17,628 datasets found
Dutch Keywords: 3 Narrator Gender: male
Op in kear kom ik by de faem wei sahwat om trije ûre hinne yn 'e moarn. Myn faem wenne ûnder Twizelerheide. Doe't ik yn Twizelerheide sels wie, tocht ik: "Hwat is dàt." It wie net tsjuster. Ik seach in lykwein en in hynder mei in kleed en mannen. Ik gong alhiel oan 'e kant fan 'e wei lâns. Ik wie der sahwat in hûslingte fanôf. De mannen droegen de kiste...
nl.verhalenbank.19535
As it bern siik wie, woarde it kessen ûndersocht. Founen se dêr krânsen yn, dan wie 't bern bitsjoend. Dan gongen se nei de duvelbander ta. Dat wie Oene fan Sweagerbosk. Dy joech altyd in drank mei. Dan sei er: "Tink der om dat net ien it drankje sjocht." De krânsen woarden opbrând yn 'e stookpot. Dan moest alles ticht wêze. It bern woarde wer better as...
nl.verhalenbank.27381
Froeger gong it paed wol gauris oer in tsjerkhôf hinne. Der wienen us twa dy woenen ien bang meitsje. Se wisten dat dyselde dêr lâns komme soe. Sy gongen boppe op elkoar stean, elk mei in lekken om, by de muorre op. Doe sei deselde, dy't dêr lâns kom: Ik ha wol us twa boppe op elkoar stean sjoen, mar noait dêr noch in trêdden boppe op. Doe woarde de...
nl.verhalenbank.29294
Wy ha ris mei ús trijen op 'e fyts nei Hinke Kaert west. Dy wenne op Nijebrêge. Ik en myn broer en Jan. Myn broer wie de âldste, dy kom it earst oan 'e beurt. "Hwat binne jo ûngelokkich", sei se tsjin him. "Ja?" sei myn broer. "Ja," sei se, "jou frou falt der soms samar hinne." Dat kloppe. Doe kom ik oan 'e beurt. Ik sei út 'e gek: "'t Sil my binije hwat...
nl.verhalenbank.23381
Guon hienen froeger krânsen yn 'e kessens. Dat wie 't wurk fan 'e tsjoensters. Oan 'e krânsen koe men sjen of de tsjoenster in man wie of in frou. Wie 't in frou, dan wienen de krânsen fan naeijern en stopjern. Wie 't in manspersoan dan wienen de krânsen fan byntjern. (Om de healpounen tabak siet froeger altyd byntjern hinne. Dêr koenen se 't oan sjen.)...
nl.verhalenbank.29479
Der wie in widner, dy hie trije bern. Hy krige forkearing mei in widdou. Hy frege har of se mei him trouwe woe, mar hja seach hwat biswier yn 'e trije bern. "Ja," sei er, "dêr kin ik net fan ôfsjen. Ast míj ha wolst, mast de trije bern ek nimme." Hja sei doe: "Ei nou, dat kin ek net oars, fuort dan mar." Doe kom er wer in kear by har, doe joech se him...
nl.verhalenbank.19625
Haeije Postma fan Surhuzum - in âld man - fortelde ris: Yn Surhuzum wenne in âld-frou. Greate Gelf en syn kammeraten soenen dat âld-minske ris bang meitsje. Sy passearden in paed mei in omstap om 'e hekke. Dêr moest dat âld-minske lâns. Twa fan dy mannen gongen dêr stean, elk mei in great wyt ding om. Doe wie dy âld-frou dêr oan kom. Sy bleau stean en sy...
nl.verhalenbank.27334
Trije jonkjes stienen by in brêge. De brêge wie ôfdraeid, der wie dus in hiel great gat yn 'e wei. It iene jonkje sei: "Us heit springt samar oer dat gat hinne." "Dat bistiet net", seinen de oaren. Mar it jonkje hâldde fol, dat op 't lêst moesten se it wol leauwe. Doe sei it twadde jonkje: "Jimme heit is in hiele baes, mar dan mast ús heit ha. Lêstendeis...
nl.verhalenbank.33828
Der wie in jongfeint, dy sei: "Ik bin noait bang." Doe wienen der twa man, dy tochten: "Wy sille dy ris bang meitsje." Der roan in paed oer 't tsjerkhôf hinne en sy wisten dat hy dêr dy jouns lâns moest. Doe gongen se boven op elkoar stean mei in wyt lekken om har hinne tsjin 'e muorre fan 'e tsjerke oan, dêr't it paed lâns gong. Doe't de jongfeint der...
nl.verhalenbank.27847
By Hepke en Pytsje binne yndertiid trije jonkjes forbrând. 't Wienen Alle, Albert en Ruerd. Pytsje wie krekt even om molke nei âlde Knjillis Fok. Wylst stutsen de bern it hea yn 'e brân. Sy binne alle trije sà yn 't kistje kom, sûnder deaklean. Guon ha dy trije berntsjes letter omrinnen sjoen. Sy koenen de rêst net krije. It hûs stie tichte by de Singel.
nl.verhalenbank.33416
Alde Berend Posthumus hie in wikseldaelder. Hy hie allegear nij spul yn 'e hûs en 't kòe allegear. Hy moest oppasse dat er dy daelder noait hielendal útjoech. As skilde it mar ien sint dan wie 't wol goed. Hy hie dy daelder krigen fan 'e duvel, waerd der sein. Hy hie op in nacht mei in kat yn 'e sek op stap west nei de Haule. Dêr wied er op 't tsjerkhôf...
nl.verhalenbank.20651
Ik haw ek yn Dútslân wurke, yn Glättbeck(?). Ik wie dêr yn 'e kost. Wy wienen mei ús trijen fan kostgongers. Ien fan dy mannen koe mear as in oar. Hy frege my: "Hwa fan dyn neiste famyljeleden dystû kend hast, is it langste dea?" "Myn beppe", sei 'k. "Woest dyn beppe noch wolris sjen?" Ik wist eins net hwat ik dêr op sizze moest. "Dû kinst har komme to...
nl.verhalenbank.27937
De oaijefaer bitellet hier foar it nêst op skuorre of peal. Dat giet altyd troch. It earste jier jowt er in fear. De iene oaijefaer skuort de oare ien fan 'e moaiste fearren út 'e hûd en goait dy del. Yn it twadde jier smite se in aei nei ûnderen. It oare aei wurdt útbret. Yn 't tredde jier mat ien fan 'e jonge oaijefaers it ûntjilde. Dy komt dan mei...
nl.verhalenbank.19373
As jo fyk oan 'e finger ha, dan matte jo de finger yn in levende podde triuwe, krekt sa lang oant de podde dea is. Dan is de sykte oer. In kikkert kin ek. Yn trije dagen is men de fyk kwyt. Men kin de finger ek yn eigen ûntlesting dwaen. Dat die hjir in boerefrou altyd. Dan gong it ek oer.
nl.verhalenbank.27882
In jier of hwat lyn is in sekere Piter Claus - in soan fan Jehannes Claus by it baeijen yn it Fliet fordronken. It Fliet dat is in poeltsje yn 'e Harkema, net sa fier fan 'e Betonwei ôf. Hindrik Jager - de soan fan Sytse Jager - fortelde my letter: dy man is net gewoan forsûpt. Der sit in monster yn it Fliet. Dat monster hat him forsûpt. Dat mûnster hat...
nl.verhalenbank.23825
Ek us doe wie Japik Ingberts yn in tsiispakhûs. Der wienen twa oaren by him. Japik Ingberts wie boven yn 't pakhûs. Dêr wie de tsiis, de oare twa wienen ûnder. Hy joech har de tsizen oer. Doe't der genôch tsizen ûnder wienen, rôp er tige lûd: "Hwat soarte wolle jimme nou ha, wite of reade?" De beide oaren woarden sa binaud, doe't er sa lûd rôp, dat dy...
nl.verhalenbank.20901
Ik hie as jonge altyd it himd achterstofoar oan om net bitsjoend to wurden. En mem warskôge ús: "Tink der om, siz noait trije kear achter elkoar 'ja', ast by in tsjoenster biste, hwant dan hat se dy yn 'e macht."
nl.verhalenbank.27947
As frijmitselders forlet ha fan jild, dan geane se nei in gebou ta. Sy geane troch trije doarren, sa komme se yn 'e fjirde keamer. Dan sizze se: "Ik bin forlegen om jild." En dan wurde se oan sa'n stik jild holpen as se freegje. As se trije kear holpen binne, krije se gjin jild wer. Dan binne se forkocht oan 'e duvel.
nl.verhalenbank.23880
Dy't him oan 'e duvel forkocht, hie noait wer forlet fan sinten. Dyselde moest in swarte kat fange en dêr mei nei 't tsjerkhôf ta gean. Dan moest er trije kear mei dy kat om 't tsjerkhôf hinne rinne. En dan moest er roppe: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" De trêdde kear kom der fansels ien by him. Dat wie de duvel. Dy joech er de kat oer en dêr...
nl.verhalenbank.29349
Myn pake, dat wie âlde Egbert Sint. Dy hie ek in wikseldaelder, dat wie algemien bikend. Hy hie him ek oan 'e duvel forkocht en hy hie noait jildkrapte. Hy hat my wolris forteld hoe't men oan sa'n wikseldaelder komt. Dû mast in swarte kat yn 'e sek dwaen. Dêr mast mei nei 't tsjerkhôf ta. En dan mast trije kear mei dy swarte kat dêr omhinne rinne. En dan...
nl.verhalenbank.28295