1,874 datasets found
Dutch Keywords: 3 Place of Narration: Harkema
Op 'e Tille hat in man wenne, dat wie in sekere Reid Keuning. Der kommen jouns faek minsken by him to kaertspyljen. Wy wienen doe fan dy jonges. Reid liet dan samar soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy bigongen to marsjearen.
nl.verhalenbank.26271
Hjir gongen froeger wol faek manlju fan 'e Harkema - jongfolk - nei de swarte spegel. Dan koenen se sjen mei hwa't se trouwe soenen.
nl.verhalenbank.26270
Wy hienen froeger by ús thús altyd duveldrek ûnder 'e drompel en ûnder 'e bargebakken. Dat wie fanwege de tsjoenderij.
nl.verhalenbank.26269
Us Sjoerd siet us in kear by in hiel âld minske hjir yn 'e Harkema. Dat wie in tsjoenster. Dat âld minske hie him kofje yngetten en Sjoerd woe eins net wegerje, dat hy dronk it op. Mar 't hie hiel raer smakke. Nei dy tiid hied er yn 'e kroech sitten mei in stik of hwat oaren en hied er in slokje hawn. Doe wied er sa mislik woarn, dat hy hie spuije matten....
nl.verhalenbank.26268
Us beppe stie yn 't achterhûs. Mem seach, dat har rok yn 'e brân stie. (yn werklikheit wie 't sa net) Soks bitsjutte dat der in deaden kom. Doe't se 't tsjin beppe sei, rôp dy: "O heden, dat is net bêst, dat bitsjut in sterfgefal!" Beppe hat noch even leefd, doe is se stoarn. (slacht dit op it fagefjûr?)
nl.verhalenbank.20040
As ien trije drippen bloed út 'e noas falle, dan giet er ek grif gau dea.
nl.verhalenbank.20039
Deatikkerkes dat binne spinnen achter 't bihang. As sa'n spin bigjint to tikjen, dan komt der in deaden-ien.
nl.verhalenbank.20038
It skiep in in heilich dier. Dat spoeket noait. Dêr kin de duvel net yn komme. Jezus woarde as in lam to slachtsjen lein. Dêr komt it fan.
nl.verhalenbank.20035
As in minske bang wurdt, dan sit him dat yn 'e duvel. Hwant de duvel giet as in 'briesende leeuw'.
nl.verhalenbank.20034
Der binne dieren, dy kinne se mei in gewear noait reitsje. Sokke dieren dêr wennet de duvel yn.
nl.verhalenbank.20033
Us mem helle us fyftich baelders op fan Teije Tammes Syts. Mar doe't se mei dy baelders fuort soe, liet Syts har stean. Se koe net in foet forsette. Wol in healûre lang hat se dêr sa stien. Doe kom Syts har keardel der oan. Dy sei tsjin mem: "Dû hast hjir lang genôch stien. Dû mast sjen datst thúskomste mei de branje." Doe koe mem earst noch net to bêst...
nl.verhalenbank.20032
Mem har mem wie in suster fan Willem Ophuis. Dy wie us op 'e klaei oan 't wurk. Hy sliepte yn 'e skuorre yn 't strie by oare arbeiders. Op in joun sei er tsjin 'e oaren: "Hwat jimme wolle, matte jimme wite, mar ik mat nei hûs ta. Ik ha dêr it kistje sjoen. Dêr mat ik by wêze." En hy gong fuort op stap nei de Harkema. De hiele joun en de hiele nacht roan...
nl.verhalenbank.20031
In pod wie in tsjoenster. Tsjoensters leinen in fjûr oan fan stiennen.
nl.verhalenbank.20030
Op 't Langpaed tusken Harkema en Surhuzum wie altyd in lykstaesje. It wie de lykwei foar de Harkema. It wie dêr lang net plús. Elkenien moest dêr foar de lykstaesje wike.
nl.verhalenbank.20029
Us mem wie noch in fanke, doe hie se om boadskippen west en wie op wei nei hûs ta. Doe hat se ûnderweis in lykstaesje sjoen, dêr't se tsjin oproun. Hja is der sa kjel fan woarn, dat sy kom sûnder boadskippen thús. De hynders kommen tsjin har oan. Dat hat foartsjirmerij west.
nl.verhalenbank.20028
Iksels ha Piter-om fan Eastemar (Piter Ophuis) fjirtstjin dagen foar syn dea yn 'e kiste lizzen sjoen. Hy lei op it iene wang, in bytsje oerside.
nl.verhalenbank.20027
Us mem hat sels forteld dat hja Hindrik-om foar syn dea mei de bleate holle yn 'e kiste lizzen sjoen hie, krekt sa't hy der letter yn kom to lizzen.
nl.verhalenbank.20026
Minse van der Wiel hat us op 'e merk foar de swarte spegel stien. Dêr kaem syn takomstich wiif yn to stean. Hy hat har dúdlik sjoen en is ek mei datselde frommes troud. Achterstofoar moest er wer ta de tinte útgean.
nl.verhalenbank.20025
Om kwea-geasten to kearen mat men de hoazzen omstrûpt foar 't bêd lizze.
nl.verhalenbank.28631
Moarns foar achten mat men net sjonge, oars gebeurt der hwat.
nl.verhalenbank.28630