakkerbuorren hied er syn wenskipke meastal to lizzen. As er ite woe, makke der twa pannen ré op 'e tafel. De iene panne mei iten wie foar Janmaet, sei er. De duvel hat him op 'e Leijen de holle omdraeid.
nl.verhalenbank.21926
Sterke Hearke ploege op 'e Dunen yn 'e Harkema.
Der kom ien oer 't paed by him lâns.
"Hwer sille jo hinne?" frege Hearke.
"Ik sil nei sterke Hearke", sei er.
Hearke sei: "Doch even geduld." Doe helle er de hyns út, hy krige de ploege fan achteren beet en tilde him op mei ien hân. Mei dy ploege wiisde er nei syn hûs. Hy sei: "Sjoch, dêr wennet er."
En doe...
nl.verhalenbank.20596
Yn 'e Like stiet in slot, dat ha de Moaren dêr boud. Letter is dat yn hannen kom fan rikelju. Dêr wienen ek ûnderierdske gongen by. En sy hienen ek in skatkeamer.
De faem moest wolris nei dy skatkeamer ta om 't spul dêr skjin to meitsjen. Dan biseach se 't spul altyd. Der wienen allerhande kostbere sieraden yn en sa.
It famke fan dy rike minsken gong...
nl.verhalenbank.25788
Doe't ik 38 wie, haw ik nei in kaertlizter ta west yn Lukaswoude. Dêr wie it doe merke. Hja sei, ik wie to goed en dêr waerd wol misbrûk fan makke. Ik holp faek oaren en dêr waerd ik net nei bileanne. Ik soe 75 jier âld wurde. Ik bin nou 74.
Doe wie myn maet oan 'e beurt, dat wie Berend Bakker fan Roan. Hja sei tsjin him: "Foar jo ha 'k net sa'n moai...
nl.verhalenbank.19369
D’r ston es ’n soldoat op wach. ’t Was ’n harde wienter. En ’t was bar koud. En de soldoat zèj: “’t Is toch wa um soldoat te zien. Lot de duvel mar soldoat speule!” Hé’j zette zien gewèr ien ’t schildwachhuuske en hé’j liep en stampte hin en wer um de kou wa te verdrieve. Opens hördenie wa. D’r kwam iemand on. De soldoat greep zien gewèr en riep: “Halt,...
nl.verhalenbank.50212
Hoe't de nammen Eastemar, Sumar en Akkrum ûntstien binne:
Der wienen in pear manlju út 'e Rottefalle, dy soenen in feart grave. Doe kommen se op in plak, dêr woenen se úteinsette.
"Earst hjir mar bigjinne", sei der ien. Der wienen guon dy hearden dat en doe joegen se dat plak de namme Eastemar.
Doe't se in ein fierder wienen kommen se op in plak, dêr sei...
nl.verhalenbank.32957
By de Sawn hûskes ûnder Eastemar stie in hûs dêr koenen se de doarren net ticht fan hâlde. (dit woarde har meidield troch har omke Piter Ophuis, dy't to Eastemar wenne en arbeider wie op in pleats tichte by de Sawn hûskes).
nl.verhalenbank.12355